De Kûfurd: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fan nl:
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 17 nov 2007 om 12.34

De Kûfurd is in mar op de grins fan de de gemeentes Wymbritseradiel en Skarsterlân.

It is in langhalich mar. De mar is neamd nei de streek de Kûfurd wêr't ek it buorskip Koufurderrige yn leit. In furde is in plak wêr't boeren harren kij troch in wâd drifken. Boeren fan de eastkant fan De Kûfurd, út Diken, drifken simmerdeis harren fee troch de mar nei de greiden oan de oare kant. Troch De Kûfurd rint in sânopdûking, sawat fan Langwar nei Lippenwâlde, dy't de ûndjippe mar goed troch te wâdzjen makket. Toponimen lykas 'Sângeast' en 'Sânsleat' ferwize ek nei nei dizze sânopdûking. Nei Lippenwâlde rint de opdûking troch nei Osingahuzen en Aldegea nei Sânfurd.

Oan de mar lizze gjin doarpen, dêrtroch is it fan minder grut belang foar de wettersport as bygelyks de Hegemer Mar en de Sleattemer Mar. De mar wurdt lykwols drok befearn, it Prinses Margrietkanaal rint der nammentlik trochhinne. Fierders hat de mar goede ferbinings mei oare marren:

Bûten it soal is de mar op in soad plakken te ûndjip foar de measte boaten.