Tsjerke fan Niebert
De Tsjerke fan Niebert oan 'e Mûnewei is in tsjerkegebou fan 'e Stifting Alde Grinslânske Tsjerken. De herfoarme gemeente Niebert-Nús makket regelmjittich gebrûk fan de 14e iuwske tsjerke. De gemeente is oansletten by de Protestanske Tsjerke yn Nederlân.
Nieberter tsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Grinslân | |
gemeente | Westerkertier | |
plak | Niebert | |
adres | Mûnewei 90 | |
koördinaten | 53° 9' N 6° 19' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN (Herf. gem.) | |
patroanhillige | ûnbekend | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1385 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 28292 | |
Webside | ||
Side tsjerklike gemeente | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe hjoeddeiske tsjerke ferfong yn it lêste fearn fan 'e 14e iuw in houten tsjerkje. Dat barde yn opdracht fan it Sistersjinzerske kleaster fan Aduard. Ynstee fan in toer hie de tsjerke in klokkestoel, dy't súdlik fan 'e tsjerke stie. Earst yn 'e 18e iuw waard in dakruter op it dak set, dy't yn 1831 nochris fernijd is. Oant yn de Twadde Wrâldkriich hong dêr in klok út 1681 fan Petrus Overney út Ljouwert. De klok waard yn 1943 troch de besetter foardere en nei de oarloch krige de tsjerke in nije klok. De wynhoanne op 'e toer is in replika fan in âldere, dy't yn 2006 stellen waard wylst de dakruter restaurearre waard.
Yn 1831 ûndergyng de tsjerke in ferbouwing, wêrby de goatyske finsters ferfongen waarden troch rûnbôgefinsters. Ien fan dy goatyske finsters bleau oer en is te sjen boppe de tagong yn 'e westlike muorre. Ek yn 'e 19e iuw fûn de bepleistering fan 'e tsjerke plak.
De fundearring fan 'e tsjerke moast fanwegen earnstige fersakkingen yn 'e jierren 1947-1948 fernijd wurde. Ek waard oan 'e boppekant fan 'e muorren in betonring oanbrocht.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe tsjerke fan Niebert is in ienfâldige, letgoatyske sealtsjerke mei in rjocht ôfsletten koer en stiet op in ferhege tsjerkhôf. De bûtenmuorren wurde ferdield troch brede lisenen, dy't op 'e hoeken as steunbearen funksjonearje. Ek yn it midden fan it eastlik koer is in foarse steunbear oanbrocht. Boppe de tagong bleau in goatysk finster bewarre. De oare finsters binne rûnbôgich en letter ynbrocht.
Ynterieur
bewurkje seksjeDe romte wurdt oerkape mei in balkenplafond. De preekstoel mei trep, achterskot en klankboerd stiet oan 'e súdlike muorre en datearret út 1743. Op it klankboerd is de tekst Gij Christus beheerst de Geest en Stem der Geleerden oanbrocht. It 18e iuwske tsjerkemeubilêr is ryklik dekorearre mei fykwurk fan Casper Struiwig, in byldsnijer dy't in soad mei de oargelbouwer Albertus Antoni Hinsz gearwurke. Yn 'e tsjerke steane oan 'e noardlike muorre trije hearebanken, wêrfan't ien oerkape is. Yn in nis rjochts fan 'e preekstoel stiet in byldsje fan in harpspyljende kening David. It is it iennige dat oerbleau fan 'e foargonger fan it hjoeddeiske oargel. De 17e-iuwske sarken yn it middenpaad binne fan 'e Iwema's en Ibema's.
De oargelgalerij stamt út de 18e iuw. In diel fan it fykwurk op 'e oargelgalerij ferhuze by de lêste restauraasje nei de hearebanken. Achter it oargel is in doekskildering.
De trije nissen yn it koer stamme noch út de katolike tiid fan 'e tsjerke. De list om de piskina mei profylstiennen yn it koer waard by de restauraasje fan 1947-1948 rekonstruearre. Yn 'e nis mei reade sânstien der om hinne yn 'e noardlike muorre waard it Hillich Sakramint bewarre.
Yn 'e toer stiet in mechanysk izeren oerwurk.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel is oarspronklik ôfkomstich út de Fermanje fan Sint-Anne en waard yn 1913 troch Bakker & Timmenga út Ljouwert boud. Yn 1941 ferhûze de firma Spanjaard it ynstrumint nei Niebert en it krige dêr in nij front.
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|