Andreae (laach)
Wikimedia-betsjuttingsside
Andreae (ek Beucker Andreae; Van Bothnia Andreae; Fockema Andreae; Nauta Andreae) is in patrysjersgeslacht dat oarspronklik út Hitsum kaam. De famylje hat syn namme te tankjen oan de foarnamme ''Andries.'' Gadze Andries (1657-1736) studearre oan de Latynske skoalle fan Frjentsjer en latinisearre syn achternamme ta ''Andreae,'' itjinge studinten yn it ferline faak diene. It geslacht Andreae waard ein 19e iuw opnommen yn it Stam- en Wapenboek fan A.A. Vorsterman van Oijen. Yn de 20ste iuw waard de famylje foar it earst yn de tredde edysje fan 1913 opnommen yn it genealogyske neislachwurk Nederland's Patriciaat. Opname folge nochris yn de edysjes: 29, 77, 78 en 79.
In tal telgen
bewurkje seksje- Gadze Andries ''Andreae'' (1657-1736) studint oan de Latynske skoalle te Frjentsjer, doktor yn de medisinen en teology, predikant op it eilân Onrust en dêrnei yn Batavia.
- ds. Daniel Hermanus Andreae (1697-1771) studearre teology, wie predikant yn Blije
- mr. Henricus Beucker Andreae (1736-1806) sekretaris fan de gritenij It Bilt, stamheit fan de achternamme ''Beucker Andrea''
- mr. Daniel Hermannus Beucker Andreae (1772-1828) rjochter en politikus
- mr. Gajus Andreae (1805-1887) abbekaat, rjochter by de rjochtbank Snits, letter riedshear by it gerjochtshof Ljouwert.
- mr. Johan Henricus Beucker Andreae (1811-1865) advokaat, boargemaster fan Ljouwert, kommandeur fan de oarder fan de Ikekroan, Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw
- Jouwert Andreae (1812-1876) marine-offisier en politikus
- Sicco Leendert Andreae (1840-1911) rjochter
- Arnoldus Johannes Andreae (1845-1899) notaris en skriuwer

- Fockema Andrea
- Arnold Andreae (1804-1873) notaris, lid Provinsjale Steaten fan Fryslân x Geeske Fockema
- Sybrandus Johannes Fockema Andreae (1844-1921) heechlearaar Nederlânsk Rjocht, stamheit fan de takke ''Fockema Andreae''
- Joachimus Pieter Fockema Andreae (1879-1949) boargemaster fan Utrecht en Kommissaris fan de Keningin yn Grinslân
- Sijbrandus Johannes Fockema Andreae (1904-1968) rjochtshistoarikus
- Wim Fockema Andreae (1909-1996) politikus
- Sijbrandus Johannes Fockema Andreae (1904-1968) rjochtshistoarikus
- Joachimus Pieter Fockema Andreae (1879-1949) boargemaster fan Utrecht en Kommissaris fan de Keningin yn Grinslân
- Sybrandus Johannes Fockema Andreae (1844-1921) heechlearaar Nederlânsk Rjocht, stamheit fan de takke ''Fockema Andreae''
- Nauta Andrea
- Into Nauta Andreae (1870-1920), boargemaster fan Buren fan 1916 oant en mei 1918
Literatuer
bewurkje seksje- A.A. VORSTERMAN VAN OIJEN, Stam- en Wapenboek van aanzienlijke Nederlandsche Familiën, Deel I, pp.12-14, Grins, 1885-1890
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|