Boekdrukkeunst

(Trochferwiisd fan Boekprintkeunst)

Boekdrukkeunst is in meganysk proses om skriften te fermannichfâldigjen mei in drukparse. Mear yn it bysûnder troch it kombinearjen fan ferskate (wer te brûken) stikken fan in printe tekst (en/of ôfbylding) yn oplage te meitsjen.

Alde boeken
Skiednis fan de
boekdrukkeunst
Blokdruk 200 f.Kr.
Losse letters 1040
Drukparse 1453
Ets ± 1515
Mezzotint 1642
Akwatint 1772
Litografy 1796
Gromolitografy 1837
Rotaasjeparse 1843
Stinsel 1869
Leadsetten 1884
Mimeograaf 1886
Kopiearapparaat 1907
Seefdruk 1910
Matrizedruk 1923
Kserografy 1938
Fotosetwurk 1949
Inket(snjit)printer 1951
Kleurstofsublimaasjedruk 1957
Matriks(nulle)printer 1968
Laser(ljocht)printer 1969
Termoprinter ± 1972
3D-printer 1984
Digitale printer 1993

Foar it ynfieren fan de boekdrukkeunst waaarden boeken en oare skriften mei de hân oerskreaun as se mear eksimplaren meitsje woene. Boeken waarden doe dus letterlik hânskriften. In typyske oplage fan in hânskrift wie gauris mar in pear hûndert en inkeld mar tsientallen eksimplaren. Sa binne dan ek in soad boeken út de âldheid en midsiuwen foar altyd ferlern gien doe’t it lêste eksimplaar dêrfan ferdwûn. Mei de yntroduksje fan de meganyske drukkeunst waard in oplage al gau inkelde tûzenen mooglik en wie it gefaar fan it foar altyd ferlern gean fan in beskaat wurk gâns lytser wurden. Dêrmei gong de fersprieding fan kennis en nije ynsjoggen in stik hurder. It belang fan de boekdrukkeunst foar de massale fersprieding en it behâld fan kennis dan ek hiel grut.

It is ûnmooglik út te meitsjen hoenear of troch wa’t de boekdrukkeunst útfûn is. De útfining waard taskreaun oan in tal lju. Dêrfan is de Sinees Pi Chang, dy’t al yn de 11e iuw Sineeske karakters printe hawwe soe, de iennichste dy’t histoarysk sjoen foar de eare yn ‘e beneaming komme kin.

Yn de âldheid wie it prinsipe fan it printsjen fan ôfbyldings al bekend sa as de fynsten fan rôlesilinder yn Mesopotamië. Dy wiene grafearre mei ôfbyldings en spikerskrift yn spegelskrift. Ek binne stiennen tabletten fûn mei ôfbyldings dy’t mei help fan de silinders printe binne. Ek brûkten heechpleatste lju segelringen om harren persoanlik segel of ‘hânteken’ op wichtige tynges te setten.

Skiednis boekdrukkeunst yn Polygoonsjoernaal 1973
 
Boekdrukkeunst 15e iuw

Fan it jier 1000 ôf binne yn Jeropa al boeken printe mei blokdruk. Dêrfoar waard eltse side fan in boek útsnien yn in houtblok. Dat wie in tige bewurklik proses want eltse side fan in skrift fereaske in eigen útsnien unyk houtblok. Nei it printsjen koene se de houten drukfoarmen, dy’t ek gau slieten by it printsjen, net brûke foar oar printwurk. De produksje fan mânske skriften wie dêrtroch noch hieltyd in tiidrôvjende put. Wat letter waard de ‘massaproduksje’ fan bidprinten, hillige-ôfbyldings en fluchskriften wol troch blokdruk populêr om’t dêrfoar mar in pear blokken nedich wiene.

 
In letterkast mei setheak

De grutte ferbettering foar it printsjen fan teksten kaam doe’t se op it idee kamen om losse leadletters gear te foegjen om sa in drukfoarm foar in folsleine side gear te stallen. Ek koene se dan ienfâldich in losse ôfbylding - útsnien yn hout of metaal - tusken de letters yn de drukfoarm sette. Nei it printsjen fan de plende oplage koene de losse letters no fannijs brûkt wurde foar in oar te printsjen boek. Dat wie goedkeaper as blokdruk. De letters waarden ferdield yn kapitalen (‘boppekast’) dy’t yn it boppeste part fan de setkast leine, en lytse letters (ûnderkast’) dy’t yn it ûnderste part fan de kast bewarre waarden. Kasten waarden opslein yn in setblok. Letter waard de produksjefaasje fierder ferhege, om’t se losse letters yn lead begûnen te jitten monotype mei help fan matrizen. Oan de yndustriële revolúsje ta bliuw it drukproses yn wêzen ûnferoare yn dizze foarm bestean.

De rigelsetmasine kaam op om 1890 út Amearika wei (Yntertype) en Jeropa (Linotype). Dy rigelsetmasines koene folsleine rigels jitte dy’t dan min ofte mear automatysk yn drukplaten gearfoege waarden. Dat wie yn dy tiid in ûnbidige fersnelling fan it printproses, mei om’t it brûkte setwurk net weromlein hoegde te wurden (distribuearre) yn letterkasten, mar nei brûken wer omraant wurde koe om fannijs brûkt te wurden. Foar krantekoppen brûkten se de Ludlow. Fan it begjin fan de santiger jierren fan de 20e iuw ôf makke de boekdrukkeunst hieltyd mear plak foar flakdruk (offset- en rotaasjedruk), om’t lead it ôflizze moast tsjin fotosetmasines en Desktop publising (DTP) oan syn opmars begûn.

Boekdruk (heechdruk) wurdt noch mar komselden tapast. It is no in leafhawwerij fan hobbyisten, tapast foar gelegenheids-, grafyk- of bibliofile produksjes. De lêste jierren wurdt meganysk printsjen mear en mear ferfongen troch digitaal boekdrukken.

Europeeske útfiners

bewurkje seksje
 
Boekdrukkeunst yn de 15e iuw

Yn de Westerske wrâld wurdt de Mainzler Johannes Gutenberg oer it generaal sjoen as meast wierskynlike útfiner (mear as de Nederlanner Laurens Janssoan Coster of de Flaming Dirk Martens), hoewol sûnder oanwiisbere reden. Mar it liket wol fêst te stean dat yn dy tiid, om 1450 hinne, de befolking yn it Easten al bekend wie mei sawol blokdruk as letterdruk. Hoewol’t it dêrmei yn teory mooglik is dat troch de Jeropeeske ‘útfiners’ de technyk út it Easten oernommen is, kin dat net mear efterhelle wurde. It kin likegoed wêze dat beide plakken ûnôfhinklik faninoar en sawat tagelyk itselde útfûnen. Hoe’t it ek is, yn it Westen wie it printsjen mei losse leters daliks in trochslaand súkses en fersprate him oeribele hurd oer it kontinint, dat yn tsjinstelling ta it Easten. Ien fan de wichtichste oarsaken fan dat súkses wie dat it westerske alfabet mar in beheind tal lettertekens hat. It Sineeske skrift hat in ûnbidich soad karakters (foar sawat elts wurd in apart teken) en sadwaande wie it gearstallen fan in tekst noch hieltyd in slim bewurklike put. Ekonomysk sjoen hie de meganisaasje fan de boekproduksje dêr dus net safolle doel. Ek hie de steat in monopoalje op de druktechnyk, sadat immen dy’t wat printsje woe dêr tastimming fan de oerheid foar hawwe moast. Yn Jeropa wie troch de lapetekken oan steaten gjin monopoalje fol te hâlden. By swierrichheden ferhuzen printers gewoan nei in frij, oar lân yn de omkriten. Yn Ingelân waard de boekdrukkeunst yntrodusearre troch William Caxton.

De earste printwurken fan fóár 1501 waarden ynkunabels neamd; printwurken fan 1501 oant 1520 (inkeld fan 1540 of 1550), ôfhinklik fan de boarne) postynkunabel. Yn de earste jierren fan de boekdrukkeunst kaam fyftich prosint fan alle boeken yn de Noardlike Nederlannen út Dimter.

Yn de Lege Lannen krige de grutste bloei fan de boekdrukkeunst syn beslach yn de 17e iuw. Yn dy tiid waarden de produkten fan printers, lykas de yn Antwerpen en Leien (Leiden) arbeidzjende Christoffel Plantijn, algemien as superieur sjoen. Yn de 18e iuw waard it eigene fan de Nederlânske boekdrukkeunst bewarre, mar de yndustry gong mei yn de algemiene delgong fan dy tiid. Yn de 19e iuw wie der yn Nederlân net langer sprake fan in toanoanjouwende boekdrukkeunst, en de eigen skaaimerken giene ferlern oant der oan de ein fan de iuw in doelrjocht besykjen wie om dy te werskeppen. Yn dy fernijïng wiene de bydragen fan printerij Enschedé en letterjitterij Tetterode fan grut belang. Mar njonken dy fernijïng hie ek de meganisaasje yn dy tiid in grutte ynfloed op de boekdrukkeunst.

Digitaal boekprintsjen

bewurkje seksje

De lêste jierren hawwe digitale druksystemen in sadanige kwaliteit, produktiviteit en kostpriis hele, dat it mooglik wurden is om konkurrearjend digitaal boeken te printen yn oplages fan ién ôf oant sawat 500. Dêrfoar wurdt foar it binnenwurk in heechproduktive laserprinter ynset. De omslach wurdt mei in digitale kleureprinter makke.

Digitaal boekprintsjen kin foar útjouwers en auteurs grutte foardielen hawwe:

  • By lytse oplagen binne de produksjekosten leger.
  • It is mooglik om ienfâldich in foarrinsearje te meitsjen om it boek sa yn de merk te testen.
  • Foarriedkosten en ôfskriuwen fan winkeldochters binne foar te kommen troch bygelyks mear kearen in lytse oplage te printsjen yn stee fan ienkear in grutte.
  • It is mooglik om boeken permanint yn de ferkeap te hâlden, sels as de fraach och sa beheind is (de ferneamde Long Tai). In winkel as Amazon is dêr hiel fier mei.
  • Elkenien kin syn eigen boeken no profesjoneel meitsje litte, sûnder dat se dêrfoar mei in útjouwer wurkje moatte. Dêrfoar binne op ynternet sels spesjale websiden foarhannen.
bewurkje seksje
  • Lernout, Geert, Een beknopte geschiedenis van het boek, Antwerpen, Meulenhoff/Manteau, 2004, 352 s., ISBN 90-5990-004-9.
  • Lommen, Mathieu, Het boek van het gedrukte boek, Amsterdam, Amsterdam University Press, 2012, 480 s., ISBN 9789081489232 geb.
  • Bibliopolis Website fan de Keninklike Bibleteek yn Den Haach oer de skiednis fan de boekdrukkeunst yn Nederlân