Under the Tuscan Sun (film)
Under the Tuscan Sun is in Amerikaansk romantysk komeedzjedrama út 2003 ûnder rezjy fan Audrey Wells, mei yn 'e haadrol Diane Lane. De titel betsjut "Under de Toskaanske Sinne". De film is basearre op 'e autobiografy mei deselde namme fan Frances Mayes. It ferhaal giet oer in koartby skieden Amerikaanske frou, dy't ûnder in fakânsje yn Itaalje ympulsyf in gammele filla yn Toskane keapet, yn 'e hope dat soks ta in ommekear yn har libben liede sil. Under the Tuscan Sun krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, hoewol't der rûnom lof wie foar it aktearjen fan Lane, dy't foar har rol nominearre waard foar in Golden Globe. Yn 'e bioskopen die de film it ridlik, sadat er útgroeide ta in beskieden kommersjeel súkses.
Under the Tuscan Sun | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Audrey Wells | |
produsint | Tom Sternberg Audrey Wells | |
útfierend produsint |
Mark Gill | |
senario | Audrey Wells | |
basearre op | it boek fan Frances Mayes | |
kamerarezjy | Geoffrey Simpson | |
muzyk | Christophe Beck | |
filmstudio | Touchstone Pictures | |
distribúsje | Buena Vista Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Diane Lane | |
byrollen | Sandra Oh Lindsay Duncan Vincent Riotta Raoul Bova Pawel Szajda Giulia Stegerwalt | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 26 septimber 2003 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | romantysk komeedzjedrama | |
taal | Ingelsk (ek wat Italjaansk) | |
spyltiid | 113 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $18 miljoen | |
opbringst | $58,9 miljoen |
Plot
bewurkje seksjeFrances Mayes is in Amerikaanske skriuwster út San Francisco, dy't de lêste jierren gjin boek mear produsearre hat en benammen wurket as resinsinte fan oarmans wurk foar in pleatslike krante. Har skynber perfekte libben wurdt rou fersteurd as in wrokjende skriuwer, waans wurk se ôfrinne litten hat yn ien fan har resinsjes, hat fyntsjes witte lit dat har man har bedraacht. It rint út op in skieding, wêrby't Frances it hûs dat se mei it jild út it beërf fan har mem opknapt hat, ferliest oan har eks-man en syn nije, folle jongere frou, dy't ek nochris yn ferwachting blykt te wêzen. Sels lûkt hja yn in meubilearre appartemint yn in flatgebou dêr't mear lju sitte dy't yn deselde sitewaasje ferkeare as sy.
Teheistere troch leafdesfertriet, it gefoel dat se ferret is troch har eks-man en depressiviteit lit Frances de moedfearren hingje. Har bêste freondinne Patti, in Aziatise dy't lesbysk is, besiket har derby te skuorren. As bliken docht dat Patti en har partner Grace in lytsenien ferwachtsje, en dat it dêrom better is dat Patti foarearst net mei it fleantúch reizget, jouwe se Frances harren reservearring foar in Italjaanske fakânsje yn Toskane. Mei't de reisgroep inkeld út homo's en lesbiënnes bestiet, hoecht Frances net benaud te wêzen dat der oanhâldend manlju efter har oan sitte sille, eat dêr't se noch net ree foar is. Frances liket it idee earst wol nei fleanen, mar nei't se weromkeard is nei har tydlike appartemintsje en beseft dat it begjint oan te fielen as in permanint thús, draait se by.
Yn Toskane bringt de reisgroep in besyk oan it stedsje Cortona, dêr't Frances op eigen manneboet op ferkenning útgiet yn 'e binnenstêd. Hja folget in stylfol klaaide frou mei in grutte hoed op dy't har yntrigearret en sjocht letter yn 'e etalaazje fan in makelderskantoar in plaatsje fan in âlde filla dy't te keap stiet. Deselde frou fan earder sjocht oer har skouder mei en fertelt har dat de namme fan 'e filla, Bramasole, "Sinnelangst" betsjut. Nei't de reisgroep syn wei ferfolge hat, moat de touringcar krekt bûten de stêd hohâlde foar in oerstekkende keppel skiep. As Frances om har hinne sjocht, merkt se op dat se lyk foar de filla Bramasole steane. Hja sjocht dat as in teken en beslút ympulsyf om út te stappen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Yn 'e fertutearze filla ûntdekt se dat de eigneresse, in âlde markizinne, op it punt stiet om it hûs te ferkeapjen. It âldminske kin lykwols mar dreech ôfstân fan har besit dwaan, dat generaasjes lang yn har famylje west hat. Uteinlik wurdt it troud pear dat de filla keapje soe, fuortjage troch har eksintrike hâlden en dragen. Frances rekkenet út hoefolle jild oft sy eventueel foar it hûs betelje kinne soe. Mar de makelder, dhr. Martini, leit út dat it de markizinne mear om in teken fan God te dwaan is as om jild. As Frances har teloarsteld ôfjout, skyt ien fan 'e dowen dy't de filla troch de iepensteande finsters ynkrongen binne, har op 'e holle. De markizinne beskôget dat as it teken dêr't se op wachte, en ferkeapet de filla oan Frances.
Om it hûs opknappe te litten, nimt Frances op oanrikkemandearring fan makelder Martini de Italjaanske oannimmer Nino yn 'e earm, dy't ferskate tsientallen jierren lyn ek noch oan 'e filla wurke hat. Dyselde komt mei in ploech Poalske boufakkers oansetten om it eigentlike sloop- en bouwurk te dwaan. Geandewei de tiid rekket Frances befreone mei de bleue Zbigniew, de âld-literatuerprefester Jerzy en de jonge Pawel. Underwilens komt se ek yn 'e kunde mei har neiste buorlju, Placido en Fiorella Cardinale, dy't in olivehôf besitte. Hja hawwe in tradisjonele, grutte Italjaanske húshâlding, dêr't ek beppe Nona diel fan útmakket. De frou mei de hoed, dy't Frances earder troffen hat yn Cortona, blykt in goekunde fan 'e Cardinales te wêzen. Hja hjit Katherine en is in Britske aktrise dy't as famke fan sechstjin ûntdutsen waard troch de grutte Italjaanske regisseur Federico Felini. No rekket se op jierren, mar se wit noch altyd de skientme en it mystearje fan in filmstjer fêst te hâlden. Katherine wurdt ien fan Frances har bêste freonen.
By in besyk oan in antyksaak yn Rome foar ûnderdielen dy't misse oan 'e kroanluchters yn 'e filla, wurdt Frances in ein hinderlik troch de strjitten folge troch in trijetal wurklju. Se wurdt op 't lêst benaud, sadat se hommels in willekeurige man allinnich dy't in winkel útkomt, om 'e hals fljocht en tutet, om it lykje te litten as hearre se byinoar. Nei't de wurklju har teloarsteld ôfjûn hawwe, ûntskuldiget Frances har foar de frjemde man oer, dy't Marcello blykt te hjitten. Hja reitsje oan 'e praat en hy wit har oer te heljen mei him nei syn wenplak Positano, yn Kampaanje, te gean, dêr't se mei-inoar op bêd reitsje en in hertstochtlike nacht trochbringe.
Frances is derfan oertsjûge dat se har nije grutte leafde fûn hat. Positano leit lykwols op trije oeren riden oan 'e súdkant fan Rome, wylst Cortona likefier benoarden de Italjaanske haadstêd leit. Sy en Marcello wenje dus fier útinoar en der is hieltyd wol wàt dat foarkomt dat se inoar wer sjogge. De earste kear dat se ôfpraten hawwe, moat Frances bygelyks ôftynge jaan om't har freondinne Patti oerkomt út 'e Feriene Steaten en ûnferwachts by har foar de doar stiet. It docht bliken dat har freondinne Grace it mei har útmakke hat, om't se harsels dochs noch net geskikt fynt om no al mem te wurden. Patti, dy't no op alle dagen rint, lûkt by Frances yn. Net folle letter skinkt se it libben oan in lyts famke, dat se Alexandra neamt.
As Marcello in kear delkomt as Frances net thús is, kin Patti har net berikke en set er sûnder wat bedijd te hawwen wer ôf, ta argewaasje fan Frances as se dat oan 'e weet komt. Inkele wiken letter, as se einlings tiid frijmeitsje kin, reizget Frances wer nei Positano ta, dêr't se lykwols ûntdekt dat Marcello ûnderwilens al in nije faam fûn hat. Se is even raar gesteld, mar hy fertelt har dat se nearne spyt fan hawwe moat, om't hy dat ek net hat. Mar in relaasje, as dy foarbestimd is, heart maklik te gean, en by harren wie der altyd wol wat dat in nije moeting behindere. Dat kin Frances net ûntkenne, mar dochs keart se telider slein nei Cortona werom.
Underwilens binne Pawel de boufakker en Chiara, de jongste dochter fan Placido en Fiorella Cardinale, fereale opinoar rekke. Har heit besiket lykwols it near te lizzen op 'e prille relaasje, om't er net wol dat syn dochter mei in earmoedsaaierige bûtenlanner omslacht. De jonge minners behelje Frances yn harren saken as se inoar temûk yn Bramasole begjinne te moetsjen. Uteinlik, as Pawel en Chiara trouwe wolle, giet Frances mei nei Chiara har âldelju om te besykjen en helje harren oer. Wannear't bliken docht dat buorman Placido syn wichtichste beswier tsjin Pawel is dat de jonge gjin famylje hat om him te stypjen, ferklearret Frances dat sý syn famylje is. Net folle letter wurdt de brulloft fan Pawel en Chiara yn 'e tún fan Bramasole fiert.
