Beskermgeast
In beskermgeast is in geast of in oarsoartich mytysk wêzen dat de beskermer is fan in beskate stêd, in oar geografysk plak (lykas in berch), in persoan, in geslacht, in folk, in kultuer of in beropsgroep. Ien fan 'e bekendste foarbylden fan in beskermgeast is de patroangod, dy't yn in protte godstsjinsten foarkomt. Yn it kristendom is út dat idee letter de beskermhillige ûntstien. In oare foarm fan 'e beskermgeast dy't yn it kristendom foarkomt, is de beskermingel.
Aazje
bewurkje seksjeBeskermgoaden fan stêden en bergen komme rûnom foar yn bygelyks it Sineeske universalisme. Yn it sjamanisme fan it Koreaanske Skiereilân waarden foarhinne jangseung en sotdae oan 'e rânen fan doarpen pleatst om demoanen ôf te skrikken. Sokke wijde pylders of toatempeallen waarden ek fereare as godheden. Yn it sjintoïsme fan Japan wurde de geasten fan 'e ferstoarne foarâlden, de kami, beskôge (en fereare) as beskermgeasten. Yn it animisme fan 'e Filipinen binne diwata geasten dy't as beskermers fan bgl. bergen fungearje. In bekendenien is Maria Makiling, in goadinne dy't de Makiling bewekket.
Yn it boedisme fan Tailân hat suver eltse húshâlding in lytse skryn foar de beskermgeast, dy't bekendstiet as it 'geastehûs'. Yn it lamaïsme fan Tibet is Dakini bgl. de beskermjende godheid fan in elk dy't kennis siket. Yn it hindoeïsme steane sokke godheden bekend as ishta-devata, en hat hast elts doarp in eigen beskermgeast. In bekendenien is bgl. de goadinne Mumbadevi, de patronesse fan 'e stêd Bombay (Mumbai).
Jeropa en it Middellânske-Seegebiet
bewurkje seksjeDe bekendste beskermgeast út 'e ûnderskate heidenske religyen fan it Middellânske-Seegebiet is de goadinne Pallas Atene, dy't de patronesse fan 'e Grykske stêd Atene wie.
Yn 'e religy fan it Romeinske Ryk namen beskermgeasten in tige wichtich plak yn. Eltse Romein leaude nammentlik dat hy of sy in persoanlike beskermgeast hie. De beskermgeast fan in man wie syn genius, wylst de beskermgeast fan in frou oantsjut waard as har juno. Yn 'e tiid fan it keizerryk wie de genius fan 'e keizer it mulpunt fan 'e keizerskultus.
In keizer koe ek ien fan 'e grutste goaden foar syn persoanlike beskermgeast oannimme, sa't Augustus die mei Apollo. Soks wie in fuortsetting fan 'e praktyk út 'e tiid fan 'e Romeinske Republyk, doe't foaroansteande politisy soms oanspraak makken op in god as beskermgeast. In foarbyld dêrfan wie de diktator Sulla, dy't de goadinne Fiktoaria as persoanlike beskermster hie en spullen (ludi) ta har eare organisearre.
Behalven persoanen hiene ek Romeinske stêden in beskermgeast of soms mear as ien. Fral yn gefal fan oarloch en belegering waard de beskerming fan sa'n godheid fan fitaal belang achte. De stêd Rome sels waard beskerme troch in goadinne fan wa't de namme ritueel geheim holden wurde moast; op it neamen fan har namme stie de deastraf. De stêd stie fierders ek ûnder de beskerming fan 'e saneamde Kapitolynske Triade fan Juno, Jupiter en Minerva. Juno wie ek de beskermgoadinne fan in soad oare Italyske stêden.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|