Bindi Irwin
Bindi Irwin (folút: Bindi Sue Irwin; Buderim (Queenslân), 24 july 1998) is in Australysk presintatrise, dokumintêremakster, natoerbeskermster, miljeu-aktiviste, aktrise, sjongster en model. Hja is de dochter fan 'e tragysk ferstoarne natoerbeskermer en dokumintêremakker Steve Irwin en dy syn widdo Terri Irwin, de eigneresse fan dieretún Australia Zoo. Irwin hat meiwurke oan ferskate dokumintêres, films, tillefyzjesearjes en realitytillefyzjeprogramma's. Mei njoggen jier wûn se yn 2008 in Emmy Award.
Bindi Irwin | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
Bindi Irwin yn 2011. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Bindi Sue Irwin | |
nasjonaliteit | Australysk | |
berne | 24 july 1998 | |
berteplak | Buderim (Queenslân) | |
etnisiteit | Iersk Ingelsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | presintatrise, aktrise, model, natoerbeskermster, sjongster | |
medium | tillefyzje | |
bekend fan | Bindi the Jungle Girl Crikey! It's the Irwins | |
jierren aktyf | 2000 – no | |
prizen | Emmy Award 2008 | |
offisjele webside | ||
Bindi Irwin op Twitter |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeIrwin waard yn 1998 berne yn Buderim, yn 'e Australyske steat Queenslân, as de dochter fan natoerbeskermer en dokumintêremakker Steve Irwin, de eigner fan 'e dieretún Australia Zoo, en dy syn Amerikaanske frou Terri Raines. Oan 'e kant fan har heit is se fan Iersk etnysk komôf, wylst se fan har memme kant Ingelsk en Iersk bloed hat. Irwin is fierders in pakesizzer fan herpetolooch en natoerûndersiker Bob Irwin en de suster fan tillefyzjepersoanlikheid en fotograaf Robert Irwin.
Bindi Sue Irwin har foarnammen komme fan 'e beide favorite bisten fan har heit, de seekrokkedil Bindi, út Australia Zoo, en syn Staffordshire bullterriër Sui, dy't op 23 juny 2004 mei fyftjin jier deagie. Neffens har heit soe 'Bindi' yn ien fan 'e talen fan 'e Australyske Aborizjinals 'jong famke' betsjutte. Al fan 'e tiid ôf dat se in pjut fan twa jier wie, kaam Bindi Irwin geregeldwei op 'e tillefyzje, dêr't se figurearre yn har heite dokumintêrerige The Crocodile Hunter Diaries. Se krige thúsûnderwiis fan har mem oant se har yn 2014 ynskreau oan 'e TAFE Queensland East Coast oan 'e eastlike kust fan Queenslân, dêr't se mei súkses in oplieding yn sakemanagement ôfrûne en neitiid úteinsette mei in oplieding toerisme.
Tillefyzje- en filmkarriêre
bewurkje seksjeYn 2002, doe't fjouwer jier wie, spile Bindi Irwin harsels yn 'e ôflevering Wiggly Safari fan 'e bernesearje The Wiggles. Neitiid presintearre se in 26-dielige natoerdokumintêre foar bern mei as titel Bindi the Jungle Girl, in produksje fan it Discovery Kids-tillefyzjenetwurk. Yn 'e iere ôfleverings wie har heit faak te sjen, foar't er yn septimber 2006 omkaam doe't er by it Grutte Barriêrerif deastutsen waard troch in pylroch. Op 'e begraffenis fan har heit hold Bindi Irwin in lykrede dy't se sels skreaun hie foar 5.000 man roufolk en in wrâldwiid publyk fan 300 miljoen minsken.
Nei de dea fan har heit waard de produksje fan Bindi the Jungle Girl in skoft stillein, foar't yn juny 2007 de earste ôflevering útstjoerd waard. Ta gelegenheid dêrfan presintearre Irwin op 'e Amerikaanske tillefyzje in special oer har heit, mei as titel My Daddy the Crocodile Hunter. Yn 2008 wûn Irwin de Logie Award yn 'e kategory populêrste nije froulike talint. Datselde jiers wûn se mei njoggen jier as jongste persoan ea ek in Amerikaanske Emmy Award yn 'e kategory treflike artyst yn in bernesearje.
Yn 2010 wurke Irwin foar it earst as aktrise, doe't se yn 'e film Free Willy: Escape from Pirate's Cove de rol fan Kirra Cooper spile. Yn 2012 wie se te sjen as Sunday Clovers yn in ôflevering fan 'e rige My Babysitter's a Vampire, en datselde jiers wie se as stimaktrise te hearren yn in ôflevering fan 'e tekenfilmsearje Curious George. Yn 2013 fertolke se de haadrol fan Nim Rusoe yn 'e film Return to Nim's Island.
Yn 2012 presintearre Irwin op 'e Australyske tillefyzje ek de natoerkwis Bindi's Bootcamp, dy't opnommen waard yn Australia Zoo. Datselde jiers wurke se mei oan 'e dokumintêre Steve Irwin's Wildlife Warriors, oer Wildlife Warriors, in goeddiedichheidsorganisaasje dy't yn 2002 troch har heit oprjochte wie. Fierders wie se yn 2012 tegearre mei har broer Robert te sjen yn Growing Up Wild, wêrby't se bisten út Australia Zoo sjen lieten op The Pet Collective, in YouTube-kanaal foar jonge bistefreonen. Yn 2013 wie Irwin koart te sjen yn 'e Australyske ferzje fan 'e realitytillefyzjesearje Big Brother, wêryn't se dielnimmer Tim besocht, dy't earder ferskate kearen ferteld hie hoe'n grutte fan fan har oft er wie.
Yn maart 2014 ferskynde Irwin mei har mem en broer yn it Amerikaanske praatprogramma Good Morning America, om oan te kundigjen dat Australia Zoo in partnerskip oangie mei it dolfinarium Seaworld. Dy beslissing kaam har op in soad krityk te stean fan bisterjochte-akivisten fan organisaasjes as PETA, mei't Seaworld troch de dokumintêre Blackfish negatyf yn it nijs west hie yn ferbân mei bistemishanneling. Likegoed waard Irwin yn oktober fan datselde jier troch it Australysk Geografysk Selskip útroppen ta Jonge Natoerbeskermer fan it Jier.
Yn 2015 wie Irwin ien fan 'e dielnimmers oan it 21e seizoen fan it Amerikaanske realitytillefyzjeprogramma Dancing with the Stars. Dêrfoar foarme se in pear mei profesjoneel dûnser Derek Hough. Om't Irwin op dat stuit mei sechstjin jier noch minderjierrich wie, hie se spesjale tastimming nedich fan 'e rjochter yn Kalifornje om meidwaan te meien. Op 24 novimber 2015 wûnen Irwin en Hough de finale fan it programma.
Irwin wie yn 2016 as gastkwismaster te sjen yn 'e tillefyzjekwis Have You Been Paying Attention? Yn 2018 kaam se mei har mem Terri en har broer Robert wer geregeldwei op 'e tillefyzje yn in dokumintêre dy't harren folge by harren aktiviteiten yn Australia Zoo en yn it ramt fan 'e wrâldwide natoerbeskerming. De rige krige de namme Crikey! It's the Irwins ("Sapperdekryk! Dêr Hast de Irwins", nei in typysk Australysk-Ingelske útrop dy't har heit populêr makke hie).
Muzykkarriêre
bewurkje seksjeBehalven as aktrise, presintatrise en oer-alles-tillefyzjepersoanlikheid is Bindi Irwin ek aktyf as sjongster. Op 27 novimber 2006 brocht se har debútalbum út dêr't har heit noch oan meiwurke hie, mei as titel Bindi Kid Fitness with Steve Irwin and The Crocmen. Dêr hearde ek in dvd mei fitnessoefenings foar bern by. Irwin waard foar har album nominearre foar in ARIA Music Award yn 'e kategory 'bêste berne-album'. Yn 2007 folge in twadde album: Trouble in the Jungle. Dat wie de iennichste cd fan harres mei nûmers dêr't se yn rapte. Trouble in the Jungle omfieme ek in liet dat se opdroech oan har heit, mei as titel My Daddy the Crocodile Hunter.
In trêde album folge yn 2008, mei as namme Bindi Kid Fitness Volume 2: Jungle Dance Party, op 'e nij mei in bygeande fitness-dvd foar bern. Ek diskear waard se nominearre foar in ARIA Music Award foar bêste berne-album. Bindi Kid Fitness Volume 2: Jungle Dance Party wie de lêste kear dat se gearwurke mei de band The Crocmen, dy't noch troch har heit gearstald wie. Neitiid rjochte se in eigen band op, The Jungle Girls. Dêrmei brocht se yn 2013 ûnder namme Bindi and The Jungle Girls: African Dance Party har fjirde album út. In fyfde en foarearst lêste album ferskynde yn 2016, mei as titel Bindi and The Jungle Girls: Bindi's Island Dance Party.
Diskografy
bewurkje seksje- albums
- 2006 – Bindi Kid Fitness with Steve Irwin and The Crocmen
- 2007 – Trouble in the Jungle
- 2008 – Bindi Kid Fitness Volume 2: Jungle Dance Party
- 2013 – Bindi and The Jungle Girls: African Dance Party
- 2016 – Bindi and The Jungle Girls: Bindi's Island Dance Party.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Bindi Irwin op Twitter
- (in) Bindi Irwin op Instagram
- (in) Folsleine filmografy fan Bindi Irwin yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|