Calamity Jane (film)
Calamity Jane is in Amerikaanske romantyske westernkomeedzje út 1953 yn 'e foarm fan in lange filmmusical yn Technicolor ûnder rezjy fan David Butler. De titelrol waard fertolke troch Doris Day, mei yn 'e oare haadrollen Howard Keel en Allyn Ann McLerie. De titel ferwiist nei Calamity Jane (berne as Martha Jane Canary, 1852-1903), in ferneamde froulike pionier út it Wylde Westen. It ferhaal fan 'e film giet oer de românse (wierskynlik net histoarysk) dy't hja hân hawwe soe mei in oare bekende pionier, Wild Bill Hickok, en einiget fan mei harren houlik (beslist net histoarysk). Calamity Jane waard troch filmstudio Warner Bros. produsearre nei't in oare westernmusical, Annie, Get Your Gun (oer Annie Oakley), in grut súkses wurden wie. De film waard goed ûntfongen troch de filmkritisy[1] en waard yn 1954 nominearre foar twa Oscars. Calamity Jane wie ek kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. De ferskes en plot fan 'e film foarmen de basis foar de lettere toanielmusical mei deselde namme, dêr't sûnt 1961 ferskate produksjes fan west hawwe.
Calamity Jane | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | David Butler | |
produsint | William Jacobs | |
senario | James O'Hanlon | |
kamerarezjy | Wilfrid M. Cline | |
muzyk | Ray Heindorf (soundtrack) Sammy Fain (ferskes) Paul Francis Webster (lietteksten) | |
filmstudio | Warner Bros. | |
distribúsje | Warner Bros. | |
spilers | ||
haadrollen | Doris Day Howard Keel Allyn Ann McLerie | |
byrollen | Philip Carey Paul Harvey Dick Wesson | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 4 novimber 1953 | |
foarm | lange filmmusical | |
sjenre | romantyske westernkomeedzje | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 101 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | ûnbekend | |
opbringst | $5 miljoen |
Plot
bewurkje seksjeCalamity Jane arrivearret yn it stedsje Deadwood, yn it Territoarium Dakota, as byriidster op 'e postkoets. Yn 'e pleatslike saloon The Golden Garter, fan har freon Henry Miller, moetet se de gokker Wild Bill Hickok en har oare freonen. Se fertelt in oerdreaun ferhaal oer hoe gefaarlik de reis west hat en hoefolle Yndianen se ûnderweis wol net deasjitte moatten hat, ta grut fermaak fan it omsteand laach.
Dan wurde der in pear oerlibbenen fan in Yndiaanske oanfal op in groep lânmjitters de saloon binnenbrocht. Dyselden fertelle dat de man mei wa't Calamity Jane it oanlizze wol, luitenant Danny Gilmartin fan 'e Amerikaanske kavalery, by de oanfal sneuvele is. As Calamity Jane harren lykwols neier befreget, docht bliken dat Gilmartin syn hynder ûnder him wei sketten is, en dat de oare mannen it te drok hiene mei útnaaien om 'e luitenant te rêden. Calamity Jane is poer om sa'n leffens; hja springt fuortendaliks op in hynder en riidt nei it plak fan 'e oerfal ta, dêr't se it spoar wei folget nei it Yndiaanske kamp. By nacht riidt se dat bretaalwei binnen mei in revolver yn eltse hân, en driuwt de krigers op 'e flecht. Se rêdt Gilmartin en keart mei him tegearre op ien hynder werom nei Deadwood.
Underwilens hie Henry Miller ferwachte dat yn 'e postkoets dy't Calamity Jane earder nei Deadwood ta begelaat hat, in aktrise sitte soe, Frances Fryer, dy't yn it publyk fermeitsje soe yn it fierhinne troch rouwe manlju bewenne stedsje. It docht lykwols bliken dat der in fersin west hat. Der is wol in akteur, mar it is in man, Francis Fryer. Dat komt Miller wol raar oer it mad, want hy hat oeral yn Deadwood al de komst fan in aktrise oankundige, en de ynwenners fan it stedsje kinne suver net wachtsje om in tsjeppe frou op it toaniel te sjen.
Miller betinkt lykwols in oplossing en de jûns nei't Calamity Jane mei luitenant Gilmartin weromkeard is, lit er Fryer optrede ferklaaid as frou. Dat giet lang goed, mar healwei de foarstelling rekket er syn prúk kwyt en komt de moard út. De lulke kliber manlju driget de saloon te ferlitten en nea werom te kommen, wat foar Miller it fallisemint betsjutte soe, mar Calamity Jane springt op it poadium en wit it publyk ta bedarjen te bringen troch te ûnthjitten in echte aktrise nei Deadwood te bringen. As har frege wurdt fan wa dan, jout se de iennichste namme fan in aktrise op dy't se ken: Adelaid Adams, fan wa't in healneaken foto efterop in merk prúmtabak stiet dat alle manlju yn Deadwood allinne mar prúmkje om oan sa'n foto te kommen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Fryer warskôget Calamity Jane dat in wiere stjer as Adelaid Adams nea yn Deadwood komme sil, mar Calamity Jane is wisberet om wurd te hâlden. Hickok beslacht dat mei de gek en seit dat as sy Adelaid Adams mei werombringt, dat hy dan it earste optreden fan 'e aktrise bywenje sil ferklaaid as in Yndiaanske squaw mei in reiswidze mei in poppe op 'e rêch. Calamity Jane reizget nei Chicago ta, dêr't Adelaid krekt har lêste optreden fersoarge hat. Hja fynt Chicago in walchlik barbaarske stêd, en is bliid dat se einlings ôfreizgje kin nei Londen en Parys. Har âlde kostúms kinne no wol fuortgoaid wurde, seit se tsjin har tsjinstfaam Katie Brown. Dyselde dreamt derfan om ek sjongster en aktrise te wurden, mar Adelaid fertelt har op delbûgende wize dat se dêr lang net genôch talint foar hat.
Nei't Adams ôfset is, bliuwt Katie allinne efter yn 'e klaaikeamer. Kwetst troch de wurden fan har masteresse, dy't har tagelyk mei de âlde kostúms ôftanke hat, beslút se om ien fan 'e kostúms te passen. Wylst se harsels yn 'e spegel bewûnderet en har sjongen en dûnsjen oefenet, kringt Calamity Jane de klaaikeamer yn en trappearret har. Om't Katie en Adelaid Adams wol wat faninoar hawwe, sjocht sy Katie foar Adelaid oan. Se stiet der tige by Katie op oan om mei nei Deadwood, en Katie sjocht har kâns skoan om dochs ris op it toaniel te kommen. Nei't se har derfan bewissige hat dat men yn Deadwood inkeld de lytse prúmtabakfoto fan Adelaid sjoen hat, en dat der gjin trein- of tillegraafferbining mei it stedsje is, stimt se ta om mei te gean.
By oankomst yn Deadwood sjocht eltsenien Katie foar Adelaid oan, útsein Francis Fryer, dy't lykwols beslút de mûle ticht te hâlden. By har earste optreden yn The Golden Garter is Hickok yndie ferklaaid as squaw mei in reiswidze mei in poppe deryn. Katie stiet, as it derop oankomt, lykwols stiif fan 'e senuwen omreden fan har bedroch en kin suver gjin lûd ta de kiel út krije. As it publyk har dêrop oansprekt, barst se yn triennen út en bychtet se op wat se dien hat. De kliïntêle fan 'e saloon is dan ree om Miller te lynchen, no't se foar de twadde kear bedondere wurde, mar Calamity Jane springt derfoar en wit de lju ûnder bedriging mei har revolvers del te bêdzjen. Se praat op 'e oanwêzigen yn oant dy ree binne om Katie in kâns te jaan. No't se net mear bang hoecht te wêzen dat har bedroch útfûn wurde sil, kin Katie har hielendal oerjaan oan har optreden, dat in geweldich súkses wurdt.
Neitiid reitsje Calamity Jane en Katie goed befreone. Katie lûkt yn by Calamity Jane yn har rynkranke blokhutte, dy't se tegearre opkallefaterje. Om luitenant Gilmartin foar har te winnen begjint Calamity Jane harsels yn jurken te klaaien en frouliker te hâlden en dragen. Gilmartin en Hickok, dy't beide fereale rekke binne op Katie, bringe tagelyk in besite oan 'e blokhutte om 'e aktrise foar har te winnen, krekt op it stuit dat Calamity Jane eefkes fuort is. Wylst Hickok bûtendoar is om baarnhout te heljen, bekent Katie oan Gilmartin dat se syn leafde beäntwurdet, mar dat se net ree is om Calamity Jane te ferrieden. It kin sadwaande neat tusken harren wurde.
Gilmartin fielt lykwols neat foar Calamity Jane, en leit him net by Katie har beslút del. Hy nûget har út om mei te gean nei in bal yn it fort dêr't er legere is. Hickok giet dêr ek hinne en freget Katie om ynstee mei him te gean. Uteinlik losse de beide mannen it probleem op troch striekes te lûken. Gilmartin lûkt dêrby oan it langste ein en mei Katie nei it bal ta eskortearje, wylst Hickok genoegen nimme moat mei Calamity Jane. Underwilens sjocht Katie troch it finster Calamity Jane weromkommen yn in prachtige giele jurk. Se is der wis fan dat de beide mannen oars nei har sjen sille no't se der folle frouliker útsjocht, dat se fertelt harren dat se mar ris goed nei de doar sjen moatte. As Calamity Jane deryn komt, sit se lykwols fan top ta tean ûnder de blauwe drek, om't se by it oerstekken yn 'e beek knoffele is.
