Alexa Nicole, echte namme: Sophie Aldrete (yn Orange County (Kalifornje), 24 april 1987), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan etnysk Meksikaansk komôf. Har artystenamme wurdt ek wol stavere as Aleksa Nicole (en soms misstavere as Aleska Nicole). Hja sette yn 2009 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn in grut tal films.

Alexa Nicole
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Aleksa Nicole, Aleska Nicole
echte namme Sophie Aldrete
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 24 april 1987
berteplak Orange County (Kalifornje)
etnisiteit Meksikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2009 – no
offisjele webside
www.clubalexanicole.com/official-site

Libben en karriêre bewurkje seksje

Alexa Nicole waard yn 1987 berne yn Orange County, yn it suden fan 'e steat Kalifornje,. Hja is in dochter fan ymmigranten út Meksiko, en groeide op yn Los Angeles. Hja kaam foar it earst yn oanrekking mei de Amerikaanske pornoyndustry doe't se oansprutsen waard troch in talintescout foar in lytse ympressariaat. Yn 2009, doe't se 22 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film.

 
Alexa Nicole yn 2011.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat Alexa Nicole sûnt yn mear as 180 films spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Hustler Video, Evil Angel, Digital Sin, Devil's Film, Digital Playground, Zero Tolerance, Jules Jordan Video, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Elegant Angel, Red Light District, Diabolic Video, Penthouse en Adam & Eve. Ek hat se wol wurke foar minder bekende filmstudio's, lykas West Coast Productions, Pure Play Media, Mike Adriano Media, Third Degree Films en Seymore Butts Home Movies. Teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornosites op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers en Naughty America.

Njonken har akteurwurk is Alexa Nicole ek aktyf as neakenmodel, wêrby't se mei fotoreportaazjes yn in breed ferskaat oan neaken- en pornoblêden stien hat, en as stripper, wêrby't se as feature dancer by stripklubs yn 'e hiele Feriene Steaten lâns reizget. Yn 2010 wurke se mei oan 'e fideoklip fan it nûmer Raise Your Glass, fan 'e Amerikaanske sjongster Pink. Dêryn wie Alexa Nicole mei trije oare neakenmodellen fan it ympressariaat LA Direct Models blyndoeke te sjen, wylst se molken waarden om in flesse te foljen dêr't neitiid in keal út boarnd waard.

Lichemsskaaimerken bewurkje seksje

Alexa Nicole is in Latina fan blank ras, mei brune eagen en brún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.54 m lang, mei in gewicht fan 48 kg, en kupmaat 32D. Dêrfoar ûndergie hja yn augustus 2010 in boarstfergruttingsoperaasje. Foartiid hie Alexa Nicole in C-kup. Behalven piercings troch har earlellen hat hja ek in nâlpiercing, mar tatoeaazjes hat hja net.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: