Cohen in het Fries

In Frysk Earbetoan Oan Leonard Cohen - Cohen In Het Fries is in muzykalbum dêr't in tal tige ferskillende Fryske muzikanten lietsjes sjonge fan de Kanadeeske sjonger/dichter/lietskriuwer Leonard Cohen, dy't oerset binne yn it Frysk. De útfierende artysten neame har De Partisanen.

In Frysk Earbetoan Oan Leonard Cohen - Cohen In Het Fries
algemiene ynformaasje
artyst De Partisanen (ferskate Fryske artysten)
taal Frysk
sjenre pop, rock, folk, country
útbrocht 2008
doer 53:52
label Foreign Media Music

Leonard Cohen hat sûnt 1967 in tal albums útbrocht mei súksesfolle lietsjes as So Long, Marianne, Suzanne en Hallelujah. Hy is benammen bekend om syn swiere, wat monotoane stim en sobere (fakentiids akûstyske) begelieding. Leonard Cohen ferstoar yn 2016, hy waard 82 jier.

Bart Kingma, regisseur van Omrop Fryslân, sette inkele lietsjes fan Cohen oer yn it Frysk. Yn de mande mei lûdtechnikus Harry Zwerver besleat hy om in sammelalbum op te nimmen mei Fryske útfierings fan Cohen-lietsjes. De muzikale begelieding waard fersoarge troch in orkest ûnder lieding fan Peter van der Zwaag.

It album (CD en DVD) ferskynde yn novimber 2008. It is opnomd yn in âlde pleats by it doarpke Boer, net fier fan Frjentsjer.

Om de Krystdagen fan 2008 is in special útstjoerd troch Omrop Fryslân, dy't 1 en 2 jannewaris ek útstjoerd waard op NPO2.

Yn de Fryske Top 100 dy 't alle jierren op 31 desimber útstjoerd wurdt troch Omrop Fryslân, stiene yn 2017 trije nûmers fan it album Cohen yn it Frysk. Dat binne:

  1. Elske DeWall – Dûnsje my de leafde út - (Dance me to the end of love) album: Various positions (1984) doer: 3:59
  2. Gurbe Douwstra – De swalkerinne – (The stranger song) album: Songs of Leonard Cohen (1967) doer: 4:33
  3. Sido Martens - De partisaan – (The partisan) album: Song from a room (1969) doer: 3:17
  4. Mariusz – Draai my rûn - (Take this waltz) album: I’m your man (1988) doer: 6:28
  5. Gerbrich van Dekken – Ik wol dy op sa’n dei noch net by my wei – (Hey, that’s no way to say goodbye) – album: Songs of Leonard Cohen (1967) doer: 3:15
  6. Robbie van Wieren – Earst nim ik Manhattan – (First we take Manhattan) – album: I’m your man (1988) duur: 5:38
  7. Roel Slofstra – Suzanne – (Suzanne) – album: Songs of Leonard Cohen (1967) doer: 3:50
  8. Piter Wilkens - Libben, libben, libben – (Lover, lover, lover) – album: New skin for the old ceremony (1974) doer: 3:12
  9. Gerrit BretelerAs it jo wil is - (If it be your will) – album: Various positions (1984) doer: 3:35
  10. Nynke Laverman – Halelujah - (Halelujah) – album: Various positions (1984) doer: 6:02
  11. Jaap Louwes - Ljochtblauwe reinjas – (Famous blue raincoat) - album: Songs of love and hate (1971) doer: 4:28
  12. Auke Busman- Marjanne, kom by my – (So long, Marianne) – album: Songs of Leonard Cohen (1967) doer: 5:40

It album iepent mei Dûnsje my de leafde út, yn in eigen arranzjemint fan Elske DeWall. De oersetting is fan Elske en har suster Femke de Walle. De orizjinele komposysje fan Leonard Cohen is basearre op de Gryskske dûns de Hasapiko. Gurbe Douwstra hat country-eleminten taheakke oan it nûmer De swalkerinne, der is ûnder mear in cájon (hântromme), dobro (soaart gitaar) en in bandoneon (harmoanika-eftich ynstrumint) te beharkjen. Sido Martens, dy't yn de folkrockband Fungus spile hat (bekend fan Al die willen te kaap'ren varen sjongt it liet De partisaan. Dit is it ienige liet dat net skreaun is troch Leonard Cohen mar troch Emmanuel Astier de la Vigerie (tekst) en Anna Marly (muzyk). It is skreaun yn 1943 en giet oer it Frânske ferset yn de Twadde Wrâldoarloch. De oarspronklike titel is La complainte du partisan.

Marius de Boer (bekend as 'Mariusz' wie sjonger en tekstskriuwer fan de Fryske band Reboelje. Hy sjongt op dit album Draai my rûn. Gerbrich van Dekken sjongt de ballada Ik wol dy op sa’n dei noch net by my wei. Robbie van Wieren, sjonger fan de band mei deselde namme Van Wieren sjongt it pop/rock nûmer Earst nim ik Manhattan. Roel Slofstra, de nestor fan de Fryske folkmuzyk, sjongt it nûmer Suzanne, dat yn Nederlân in hit waard foar Herman van Veen.

Piter Wilkens hat Lover, lover, lover frij oersetten yn Libje, libje, libje. De keunstskilder/sjonger Gerrit Breteler sjongt it gefoelige liet As it jo wil is. De fado-sjongster en aktrise Nynke Laverman sjongt Hallelujah, dat benammen bekend wurden is troch Jeff Buckley. Jaap Louwes sjongt op bedêste wize Ljochtblauwe reinjas. De útsmiter fan dit album is it pop/rock nûmer Marjanne, kom by my dat songen wurdt troch Auke Busman.

  1. Basgitaar: Johannes Adema (tracks: 1,6,12)
  2. Grand piano: Peter van der Zwaag (tracks: 1,4,5,6,9,11,12)
  3. Drums: Sietse Huisman (tracks: 1,4,6,12)
  4. Saksofoan: Hubert Heeringa (tracks: 1 en 5)
  5. Cajón: Sietse Huisman (track: 2)
  6. Dobro: Ward Veenstra (track: 2)
  7. Kontrabas: Johannes Adema (tracks 2, 4, 8,11)
  8. Fioele: Christiaan van Hemert (track 2 en 11)
  9. Bandoneon: Christiaan van Hemert (tracks 3 en 9)
  10. Fioele: Hubert Heeringa (track 4)
  11. Gitaar: Ward Veenstra (tracks 4,6,10,11,12)
  12. Electric wind instrument: Hubert Heeringa (tracks 6 en 12)
  13. Akkordeon: Peter van der Zwaag (track 7)
  14. Gitaar: Wilco Tukker (track 7)
  15. Eftergrûnsang: Femke de Walle (track 1)
  16. Eftergrûnsang: Hermien Zwart (track 8)
  17. Marimba: Sietze Pruiksma (track 10)

Teksten en arranzjeminten

bewurkje seksje

De arranzjeminten binne fan Peter van der Zwaag, útsein:

  • track 1 (Elske DeWall),
  • track 3 (Sido Martens),
  • track 7 (Roel Slofstra)
  • track 10 (Ward Veenstra).

De oersettings fan it Ingelsk yn it Frysk binne fan Bart Kingma, útsein:

  • track 1 (Elske DeWall en Femke de Walle),
  • track 7 (Roel Slofstra),
  • track 8 (Bart Kingma en Piter Wilkens),
  • track 9 (Gerrit Breteler)
  • track 10 (Bart Kingma en Nynke Laverman).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: