Tomke (lêsbefoardering)

Tomke is in lêsbefoarderingsprojekt foar pjutten. Yn 1996 ferskynde it earste Tomke-boekje dat yn in oplage fan 3.000 stiks ferspraat waard ûnder pjutteboartersplakken. Yn dat en yn lettere boekjes belibbet Tomke allerhande aventoeren mei syn hûntsje Romke en mei Kornelia, de kangoeroe (pûdehipper). Alian Akkermans wurdt ek wol 'De mem fan Tomke' neamd, om't sy oan 'e widze stie fan it fleurige pjuttefiguerke Tomke en it mantsje mei grut makke hat. Op 30 septimber 2006 fierde Tomke syn tsiende jierdei yn Stedsskouboarch De Harmony yn Ljouwert.

It mantsje Tomke ferskynt ek yn optochten, hjir yn 2007 yn Ingelum.

Hjoed de dei is om Tomke hinne gâns materiaal te krijen: foarljochtingsfolders, kleurplaten, mouhimden, magneten, fytsflachjes, klompkes en sels meubilêr. Yn 2006 wie de oplaach 18.000. Om 2010 hinne ferskynden de boekjes ek yn in Biltske en Stellingwerfske fariant. Boppedat ferskynde by de iepening fan 'e 'Pontjesbrug' op Kurasau in edysje yn it Papiamintsk. En ûnderwilens is Tomke ek yn 'e Noardfryske dialekten gjin ûnbekende mear.

Fierder stjoerde Omrop Fryslân in telefyzjesearje mei Tomke yn de haadrol út. Sûnt 2007 wie Tomke dêryn as bewegend figuerke te sjen. Tekener fan Tomke wie Luuk Klazenga, de ferhaaltsjes waarden meast skreaun troch Auck Peanstra en Riemkje Pitstra. Oan 'e Tomke-boekjes wurken wikseljend ek oare yllustrators mei.

Om Tomke hinne wurde ek teäterfoarstellings makke. Yn 2007 wie dat Tomke Siket in Pake mei Rients Gratama dy't de pakerol spile. Tomke is ûnderwilens sa pupulêr dat er ek op feestweinen ferskynt. Yn 2006 wie der in gondel oan him wijd by de Aldeboarnster Gondelfeart.

De organisaasje fan it projekt is yn hannen fan 'e Afûk en Bibleteekservice Fryslân, yn gearwurking mei Cedin, de Stichting Frysktalige Berne-opfang en Omrop Fryslân. It projekt is mei mooglik makke troch subsydzje fan 'e Provinsje Fryslân en omtrint alle Fryske gemeenten.

Yn augustus 2018 waard bekend dat de ferhalen fan Tomke-ferhalen tenei yn it Biltsk yn 'e krante de Bildtse Post ferskine soene.[1]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Tomke webside

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Tomke-verhalen vertaald in het Bildts, yn: de Ljouwerter Krante, 30 augustus 2018, s. 31.