Wytsturtiikhoarntsje

(Trochferwiisd fan Wytsturtiikhoarntsjes)

It wytsturtiikhoarntsje (Latynske namme: Sciurus aberti) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en it skaai fan 'e beamiikhoarntsjes (Sciurus), wêrbinnen oft it it monotypyske (út ien soarte besteande) ûnderskaai fan 'e wytsturtiikhoarntsjes (Otosciurus) foarmet. It wytsturtiikhoarntsje komt foar yn 'e Feriene Steaten en Meksiko, en waard foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Amerikaanske soölooch Samuel Washington Woodhouse, yn 1853. De wittenskiplike namme Sciurus aberti ferwiist nei kolonel John James Abert, in Amerikaanske biolooch en militêr, dy't yn 'e njoggentjinde iuw oan it haad stie fan it topografyske korps fan it Amerikaanske Korps Sjeny, dat de opdracht hie om it Wylde Westen yn kaart te bringen.

wytsturtiikhoarntsje
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje iikhoarntsjes (Sciuridae)
skaai beamiikhoarntsjes (Sciurus)
soarte
Sciurus aberti
Woodhouse, 1853
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

Fersprieding

bewurkje seksje

It wytsturtiikhoarntsje is yn 'e Feriene Steaten yn syn fersprieding beheind ta it Koloradoplato en de súdlike Rocky Mountains fan 'e steaten Kolorado, Arizona en Nij-Meksiko (ynkl. it Chuskaberchtme op 'e grins fan dy lêste beide steaten en de Graham- en Santa Catalinabergen yn Arizona). Dêropta beslacht syn ferspriedingsgebiet yn 'e Feriene Steaten ek lytse dielen fan súdeastlik Utah en it uterste suden fan Wyoming. Yn Meksiko komt er foar yn 'e Westlike Sierra Madre fan 'e steaten Chihuahua en Durango. De arealen yn 'e Feriene Steaten en Meksiko steane net mei-inoar yn ferbân. De fersprieding fan it wytsturtiikhoarntsje komt fierhinne oerien mei dy fan 'e ponderosadin (Pinus ponderosa).

 
It wytsturtiikhoarntsje op 'e rêch besjoen.

Uterlike skaaimerken

bewurkje seksje

It wytsturtiikhoarntsje hat trochinoar in kop-romplingte fan 27-33 sm, mei in sturtlingte fan 19-25 sm en in gewicht fan 540-970 g. De toefkes hier boppe-op 'e earen binne 2-3 sm lang en springe tige yn it each. De pels is tsjûk en glêd, mei op 'e rêch in dûnkergrize oant swarte kleur, al rint der troch hier op 'e wringe in roastbrune streek, wylst de bealch wyt is. Ek de sturt is twakleurich: dûnkergriis oant swart oan 'e boppekant en wyt fan ûnderen en oan 'e sydkanten. As men it wytsturtiikhoarntsje fan siden sjocht, liket it sadwaande wol as is de hiele sturt wyt, wat it bist oan syn namme holpen hat. De griis/swarte en wite flakken wurde faninoar skaat troch in skerpe demarkaasjeline. Wytsturtiikhoarntsjes fan 'e ûndersoarte fan it wylde wytsturtiikhoarntsje (Sciurus aberti ferreus), út 'e Rocky Mountains fan Kolorado, binne hielendal swart.

Wytsturtiikhoarntsjes komme hast allinne mar foar yn koele, drûge nullewâlden, en dan noch inkeld dy dy't besteane út beammen fan 'e soarte fan 'e ponderosadin (Pinus ponderosa). Se libje ek wol yn oarsoartige beammen, mar inkeld as dy tusken ponderosadinnen yn groeie. Yn Arizona komme se foar oant op 2.600 m hichte.

Hâlden en dragen

bewurkje seksje
 
In eksimplaar fan 'e ûndersoarte S. a. ferreus, út it foarlân fan 'e Rocky Mountains yn Kolorado.

Wytsturtiikhoarntsjes binne útslutend oerdeis en yn in koarte perioade drekt foarôfgeande oan 'e sinne-opgong aktyf. Yn sintraal Arizona bestiet hat wengebiet trochinoar út 7⅓ ha, al krimpe se by 't winter wat yn. Yn Kolorado beslacht har wengebiet sa'n 8,1 ha. Oer it generaal hawwe de wyfkes simmerdeis in grutter territoarium as de mantsjes. It wytsturtiikhoarntsje bout in nêst fan twigen en oar plantaardich materiaal yn strampels heech yn 'e ponderosadin, op in hichte fan tusken de 5 en 27 m boppe de wâldflier. As se smite moatte, bouwe wyfkes in bolfoarmich nêst mei in trochsneed fan 6-24 sm.

