Utika (Tuneezje)

(Trochferwiisd fan Utica (Tuneezje))

Utika (Latyn: Utica) wie in âlde Fenisyske en Punyske stêd dy't oan de mûning fan de rivier de Medjerda yn de Middellânske See lei, tusken Kartago yn it suden en Hippo Diarrhytus (hjoed-de-de Bizerte) yn it noarden. It wie de earste Fenisyske koloanje yn Noard-Afrika[1]. Nei de fal fan Kartago yn 146 f.Kr. troch de Romeinen yn de Punyske oarloggen waard Utika in wichtige Romeinske koloanje foar sân iuwen lang.

Ruïnen fan Utika
Ruïnen fan Utika

Hjoed-de-dei binne der allinnich noch ruïnen oer fan Utika en dy lizze yn it hjoeddeistige gûvernemint Bizerte yn Tuneezje en 37 km benoarden de Tunezyske haadstêd Tunis. Oarspronklik lei Utika oan see, mar troch eroazje, dat feroarsake waard troch ûntboskjen en de lânbou, yn de omkriten en it tichtslykjen fan de oarspronklike mûning leit Utika no sa'n 15 km it lân yn[2].

Utika (Klassyk Latyn: [ˈʊ.t̪ɪ.ka]) is net in gewoane latinisearring fan de Punyske namme ʿtq (𐤏𐤕𐤒‬) of ʿtg (𐤏𐤕𐤂‬). Dy komme wer fan it Fenisyske ˁAtiq (ʿtq), besibbe oan it Arabysk ˁatiqah (عَتِيقَة) en it Hebriuwske ˁatiq (עתיק). Dy betsjutte allegear "âld" ta tsjinstelling fan de lettere koloanje Kartago, dat "nije stêd" betsjut. De latinisearring mei de letter "U" wie net gewoan om't dy letter gauris de letter "W" oantsjutte. Dy letter wie ornaris de oersetting fan de Punyske letter   (waw)[3].

De Griken neamden it Ἰτύκη[4].

 
Punyske tombe
 
Ruïnen fan Utika
 
Pylders fan Utika
 
Fontein yn de foarm fan in skyldpod

Fenisyske koloanje

bewurkje seksje

It is net alhiel wis wanear't Utika stifte waard. Skriuwers fan de Klassike Aldheid oppenearren dat de stifting om 1100 f.Kr. hinne wie, mar archeologysk ûndersyk liet lykwols sjen dat de stifting net earder as de achtste iuw f.Kr. wêze koe.

Utika waard stifte as in koloanje op de westlike hannelsrûte fan Fenysje nei de Strjitte fan Gibraltar en de Atlantyske Oseaan. It lei oan de wichtige hannelsdyk fan Kartago nei Hippo Diarrhytus, it hjoeddeistige Bizerte en waard de wichtichste Fenisyske hannelstêd yn it westlike Middellânske Seegebiet. It plak brûkte de noardeastlik lizzende rotskaap Rusucmona op de Kaap Farina as syn haven[5]. De heuvels súdwestlik fan Utika befetten sulver en dy waarden nei alle gedachten troch de Fenysjers brûkt. Yn de sechde iuw f.Kr. waard it 40 km súdlik lizzende Kartago hieltyd machtiger en waard stadichoan Utika oermânsk. De westlike Fenisyske koloanjes en hannelsposten waarden troch Kartago oernommen en dy stêd stifte sels ek in stikmannich koloanjes. Alle Fenisyske koloanjes, útsein Utika, moasten harren muooren ôfbrekke en harren legers ûntbine. Ek moasten de stêden jild en troepen oan Kartago leverje.

Under Kartago

bewurkje seksje

Utika koe oant 540 f.Kr. syn selsstannigens hâlde, mar kaam lang om let yn de fjirde iuw f.Kr. ûnder Kartaachske kontrôle[6]. It koe as in bûnsmaat fan Kartago lykwols in soad autonomy hâlde. Yn 310 f.Kr. waard Utika ynnommen troch Agatokles fan Syracuse yn de kriich tusken Syracuse en Kartago[7]. Utika bleau in bûnsmaat fan Kartago yn de Earste Punyske Oarloch, mar yn de Hierlingekriich fan 240-238 f.Kr. sleat Utica him, lykas Hippo Diarrhytus, oan by de opstannelingen ûnder lieding fan Mathô en waarden Kartaachske soldaten yn de stêd fermoarde[8]. De Kartaachske generaal Hamilkar Barkas fersloech it opstannige hierlingeleger yn 238 f.Kr. by Leptis Parva. De stêden Utika en Hippo Diarrhytus waarden dêrnei nei in koarte belegering ynnommen.

Yn de Tredde Punyske Oarloch keas Utika de kant fan de Romeinen. Nei de ferwoastging fan Kartago troch Skipio Aemilianus krige Utika it gebiet fan Kartago oant Hippo Regius, it hjoeddeistige Annaba yn Algerije[9]. Utika waard de haadstêd fan de nije Romeinske provinsje Afrika en woeks út ta in bloeiende provinsjestêd mei in Romeinsk garnizoen

Nei't Julius Caesar de slach by Thapsus yn 46 f.Kr. wûn hie yn de Romeinske boargerkriich, flechten Titus Labienus en Metellus Skipio nei Utika, dêr't se troch Kato de Jongere holpen waarden om te flechtsjen. Kato, dy't net mei de slach mei die, mar wol tsjin Caesar wie, bleau yn Utika, mar die himsels tekoart dêre, om't er net ûnder Caesar syn hearskippij libje woe. Troch de help dy't Utika oan de tsjinstanners fan Caesar joech, bestraffe er de stêd, mar waard lykwols net ferwoastge.