Martini de makelder bringt Frances ûnder it feest tebinnen dat se moannen lyn ris tsjin him sein hat dat se yn har filla in brulloft hawwe woe en in gesin stiftsje, en wizend op it jonge breidspear en Patti mei har poppe ornearret er dat se krigen hat wat se hawwe woe. Frances jout him gelyk, hoewol't se allebeide witte dat dit net krekt wie hoe't har dat foar eagen stie. As se har eefkes deljout yn in stoel, wurdt Frances oansprutsen troch in Amerikaanske skriuwer dy't as backpacker troch Toskane reizget en heard hie dat de literatuerkritika Frances Mayes hjir wenne. De tekens wize derop dat Frances yn him einlings har wiere leafde fûn hat. Hy stelt him foar as Ed.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Frances Mayes | Diane Lane |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Patti | Sandra Oh |
Katherine | Lindsay Duncan |
Martini | Vincent Riotta |
Marcello | Raoul Bova |
Pawel | Pawel Szajda |
Chiara Cardinale | Giulia Steigerwalt |
Jerzy | Valentine Pelka |
Zbigniew | Saša Vuličević |
Placido Cardinale | Roberto Nobile |
Fiorella Cardinale | Anita Zagaria |
Nona Cardinale | Evelina Gori |
âldman mei blommen | Mario Monicelli |
Grace | Kate Walsh |
Ed | David Sutcliffe |
Frances har abbekaat | Jeffrey Tambor |
Nino | Massimo Sarchielli |
frou Raguzzi | Claudia Gerini |
de markizinne | Laura Pestellini |
aaklike fint | Don McManus |
kollega | Matt Salinger |
skriuwer | Elden Henson |
hierbaas | Jack Kehler |
David de reislieder | Kristoffer Ryan Winters |
Gianni | Nuccio Siano |
Gianni syn dochter | Malva Guicheney |
Rodney | Dan Bucatinsky |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeUnder the Tuscan Sun waard regissearre troch Audrey Wells nei in senario fan harsels op basis fan it autobiografyske boek Under the Tuscan Sun fan skriuwster Frances Mayes. It inisjatyf foar de ferfilming gie út fan filmprodusint Tom Sternberg, dy't it boek lêzen hie doe't it útkaam. Nei't er oant twaris ta by tafel Mayes en har man Ed tsjinkaam, werlies er har boek en besefte er dat it potinsjeel foar in ferfilming hie. Hy en útfierend produsint Mark Gill socht Wells oan om it senario te skriuwen en letter ek om 'e film te regissearjen.
Sternberg en Wells wiene as produsinten by it projekt belutsen foar de filmstudio Touchstone Pictures, in dochterûndernimming fan The Walt Disney Company. Foar de film wie in budget beskikber fan $18 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Geoffrey Simpson, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Christophe Beck. De opnamen fûnen fierhinne plak yn Itaalje, útsein inkele bykommende sênes, dy't opnommen waarden yn San Francisco. Yn Itaalje waard filme yn Cortona, Florâns en Montepulciano (de flaggeswaaikompetysje) yn Toskane, en fierders yn Rome en yn Positano, yn Kampaanje.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Under the Tuscan Sun waard fersoarge troch Buena Vista Pictures, in oare dochterûndernimming fan The Walt Disney Company. De film gie op 26 septimber 2003 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy ûntfong Under the Tuscan Sun mingde resinsjes, hoewol't haadrolspylster Diane Lane foar har aktearjen frijwol rûnom lof taswaaid krige. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times joech de film 3 fan 4 stjerren en omskreau him as "ynnimlike yuppyporno dy't it publyk ferliedt mei in prachtige lytse filla yn Itaalje". Neffens him waard de film rêden troch "it súksesfolle eskapisme en Lane har aktearprestaasje."
Yn 'e krante USA Today neamde Mike Clark Under the Tuscan Sun "in leuke film om út te sjen ek al oertsjûget er net altyd […]. As it lânskip en Lane har sjarme jimme al ier oan 'e heak slane, sille jimme jim wierskynlik wol troch de stream meifiere litte. En de film is ien en al Lane." Yn The New York Times wie Manohla Dargis kritysker doe't hja skreau: "De film beart dat er in idee fan 'you go, girl'-ûnôfhinklikheid útsutelet, dêr't er lykwols yn 'e fierste fiert net yn leaut."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Under the Tuscan Sun in goedkarringspersintaazje fan 62%, basearre op 155 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol't er formulemjittich is en net djip dolt, wurdt [de film] goedmakke troch it libbene optreden fan Lane." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Under the Tuscan Sun in goedkarringspersintaazje fan 52%, basearre op 34 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeOpbringst
bewurkje seksjeUnder the Tuscan Sun brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $43,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $15,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $58,9 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $18 miljoen betsjut dat in winst fan $40,9 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Under the Tuscan Sun in beskieden kommersjeel súkses.
Prizen
bewurkje seksjeDiane Lane waard foar har rol fan Frances Mayes yn Under the Tuscan Sun nominearre foar in Golden Gobe foar bêste aktrese yn in film (komeedzje of musical) en teffens foar in Satellite Award yn deselde kategory. Under the Tuscan Sun as gehiel waard nominearre foar in GLAAD Media Award foar treflike film, omreden fan it posityf yn byld bringen fan homoseksualiteit.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |