Amanda Davies
Amanda Davies (Manchester, 24 maart 1980) is in Britsk sjoernaliste, presintatrise en sportferslachjouster fan Welsk komôf. Hja wurke foar de kommersjele stjoerder Sky en foar de Britske steatsomrop BBC, foar't hja yn 2012 oansteld waard as ien fan 'e fêste sportferslachjouwers fan 'e Amerikaanske nijsstjoerder CNN International.
Amanda Davies | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Amanda Davies | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 24 maart 1980 | |
berteplak | Manchester (Ingelân) | |
etnisiteit | Welsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | sjoernaliste, ferslachjouster, presintatrise | |
medium | tillefyzje | |
wurksum by | Sky, BBC, CNN | |
bekend fan | World Sport | |
jierren aktyf | 2001 – no | |
offisjele webside | ||
www.amandadavies.com |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeDavies waard yn 1980 berne yn it Ingelske Manchester, as de dochter fan sportsjoernalist en sportbestjoerder David Davies. Se groeide op yn Birmingham, dêr't se de middelbere skoalle trochrûn oan 'e King Edward VI High School for Girls yn 'e wyk Edgbaston. Yn 2001 studearre se ôf yn geografy oan 'e Universiteit fan Oxford, dêr't se ûnder har studintejierren de prestizjeuze Philip Geddes Memorial Prize foar sjoernalistyk wûn hie.
Sjoernalistike karriêre
bewurkje seksjeDaliks nei't se har stúdzje beëinige hie, fûn Davies wurk by it Britske sportkanaal Sky Sports, dêr't se û.m. as assistint-produsinte oan in grut ferskaat fan sportûnderwerpen wurke, lykas de World Cup Cricket en it Amerikaansk Iepen Tenniskampioenskip. Letter wurke se foar it programma Sky Sports News as assistint-redaktrise, presintatrise (sûnt 2005) en produsinte op lokaasje (bgl. yn Berlyn ûnder it wrâldkampioenskip fuotbal fan 2006). Ek die se út en troch sels ferslach fan sporteveneminten.
Yn april 2007 stapte Davies oer nei de BBC, dêr't ien fan 'e fêste presintators waard fan 'e sportbulletêns op 'e stjoerders BBC News Channel en BBC World News en yn it moarnstillefyzjeprogramma Breakfast, op BBC 1. Teffens presintearre hja eltse freeds en sneons fan it formule 1-raceseizoen it programma Inside F1, en yn 2008 en 2009 wie se ek ien fan 'e presintators fan it wyklikse praatprogramma oer fuotbal Sport Today: Football Review. Yn augustus 2011 krige Davies sneintejûns har eigen fuotbalprogramma op BBC World News, mei as namme Sports World Have Your Say, dat in ynteraktyf petear tusken fuotbalfans út 'e hiele wrâld fasilitearre.
Davies kaam yn april 2012 foar de Amerikaanske nijsstjoerder CNN International te wurkjen, wêrby't se operearret fanút it Londenske buro fan 'e CNN. Dêrby die se û.m. ferslach fan 'e Olympyske Spullen fan Londen, yn 2012, Britsk en Jeropeesk fuotbal, grutte tennistoernoaien lykas Roland Garros en Wimbledon, de Tour de France en formule 1-races. Davies hie fraachpetearen mei sokke grutheden út 'e sportwrâld as formule 1-baas Bernie Ecclestone, formule 1-kampioenen Michael Schumacher, Sebastian Vettel en Fernando Alonso, fuotballer David Beckham, tennissers Rafael Nadal, Serena Williams en Andy Murray, en hurdfytsers Bradley Wiggins en Chris Froome.
Priveelibben
bewurkje seksjeDavies wennet yn 'e Westlondenske wyk Ealing. Nei de 9 wiken te betide berte fan har dochter Molly, ein 2011, ûntjoech se har ta aktiviste foar ferskate goede doelen oangeande poppen. Fral de saneamde Milk Bank, dy't memmemolke ynsammelet foar te ier berne poppen of poppen fan froulju dy't sels te min molke produsearje, set se har tige foar yn, mei't se leaud dat har dochterke it sûnder dy ynstelling net rêden hawwe soe.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |