Lietuvos Respublika
Flagge fan Litouwen Wapen fan Litouwen
Flagge Wapen
Lokaasje fan Litouwen
Offisjele taal Litousk
Haadstêd Vilnjûs
Steatsfoarm Parlemintêre republyk
Gebiet
% wetter
65.200 km²
-­%
Ynwenners (2011) 3.218.064
Munt Euro (EUR)
Tiidsône UTC +2
Nasjonale feestdei 16 febrewaris
Lânkoade LTU
Ynternet .lt
Tillefoan 370

Litouwen (Litouwsk: Lietuva) is in lân op it Baltikum yn Noardeast Jeropa. De haadstêd is Vilnjûs en de presidint fan de republyk is sûnt 2009 Dalia Grybauskaitė. It is it grutste en súdlikste fan de trije Baltyske lannen.

Geografy bewurkje seksje

Lizzing bewurkje seksje

Litouwen wurdt begrinzge troch:

Neffens guon geografen leit it sintrum fan Jeropa yn Litouwen, in pear kilometer noardlik fan Vilnjûs.

Lânskip bewurkje seksje

Litouwen is frij flak, mei útsûndering fan morenen yn it easten en westen. It heechste punt is de Juozapines mei in hichte fan 292 meter, yn it Heechlân fan Medininkai.

 
Kaart fan Litouwen
boarne: The World Factbook CIA

Litouwen hat 99 kilometer kust, wêrfan 38 kilometer oan de Baltyske Golf. De wichtichste haven fan Litouwen is Klaipeda, oan de mûning fan it Koerske Haf, dêr't ek de grutste rivier fan Litouwen, de Neman, yn útkomt. Yn it flakke lân lizze ek in protte marren. De grutste mar is de Kauno Mar.

Skiednis bewurkje seksje

De skiednis fan Litouwen falt noch net lang gear mei dy fan de oare Baltyske lannen. Oars as Letlân en Estlân, wie Litouwen ea in machtich lân, dat oan de Swarte See ta rûn. Yn de 20ste iuw stie it foar it grutstepart ûnder de hegemony fan Ruslân en de Sowjetuny, dêr't Litouwen him, as de earste fan de Baltyske Steaten, op 11 maart 1990, frij fan makke. Sûnt 1 maaie 2004 is Litouwen in part fan de Jeropeeske Uny.

Polityk bewurkje seksje

Bestjoer bewurkje seksje

It parlemint fan Litouwen, de Seimas, hat ien keamer, mei 141 leden, dy't foar in perioade fan fjouwer jier keazen wurde, mei in mingd ledesysteem: der wurde 71 keazen troch in systeem foar direkte fertsjintwurdiging en 70 troch in systeem foar proporsjonele fertsjintwurdiging. Premier is sûnt 4 july 2001 Algirdas Brazauskas.

Bestjoerlik is Litouwen opdield yn tsien provinsjes.

Gearwurking bewurkje seksje

It lân is sûnt 1991 lid fan de Feriene Naasjes, sûnt 1993 fan de Rie fan Jeropa en sûnt 2004 fan de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje. Litouwen hat him op 1 maaie 2004 oansletten by de Jeropeeske Uny, mar it docht net mei oan de monetêre uny.

Demografy bewurkje seksje

Litouwen hat yn 2011 3.218.064 ynwenners. 84,6 persint fan de minsken binne etnyske Litouwers dy't it Litouwsk, de offisjele taal fan it lân, yn 'e macht hawwe. De twa grutste minderheden yn Litouwen binne de Poalen (6,3%) en de Russen (5,1%).

Der binne fiif stêden mei mear as 100.000 ynwenners:

Ekonomy bewurkje seksje

BYP de persoan is $ 16.800 (2007). Gearstalling fan BYP de sektor is: 5,3% lânbou, 33,3% yndustry en 61,4% tsjinsten.

Militêr bewurkje seksje

Struktuer

De Litouske definsje hat in lânmacht, loftmacht, marine en in folksmilysje.

Mankrêft

Yn 2008 wienen der 915.187 Litouske mannen fan tusken de 16-49 jier.
Dêrfan waarden 678.434 goedkard foar militêre tsjinst.
Dy groep wurdt alle jierren oanfolle mei manlju dy't sechtjin jier wurde; yn 2008 wienen dat 25.907.

Budzjet

Militêr budzjet $ 231 miljoen (2001).
Persintaazje fan it BYP 1,9% (2001).

Transport bewurkje seksje

Wichtichste haven is Klaipeda. Vilnius en Kaunas hawwe ynternasjonale fleanfjilden. De wichtichste autodiken binne de Vilnius-Kaunas-Klaipeda, Vilnius-Panevėžys en de E 67 "Via Baltica" fan Warsjau oer Kaunas en Riga nei Tallin. De maksimumfaasje op de autodyk is 110 of 130 km/h.

Litouwen hat (2006):
70.997 km ferhurde dyk.
1.771 km spoardyk.
441 km farwetter.

 
Jeropeeske Uny
 
Lidsteaten: BelgjeBulgarijeDenemarkDútslânEastenrykEstlânFinlânFrankrykGrikelânHongarijeIerlânItaaljeKroaasjeLetlânLitouwenLúksemboarchMaltaNederlânPoalenPortegalRoemeenjeSyprusSloveenjeSlowakijeSpanjeSwedenTsjechje
Ultraperifeare regio's: Frankryk: Frânsk-GuyanaGuadelûpMartinykMajotRéunionSint-Marten
Portegal: AzoarenMadearaSpanje: Kanaryske Eilannen
Kandidaat-lidsteaten: AlbaanjeNoard-MasedoanjeMontenegroServjeTurkije