Underweis nei it bal draacht Calamity Jane in grutte sjaal en in lange oerjas, sadat har feroaring noch altyd ûnfermoede bliuwt. As sjaal en jas nei oankomst yn it fort útkomme, falt by Hickok, Gilmartin en alle oare oanwêzige manlju de mûle iepen fan ferheardens oer har transformaasje. Allegearre wolle se graach mei har dûnsje, mar Calamity Jane wurdt wat langer wat jaloersker as luitenant Gilmartin as iennichste leaver mei Katie dûnset. As se harren op in stuit bûtendoar by in tút trappearret, reägearret se kwetst en lulk troch Katie in glês út 'e hân te sjitten, wêrnei't se ôfset nei hûs. Dêr oankommen smyt se Katie har besittings bûtendoar del en begjint te gûlen.
By in nij optreden fan Katie yn The Golden Garter wurdt se ûnderbrutsen troch Calamity Jane, dy't har fertelt dat Deadwood net grut genôch foar harren beiden is. Se easket dat Katie it stedsje ferlit. Om sjen te litten dat se har net yntimidearje lit, freget Katie in revolver te lien om Calamity Jane in glês drinken út 'e hân te sjitten. Calamity Jane hâldt it útdaagjend omheech, wylst alle oare oanwêzigen gau-gau dekking sykje. As Katie sjit, fljocht Calamity Jane it glês yn stikken út 'e hân, en eltsenien hastiget him nei it toaniel om Katie te lokwinskjen. Eins is Katie har kûgel lykwols yn in fetsje sterke drank bedarre, dat lek rekke is; de kûgel dy't Calamity Jane har glês rekke, kaam út it pistoal fan Hickok, dy't tagelyk mei Katie sketten hat.
Fernedere ûntflechtet Calamity Jane de saloon, mar Hickok giet har efternei en nimt har mei yn in rydtúch. Hy besiket har wat sûn ferstân by te bringen en fertelt har dat Gilmartin net ynienen fan har begjinne sil te hâlden as se Katie út Deadwood ferdriuwt. As Calamity Jane him fertelt hoefolle se fan Gilmartin hâldt, bychtet Hickok op dat hy itselde foar Katie fielt. Se krûpe inoar oan om inoar te treastgjen, mar de omearming rint út op in tút. Se sjogge inoar oan en beseffe dan ynienen dat se altyd al fan inoar holden hawwe. Se tútsje op 'e nij, diskear op hertstochtlike wize.
As de oare deis de sinne opkomt, riidt in folle gelokkiger Calamity Jane wer nei Deadwood, dêr't har freonlike begroetings lykwols negearre wurde troch de bewenners. De lju binne lulk op har, sa docht úteinlik bliken as Calamity Jane Francis Fryer oan 'e praat kriget, om't Katie dy moarns mei de postkoets ôfset is om werom nei Chicago. Net om't se bang foar Calamity Jane is, mar om't se har skuldich fielt oer har ferrie fan har bêste freondinne. Luitenant Gilmartin is poerlulk op Calamity Jane, en lêst har Katie har ôfskiedbrief foar, wêryn't se har redens om fuort te gean útleit. Calamity Jane beslút op stel en sprong om Katie werom te heljen, dat se riidt efter de postkoets oan en hellet dy yn. Se fertelt Katie dat se ta it besef kommen is dat se fan Hickok hâldt, en ek dat sy en Hickok fan doel binne om te trouwen. De beide froulju fermoedsoenje har mei-inoar en Katie giet mei werom nei Deadwood. Dêr folget al rillegau in dûbele trouwerij, wêrby't Calamity Jane mei Wild Bill Hickok en Katie mei luitenant Gilmartin trout. De film einiget as de beide breidspearen yn 'e postkoets nei Calamity Jane har blokhutte ôfsette.
Ferskes
bewurkje seksje- The Deadwood Stage
- Hive Full of Honey
- I Can Do without You
- It's Harry I'm Planning to Marry
- The Windy City
- Keep It under Your Hat
- Higher than a Hawk
- A Woman's Touch
- The Black Hills of Dakota
- Secret Love
De muzyk fan Calamity Jane waard letter útbrocht op in LP mei deselde namme, mar guon ferskes waarden dêrfoar op 'e nij opnommen ynstee dat se oernommen waarden út 'e film.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Calamity Jane | Doris Day |
Wild Bill Hickok | Howard Keel |
Katie Brown | Allyn Ann McLerie |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
luitenant Daniel Gilmartin | Philip Carey |
Henry Miller | Paul Harvey |
Francis Fryer | Dick Wesson |
Rattlesnake de postkoetsier | Chubby Johnson |
Adelaid Adams | Gale Robbins |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeCalamity Jane waard regissearre troch David Butler nei in senario fan James O'Hanlon. As produsint wie William Jacobs by it projekt belutsen foar de filmstudio Warner Bros. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Wilfrid M. Cline, en de filmmontaazje waard dien troch Irene Morra. De filmmuzyk (d.w.s. de soundtrack) waard fersoarge troch Ray Heindorf. De ferskes wiene fan Sammy Fain, mei lietteksten fan Paul Francis Webster.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Calamity Jane waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 4 novimber 1953 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige Calamity Jane oer it algemien positive resinsjes.[1] Neffens Peter Bradshaw fan 'e Britske krante The Guardian binne de ferskes "gouden". Yn syn resinsje hellet er ek oan: "As Calamity Jane yn har prachtige giele jurk by in pleatslik beekje komt, folget ien fan 'e meast ferneamde fisuele grappen út 'e skiednis fan 'e filmmusical."[1]
Kate Muir fan The Times skreau: "As in pistoaldragende cowgirl yn mei franje ôfsette learene broek is Day geweldich, in objekt fan atletysk ûntsach en in ûnbedimber goed sin."[1] Yn The New York Times moast Bosley Crowther lykwols net folle hawwe fan Calamity Jane, in film dy't er omskreau as "in skelle en bespotlike muzikale western."[1]
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat de film in goedkarringspersintaazje fan 73%, basearre op 22 ûnderskate resinsjes.[1]
Resultaat
bewurkje seksjeOpbringst
bewurkje seksjeCalamity Jane helle yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten in opbringst fan $5 miljoen op.[2] Wat de film opbrocht yn oare lannen en territoaria is net folslein bekend, al soed er yn it Feriene Keninkryk mar $11.160 fertsjinne hawwe.[3] Om't it budget fan 'e film likemin bekend is, kin net sein wurde wat de winst wie, mar wol is dúdlik dat Calamity Jane as in kommersjeel súkses beskôge waard.
Prizen
bewurkje seksjeCalamity Jane waard yn 1954 by de Oscars nominearre foar prizen yn twa kategoryen: bêste filmmuzyk fan in filmmusical (Ray Heindorf) en bêste lûdsmixing (William A. Mueller).
Lesbyske subtekst
bewurkje seksjeBy in diel fan it lesbyske publyk is Calamity Jane populêr om't de film in lesbyske subtekst hawwe soe. Filmkritikus Jamie Stuart wiist yn dat ferbân op 'e rol fan Calamity Jane as in sterke, ûnôfhinklike frou, en it gearwenjen fan Jane mei Katie yn ien hûs, wêrby't se de tekst "Calam and Katie" op 'e foardoar skilderje mei dêromhinne in hert, it algemiene symboal foar de leafde. It homoseksuele en lesbyske tydskrift Out omskreau fierders it liet Secret Love út 'e film as "it earste homoseksuele liifliet". Oaren fine dat minsken dy't dizze eleminten út 'e film foar bedutsen taspilings op lesbyske leafde hâlde, spikers op leech wetter sykje.
Historisiteit
bewurkje seksjeHoewol't Calamity Jane hawwe wol dat Calamity Jane en Wild Bill Hickok minners wiene, hawwe histoarisy winliken gjin bewiis fine kind dat se mear as goekunde wiene. Nei de moard op Hickok hold Jane dan wol út dat se net allinnich mar minners west hiene, mar ek dat se de mem fan syn bern wie, mar se kaam mei gjin inkeld bewiis foar dy bewearings. In protte lju út har tiid beskôgen har as ien dy't it smout opsizze koe en it dêrby foar de moade hie om har ferhalen te oerdriuwen of der sels dingen by op te tinken (sa't de film op fermaaklike wize sjen lit). Guon tsjûgenissen út dy tiid wolle sels hawwe dat Hickok Jane eins net iens bot lije mocht.
Nei har dea yn 1903 waard Calamity Jane op eigen fersyk njonken Hickok begroeven, dat mooglik wie der sprake fan in ûnbeäntwurde leafde. Yn elts gefal leauden dejingen dy't ferantwurdlik wiene foar har begraffenis har ferhalen net. Fjouwer leden fan it selsbeneamde komitee dat dêr ferantwurdlik wie (Albert Malter, Frank Ankeney, Jim Carson en Anson Higby) fertelden letter dat se in lêste, postume grap mei harren eardere maat Hickok úthelje wollen hiene troch Calamity Jane njonken him te begraven, mei't er neffens harren by syn libben "har beslist net lije mocht."
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|