Habtamu de Hoop, troch syn freonen 'Hab' of 'Happy' neamd, (Addis Abeba, 16 april 1998)[1] is in Frysk politikus en presintator. Yn 2017 waard er it jongste gemeenteriedslid fan Súdwest-Fryslân. Yn 2018 naam er dêrnjonken in baan oan as presintator fan it tillefyzjeprogramma Het Klokhuis.

Habtamu de Hoop
politikus
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 16 april 1998
berteplak Addis Abeba (Etioopje)
etnisiteit Frysk
partij PvdA
gemeenteriedslid fan Súdwest-Fryslân
amtsperioade 20172022

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en komôf bewurkje seksje

Habtamu de Hoop waard yn 1998 berne yn Addis Abeba, de haadstêd fan Etioopje, dêr't er troch syn biologyske âlden sûnder fierdere gegevens te fûnling lein waard by in kafee.[2] Hy waard fûn troch in pear plysjes, dy't him by in weeshûs brochten.[1] Doe't er acht moannen âld wie, waard er oannommen troch syn wiere, Fryske, âlden,[1][3] Emke en Tineke de Hoop.[1] Syn foarnamme, dy't him jûn waard yn it weeshûs dêr't er telâne kaam, betsjut yn it Amhaarsk (de offisjele taal fan Etioopje): "Ryk oan Libben",[4] en is yn Etioopje in hiel gongbere namme.[1] De Hoop wit net wannear't er berne is, mar hy fiert syn jierdei op 16 april.[1] Hy hat in jongere broer, Solomon, dy't ek út Etioopje wei oannommen is.[1] Hy groeide op yn it Greidhoekster doarp Wommels, dêr't er Frysktalich grutbrocht waard. De Hoop trochrûn de middelbere skoalle oan 'e RSG Magister Alvinus, yn Snits.[1][5]

De Hoop is tige sportyf,[1] en wie yn syn jonkheid de stjerspiler fan fuotbalklub SDS, út Easterein. Yn 2016 hie De Hoop, dy't ek in fanatyk keatser is, de haadrol yn it Omrop Fryslân-tillefyzjeprogramma Keatsen foar Dummies. Letter wurke er mei oan in oar Omrop Fryslân-programma, The Battle,[6][7] en fierders wied er ek te sjen yn it VARA-programma Op Weg naar het Lagerhuis.[8] Ek De Hoop syn politike belutsenens oppenearre him al betiid. Sa died er as tiner mei oan it Frysk Jeugdparlemint, wêrby't de jongerein yn it Provinsjehûs fan Fryslân gearkomt om sabeare de provinsje te bestjoeren.[9]

Karriêre bewurkje seksje

Nei't De Hoop yn 2017 syn HAVO-diploma helle, sette er útein mei in oplieding sjoernalistyk oan 'e Hegeskoalle Windesheim yn Swol. By de ferkiezings dy't yn novimber 2017 holden waarden yn 'e gemeente Súdwest-Fryslân (om't Súdwest der in stik fan it âlde Littenseradiel, ynkl. Wommels, bykrige), kaam De Hoop op 'e kieslist fan 'e PvdA te stean. Doe't er in sit yn 'e gemeenterie wûn, wied er mei syn 19 jier it jongste riedslid fan Súdwest-Fryslân.[10][11] Underwilens sollisitearre De Hoop ek nei de baan fan nije presintator fan it NTR-programma Het Klokhuis, by de NPO. Dêrby wied er ien fan 'e 1.440 gadingmakkers.[12] Doe't er hearde dat er troch de seleksje hinne kommen wie, briek er yn april 2018 syn stúdzje ôf.[13][14] Fan oktober 2018 ôf is De Hoop njonken syn riedswurk twa dagen yn 'e wike warber foar de NPO.[15]
Simmer 2019 gie De Hoop by it Het Klokhuis wei. Letter wie er noch belutsen by de jeugdtinktank Coalitie-Y nei in oprop fan premier Mark Rutte oan de jongerein om belutsen te wêzen by it belied oangeande de koroanapandemy.[16]

Yn 2021 waard De Hoop as njoggende op de kandidatelist fan de Partij fan de Arbeid mei 10.092 stimmen yn de Twadde Keamer keazen. Hy waard sadwaande de jongste politikus yn de nije Keamer en it op twa nei jongste keamerlid út de Nederlânske parlemintêre skiednis. De Hoop syn portefuljes binne ûnderwiis, media, ynfrastruktuer en wettersteat.

Hy tsjinne yn oktober 2021 in wetsfoarstel yn om kêst 23 fan de Nederlânske Grûnwet, dêr't de frijheid fan ûnderwiis yn garandearre wurdt, oan te passen sadat skoallen gjin learlingen wegerje meie, kânsegelikens befoardere wurdt en skoallen de wearden fan de demokratyske rjochtssteat folgje moatte. De Hoop hie it foarstel oernaam fan partijlieder Lodewijk Asscher om in ein te meitsjen oan de wegering fan minsken op basis fan harren oertsjûgingen en oan fijannige omjouwingen foar lhbt-learlingen. [ 24 ] Dêrneist sette er him yn foar de bou fan de Lelyline, in foarstelde spoarline tusken Lelystêd en Grins om de noardlike provinsjes better mei de rest fan it lân te ferbinen, mar in moasje fan De Hoop helle gjin mearderheid yn de ûnderhannelingen foar it regearakkoart. Yn 2022 pleite er derfoar om iepenbier ferfier in basisrjocht te meitsjen. Doe 't buslinen yn it lân mei sluting bedrige waarden oan de ein fan de koronapandemy, wiisde De Hoop op de wichtige funksje fan dy linen yn lanlike gebieten en de ôfhinklikheid fan guon minsken derfan.

Hy wie de listtriuwer fan de PvdA yn Súdwest-Fryslân by de gemeenteriedsferkiezingen fan 2022.

Ier yn 2023 presintearre er mei GrienLinks in plan om it iepenbier ferfier betelberder te meitsjen. Se stelden út om te eksperimintearjen mei fergees iepenbier ferfier foar minsken mei in leech ynkommen en om resinte priisferhegingen fan tickets werom te draaien. De € 400 miljoen dy 't foar dy lêste maatregel nedich wie soe ophelle wurde troch in ferheging fan de fermogensrendemintsheffing en de fennoatskipsbelesting. [17]

Kommisjes bewurkje seksje

De Hoop is lid fan de neifolgjende kommisjes yn de Twadde Keamer:[18]

  • Fêste kommisje foar Finânsjes
  • Fêste kommisje foar Ynfrastruktuer en Wettersteat
  • Fêste kommisje foar Underwiis, Kultuer en Wittenskip
  • Fêste kommisje foar Bûtenlânske Hannel en Untwikkelingsgearwurking (plakferfangend)
  • Fêste kommisje foar Bûtenlânske Saken (plakferfangend)
  • Fêste kommisje foar Definsje (plakferfangend)
  • Fêste kommisje foar Europeeske Saken (plakferfangend)
  • Fêste kommisje foar Keninkryksrelaasjes (plakferfangend)

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: