Walfridustsjerke (Bedum)
De Walfridustsjerke is in fan oarsprong romaank tsjerkegebou fan de Herfoarme gemeente yn Bedum yn 'e provinsje Grinslân. It âldste diel fan 'e tsjerke datearret fan 'e 12e iuw. De tsjerke waard as beafeartstsjerke foar de hillige Walfridus boud, dy't yn Bedum libbe en troch Wytsings fermoarde wie. De biskop fan Múnster wijde de tsjerke ynearsten ek oan Marije en Paulus, mar al gau waard Walfridus de iennige patroanhillige fan 'e tsjerke.
Walfridustsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Grinslân | |
gemeente | It Hegelân | |
plak | Bedum | |
adres | Plantsoen 2 | |
koördinaten | 53° 18' N 6° 36' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN (Herf. gemeente) | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 12e iuw | |
boustyl | Romaanske en goatyske arsjitektuer | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 8728 | |
Webside | ||
Side herfoarme gemeente, Bedum | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeFoargongers
bewurkje seksjeOm it jier 1000 hinne waarden by in ynfal fan Wytsings Walfridus en syn soan Radfridus fermoarde. Walfridus wie in man fan oansjen en makke noardeastlik fan it doedestiidske doarp Grins in soad lân oan, mar wie fral ek in fûle Kristen. Op de weromreis fan harren plonderings setten de Wytsings Walfridus finzen en fermoarden him by harren skippen. De famylje fan Walfridus kochten syn lichem tsjin losjild fan de Wytsings werom en begroeven him thús yn it keamerke dêr't er altiten bidde. Wat letter fûnen hja by syn hûs ek it lyk fan Walfridus syn soan Radfridus en begroeven him by syn hûs. Nei in pear generaasjes waarden oer de grêven ynearsten houten kapellen boud.
It grêf waard in populêr beafeartsplak foar pylgers, sadat de kapel yn de 11e iuw ferfongen waard troch in romaanske tsjerke fan dowestien. Hoe't de tsjerke der út sjoen hat is net fêst te stellen. Yn 'e 12e iuw folge de bou fan in grutte, noch jimmeroan romaanske útwreiding. Dy tsjerke, in trijeskippige krústsjerke mei in eastlike apsis, hie in fûnemint fan fjildstiennen en in westwurk besteande út in toer en sydfleugels mei op eltse side twa tagongen nei de toer. Tusken 1225 en 1250 waard de tsjerke op 'e nij ferboud. Yn dy tiid ferfong bakstien al de dowestien. De tsjerke krige in rjochthoekich koer yn in nei alle gedachten romanogoatyske styl, dat wat langer wie as de oarspronklike apsis. Wat letter waard it koer trijeskippich.
Letgoatyske tsjerke
bewurkje seksjeDe pylgers brochten in soad ynkomsten en yn e rin fan 'e 15e iuw waard in begjin makke oan de bou fan in trijskippige krústsjerke fan stedske diminsjes. Wylst der oan in letgoatysk, fiifsidich heechkoer mei omgong wurke waard, leine de Gelderske troepen fan Meindert fan Ham doarp en tsjerke yn 'e jiske. Yn 'e rin fan 'e 16e iuw feroaren de bouplannen en krige de tsjerke it karakter fan in twaskippige halletsjerke, wylst it súdlike skip yn letgoatyske styl ferboud waard. In slútstien mei it jiertal 1564, dy't oant 1802 yn it suderportaal ynmitsele siet en tsjintwurdich yn de pastory, soe wize op de foltôging fan it wurk. Om't yn 'e westlike gevel in goatysk finster sitten hat, moat oannommen wurde dat de oanbousels as ûnderdiel fan it westwurk njonken de toer yn dy tiid al net mear bestiene.
De tsjerke wie wat ôfmjittings oanbelanget yn Grinslân dy tiid allinne te ferlykjen mei de Der AA-tsjerke en Martenstsjerke yn Grins en de (net mear besteande) Krústsjerke fan Midwolda.
Reformaasje
bewurkje seksjeNei de reformaasje wie it dien mei de beafeart en de tsjerke wie foar it doarp allinne fierstente grut. Wat der folge wie in lange tiid fan ferwaarleazing en fertutearzing. It koer, dat nei alle gedachten nea hielendal foltoge waard, ferfoel ta in ruïne. Op in nachtmielskaal fan 1699 is de ruïne te sjen, mar yn dy tiid wie der fan it hiele koer neat mear oer. De tsjerke waard jimmeroan minder brûkt en it noarderskip waard ferlege. Fan in twadde beafeartstsjerke likernôch 300 meter westlik fan de Walfridustsjerke, dy't wijd wie oan Radfridus, de soan fan Walfridus dy't mei syn heit fermoarde waard troch de wytsings, bleau hielendal neat oer. De spitsbôge, dy't earder tagong joech ta it koer, waard tichtmitsele. Sûnt de reformaasje oant de 19e iuw is der net in soad oer de tsjerkeskiednis bekend.