Yn 36 f.Kr. waard Utika in munisipium, dêr't de bewenners it Romeinske boargerrjocht krigen[10]. Dêrtroch krigen de boargers hast deselde rjochten en plichten as de Italyske stêden, útsein it stimrjocht. Under it bestjoer fan keizer Augustus waard Kartago de haadstêd fan Afrika, mar Utika bleau noch in lange tiid de grutste en wichtichste stêd fan Romeinsk Afrika. Yn de twadde iuw n.Kr. waarden der in stikmannich grutte bouwurken boud, lykas in amfiteäter, in hippodroom, in iepenloftteäter, in oerdutsen teäter, in timpel en termen. Om 200 n.Kr. hinne waard Utika ûnder de yn Afrika berne keizer Septimius Sevearus in colonia mei de namme Colonia Iulia Aelia Hadriana Augusta[11].

Op 24 augustus 258 waarden 300 kristenen fan Utika nei Kartago brocht, dêr't se de kar krigen Jupiter te earjen of yn in baarnende kalkûne smiten te wurden. De kristenen wifelen net en sprongen de ûne yn dêr't se ta wite jiske ferbaarnd waarden. Yn it oersicht fan de erkende hilligen, it Martyrologium Romanum, waarden se de Massa Candida (wite mannichte) neamd[12]. Yn Kartago waard letter in basilika boud dy't oan harren wijd waard[13].

De stêd en it gebiet beëasten de Fossata Africae wie fan it begjin fan de tredde iuw ôf folslein romanisearre. Yn de fjirde en fyfde iuw spruts de befolking fan Utika Latyn en hongen it kristlike leauwe oan[14]. Utika waard it sit fan in bisdom en wie ien fan de wichtichste bisdommen yn Romeinsk Afrika[15]. It plak stiet op de Peutinger kaart fan dy tiid.

Nettsjinsteande it tichtslykjen fan de haven yn de tredde iuw, wie Utika foar in lange tiid noch in wichtige stêd, ek nei't er yn 439 ûnder it bestjoer fan it Fandaalske Ryk kaam. Doe't de Byzantynske generaal Belisarius yn 533 yn de Fandaalske Oarloch Kartago oermastere, kaam gâns it Fandaalske gebiet ûnder it bestjoer fan it Byzantynske Ryk. Om 700 hinne waard Noard-Afrika troch de Arabieren bemastere en de measte havenstêden waarden ferwoastge, wêrûnder Utika yn 698. De stêd waard dêrnei net wer opboud.

 
Kaart fan Utika út 1862

Yn de rin fan de iuwen troch de ôfsette slyk fan de rivier de Medjerda kaam Utika ûnder in fiif meter grouwe modderlaach te lizzen[16]. De earste opgravings fûnen plak yn de njoggentjinde iuw en benammen tusken 1948 en 1958 fûnen de grutste opgravings plak[17]. In grut Punysk begraafplak komt fan de sechde iuw f.Kr.[18] It grutste part fan de stêd leit noch hieltyd bedobbe ûnder it sân, en de haven en de ûnderstêd lizze hjoed-de-dei ûnder wetter. Utika waard iuwenlang as stiengat brûkt, dêr't der troch net folle oerbliuwsels mear fan oer binne. Fan de muorren, teäters, timpels, termen en it foarum is hast neat mear te sjen. In Romeinsk huzeblok (insula) is opgroeven en dêryn lizze guon fan de âldste mozaïken fan Romeinsk Afrika. It lytse museum by Utika hat in samling Punyske en Romeinske foarwerpen, lykas diggelguod, byldsjes, munten, sieraden, stêlen, in âlde houten Punyske koffer en in grut maritym mozayk.

Ferneamde ynwenners

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Moscati, Sabatino. The World of the Phoenicians. New York: Frederick A. Praeger, Publishers, 1968.
  2. Utika (Utique) Tunisia. The Princeton Encyclopedia of Classical Sites. Stillwell, Richard, Macdonald, William L. and McAllister, Marian Holland. Princeton, NJ: Princeton University Press, 1976. 5 May 2007.
  3. Ghaki, Mansour (2015),Toponymie et Onomastique Libyques: L'Apport de l'Écriture Punique/Néopunique (PDF), La Lingua nella Vita e la Vita della Lingua: Itinerari e Percorsi degli Studi Berberi, Studi Africanistici: Quaderni di Studi Berberi e Libico-Berberi, No. 4, Naples: Unior, pp. 65–71, ISBN 978-88-6719-125-3, ISSN 2283-5636
  4. Polybius, Histories, §14.10.6
  5. George Rawlinson - History of Phoenicia
  6. Polybios - Historiën, 3.24 (Ingelske oersetting)
  7. Encyclopaedia Britannica 11th edition - Utica, Africa
  8. Polybios - Historiën, 1.82 (Ingelske oersetting)
  9. Appianus - Punica (Kartaachske oarloggen), 135 (Ingelske oersetting) bij Livius.org
  10. Cassius Dio - Romeinske skiednis XLIX: 16 (Ingelske oersetting)
  11. Corpus Inscriptionum Latinarum (CIL) VIII 01181
  12. Catholic Encyclopedia - Massa Candida
  13. Paul Monceaux - Histoire littéraire de l'Afrique Chrétienne II, 141-147
  14. Mommsen, Theodore. The Provinces of the Roman Empire. section: Africa
  15. Dioceses Uticiensis
  16. PlanetWare - Utica, Tunisia
  17. PlanetWare - Utica Excavations
  18. PlanetWare - Utica Punic Cemetery
  19. Athenaeus, Deipnosophists, §14.59