De Frysman
De Frysman is de iennichste folsleine triatlon dy't (anno 2021) yn 'e Nederlânske provinsje Fryslân holden wurdt. It sportevenemint omfettet 3,8 km swimmen, 180,2 km hurdfytsen en krapoan 42,2 km hurddraven. Start en finish binne op it Reaklif by it doarp Warns yn 'e gemeente De Fryske Marren (foarhinne Gaasterlân-Sleat).
De Frysman | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Fryske Marren | |
plak | Warns en omkriten | |
tiid fan it jier | july | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | sportevenemint (triatlon) | |
bestean | 2015 – no | |
offisjele webside | ||
frysman.nl |
It evenemint fynt plak yn begjin july en waard yn 2015 foar it earst holden. Yn 2020 moast it oergean omreden fan 'e koroanafiruspandemy, sadat de sechsde edysje yn 2021 holden waard. Dêroan diene (in rekôroantal fan) 192 minsken mei, wêrûnder sawol manlju as froulju. De Frysman priizget himsels oan as in seldsume triatlon mei "in frije sfear en in unike lokaasje". In protte dielnimmers brûke it evenemint as ûnderdiel fan harren tarieding op it WK triatlon yn septimber.
De Noarderling dy't by De Frysman as bêste einiget, kriget in wikseltrofee mei as namme 'It Swurd fan Grutte Pier', yn 'e foarm fan in reuseftich swurd dat lykwols (út feilichheidsomtinkens) gjin snijrâne hat.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|