Ofbraakplannen
bewurkje seksjeYn 'e 19e iuw wie de toer brekfallich woarn en yn 1849 stoarte it eastlike ferwulft fan it suderskip yn. In pear jier letter wie de tsjerke sa brekfallich, dat it net mear ferantwurdik wie om tsjinsten te hâlden. Der folge striid tusken foar- en tsjinstanners om de hiele tsjerke ôf te brekken en yn 1859 sette de tsjerkeried in advertinsje yn 'e provinsjale krante, wêryn de tsjerke foar ôfbraak oanbean waard, mar der waard te leech op ynskreaun en sadwaande waar besletten om dochs mar te renovearjen. By de provisoaryske renovaasje waarden de midsiuwske ferwulften mei harren steunbearen útbrutsen en hast it hiele ynterieur waard ferfongen. De noarderbeuk waard yn dy tiid net mear brûkt as tsjerke en die tsjinst as û.o. opslach en hospitaal.
Restauraasje
bewurkje seksjeYn 'e jierren 1950 waard it ynterieur fan 'e tsjerke opkreaze, mar in echte restauraasje wie it net en by it opknappen gyngen op 'e nij karakteristike eleminten ferlern. By argeologysk ûndersyk yn 'e jierren 1980 waarden efter de tsjerke de fûneminten fan it heechkoer werom fûn. In grutte restauraasje folge lang om let yn 'e earste helte fan 'e jierren 1990. Doe waard der ek argeologysk ûndersyk yn 'e tsjerke ferjochte. Fan it âlde ynterieur bleaune allinne in pear grêfsarken út 1598 en 1602 bewarre. De tsjerke krige in nije flier en nije banken yn in oare opstelling.
Yn it Catharijneconvent yn Utert wurde noch in 15e-iuwske Madonna en in byld fan Sint-Jan de Evangelist fan 'e Walfridustsjerke bewarre. It Grinzer Museum besit noch in út de tsjerke ôfkomstige konsole fan sânstien mei in frou yn midsiuwske klean.
Toer
bewurkje seksjeOarspronklik hat de toer ûnderdiel west fan in tsjintwurdich weibrutsen westwurk. Yn 1911 waard by swier waard de spits fan 'e tsjerke rekke, dy't dêrnei hielendal útbaarnde. It dak fan 'e toer wie tsien jier letter noch net tichtmakke, sadat it binnenrinnende wetter foar noch mear skea soarge. Oan it fersakjen fan 'e tsjerketoer waard yn de jierren 1940 in ein makke troch it oanbringen fan in betonkonstruksje ûnder de toer, mar it duorre noch oant de jierren 1950 duorje ear't de toer hersteld waard. De âlde hege, smelle spits kaam net werom en ynstee dêrfan krige de toer op grûn fan spoaren fan âldere konstruksjes in rombyske ôfsluting. De toer datearret út de 11e iuw en fertsjintwurdiget de romaanske styl. De toer hinget oer nei de westlike kant en is op dy fan Miedum nei de skeefste toer fan Nederlân.
Oargel
bewurkje seksjeIt Lohman-oargel fan de Herfoarme tsjerke fan Bedum datearre fan 1805 en waard yn 1927 ferfongen troch in nij oargel an Hendrik Vegter. It âlde Lohman-oargel waard ferkocht oan 'e grifformearde tsjerke fan Roan, dêr't it oargel yn de jierrren 1960 ferfongen waard troch in nij oargel fan Pels en Van Leeuwen.[1] It oargel yn Bedum is it earste en iennige oargel fan Vegter. Vegter wie boeresoan en die ûnderfining op by Eertman yn Noardwâld (Grinslân) en Dekker yn Goes. Doe't er werom kaam yn Grinslân boude er it oargel yn Bedum. De oargelbylden binne net bewarre blean.
It oargel waard healwei de jierren 1970 restaurearre troch Pels & Van Leeuwen. By dy restauraasje makke Pels & Van Leeuwen in nije klaviatuer en in frij pedaal mei registers fan in oar oargel. Ek oare registers waarden ferfongen en de âlde swelkast waard ferwidere. De disposysje waard yn 1993 nochris feroare.[2]
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|