De peartiid duorret by wytsturtiikhoarntsjes rûchwei fan begjin maaie oant begjin juny. Nei in draachtiid fan 46 dagen of dêromtrint wurde der 2-5 (mar meastal 3 of 4) jongen smiten. Dy komme keal, blyn en dôf te wrâld. Mei 2 wiken begjinne se hier te krijen en geane de earen iepen en mei 6 wiken hawwe se in komplete pels en binne ek de eagen iepengien. Noch in wike deropta en dan is de plomsturt folgroeid en wurdt dy omheech oer de rêch holden, wylst de earkes rjochtop steane. As de jongen tusken de 3 en 6 wiken âld binne, ferhuzet it wyfke se yn 'e regel nei in grutter nêst. Mei 7 wiken weagje de jongen har foar it earst bûten it nêst, mar se bliuwe yn 'e beam oant se 9 wiken âld binne. Mei 10 wiken wurde se ôfwûn en mei 15-16 wiken binne se folgroeid. Wytsturtiikhoarntsjes produsearje meastal mar ien nêst jongen jiers, al bringe se yn it súdlike (Meksikaanske) diel fan har areaal neffens in ûndersyk út 1959 wol deeglik gauris twa nêsten it jier fuort. De populaasjetichtheid liket te fariëarjen tusken 12 en 114 eksimplaren de km².

 
De dinne-apels fan 'e ponderosadin, it foarnaamste fretten fan wytsturtiikhoarntsjes.

De measte stjergefallen lykje ûnder wytsturtiikhoarntsjes feroarsake te wurden troch tekoarten oan fretten en ferwûnings (lykas brutsen kjiftosken), dy't de dea ta gefolch hawwe. Natuerlike fijannen binne de (gewoane) hauk, ferskate oare haukesoarten en fierders mooglik de grize foks, reade lynks en prêrjewolf, al is der noch gjin wittenskiplik bewiis fûn dat dy rôfdieren it op wytsturtiikhoarntsjes foarsjoen hawwe.

Wytsturtiikhoarntsjes binne foar harren bestean grutdiels ôfhinklik fan 'e ponderosadin (Pinus ponderosa), dêr't se it hiele jier rûn dielen fan frette. Sa meitse se dinne-apels en fral de dêryn sittende sieden lytsman, mar ek de bast (yn 't bysûnder fan jonge twiichjes), beamknoppen en fruchtdielen. Dêrnjonken frette se ek wol beskate fleizige skimmels, wêrûnder poddestuollen lykas soarten russula dy't foar de minske deadlik giftich binne, en fierders iess, bonken, geweien, sieden fan 'e Meksikaanske pinjon (Pinus cembroides) en ikels fan 'e Gambeliik (Quercus gambelii). Focht krije wytsturtiikhoarntsjes foar it meastepart binnen út har iten, mar soms drinke se út feedobben of reinplassen.

 
In wytsturtiikhoarntsje makket de dinne-apel fan in ponderosadin lytsman.

It wytsturtiikhoarntsje hat de IUCN-status fan "net bedrige", om't er yn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't syn populaasje stabyl is.

Undersoarten

bewurkje seksje

Der binne njoggen erkende ûndersoarten fan it wytsturtiikhoarntsje. Dêrta heart (neffens hjoeddeiske ynsichten) ek it Kaibabiikhoarntsje, dat foarhinne as in selsstannige soarte beskôge waard.

  • it Barbers wytsturtiikhoarntsje (Sciurus aberti barberi), yn noardwestlik Chihuahua
  • it Chuskawytsturtiikhoarntsje (Sciurus aberti chuscensis), yn it grinsgebiet fan Arizona en Nij-Meksiko
  • it Durangowytsturtiikhoarntsje (Sciurus aberti durangi), yn Durango
  • it echte wytsturtiikhoarntsje (Sciurus aberti aberti), yn noardlik Arizona
  • it griissturtiikhoarntsje (Sciurus aberti phaeurus), yn Durango en it uterste suden fan Chihuahua
  • it Kaibabiikhoarntsje (Sciurus aberti kaibabensis), op it Kaibabplato, yn noardlik Arizona
  • it Navaho-wytsturtiikhoarntsje (Sciurus aberti navajo), yn súdeastlik Utah
  • it ûnechte wytsturtiikhoarntsje (Sciurus aberti mimus), yn it grinsgebiet fan Nij-Meksiko en Kolorado
  • it wylde wytsturtiikhoarntsje (Sciurus aberti ferreus), yn 'e Rocky Mountains fan sintraal Kolorado

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.