Diez

(Trochferwiisd fan Dietz)

Diez is in stêd yn de Rhein-Lahn-Kreis yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. De namme fan dit plak wurdt yn Frysktalige en Nederlânsktalige teksten dy't ferbân hâlde mei it Hûs Oranje-Nassau ornaris stavere as Dietz (bgl. Willem Freark fan Nassau-Dietz), wat ek de histoaryske Dútsktalige stavering is.

Diez
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Rhein-Lahn-Kreis
Sifers
Ynwennertal 11.092 (2021)
Oerflak 12,41 km²
Befolkingsticht. 894 ynw./km²
Hichte 110 m.
Oar
Postkoade 65582
Koördinaten 50° 22' N 8° 0' E
Offisjele webside
www.stadt-diez.de
Kaart
Diez (Rynlân-Palts)
Diez

It sintrum fan de stêd leit fjouwer kilometer súdwestlik fan Limburch oan de Lahn en 31 kilometer eastlik fan Koblenz. De stêd Limburch leit yn Hessen en grinzget fuort oan Diez. Troch Diez streamt de Lahn, dy't de grins foarmet tusken it noardlike Westerwâld en it súdlik lizzende Taunusberchtme. Yn Diez mûnet de Aar yn de Lahn, dy't yn Lahnstein yn de Ryn útmûnet. It iennige stedsdiel Freiendiez leit eastlik fan it sintrum oan de Aar. Oant 1938 wie dat in selstannige gemeente. Nei de gearfoeging mei Diez waard it Diez-Ost neamt, mar op fersyk fan de bewenners krige it yn 1988 de namme Freiendiez werom.

 
Diez yn 1655 (Merian)

Diez waard yn 790 foar it earst as Theodissa yn in oarkonde fan Karel de Grutte as besit fan de abdij Prüm neamd. Yn 1150 ûnstie it greefskip Diez, werfan't it plak Diez de haadstêd waard. Yn 1329 waard Diez troch Loadewyk de Beier stedsjrochten ferliend en Diez krige stedsmuorren mei fiif tuorren.

Folle letter waard Diez de residinsje fan de greven fan Nassau-Dietz, dy't yn de 17e en 18e iuw as steedshâlders yn de Nederlannen tsjinst dienen en dêr't it Nederlânske keningshûs fan ôfstamt.

Yn 1634 nadere de Spaanske prins Ferdinand mei syn troepen de stêd. De ynwenners hienen de stêd mei harren meast weardefolle ferlitten. Mar de moedige Sofia Hedwich fan Breunswyk-Wolfenbüttel, de widdo fan steedhâlder Ernst Kasimir, kaam de infante yn 'e mjitte en noege him mei hege ofsieren út om by har te iten. De doe jonge prins gyng op de útnoeging yn en sparre tanksij de grevinne de stêd. By it ferlitten fan Diez seach de prins der persoanlik op ta dat alle troepen harren sûnder plonderjen weromlutsen út de stêd.

Op 16 en 17 septimber 1796 fûn yn de Earste Koalysjekriich yn de omkriten tusken Diez en Limburch tusken de Frânsen en Eastenrikers de Slach by Limburch plak. De Frânsen moasten harren oer de Lahnbrêge weromlûke. Om de efterneisittende Eastenrikers te kearen stieken de Frânsen de ticht op inoar steande hûzen by de brêge yn 'e brân. Elts dy't besocht it fjoer te dwêsten skeaten hja dea en sa baarnde in grut part fan de histoaryske stêd ôf.

De eksekúsje fan sechtjin jonge Lúksemboargers yn 'e hjerst fan 1944 wurdt mei in monumint yn it Robert-Heck-Park betocht. Fuort dêrnjonken is in monumint foar de slachtoffers fan it nasjonaalsosjalisme.

It besjen wurdich

bewurkje seksje

It midsiuwske slot Diez behearsket it stedsbyld. De âldste dielen datearje út de 11e iuw. Fan 1743 oant 1784 waard it brûkt as amtshaus, dêrnei tsjinne it oant 1927 as tichthûs. Yn de 18e en 19e iuw waard dêr Lahn-moarmer ferwurke. Sûnt 24 juny 2006 is der in jeugdherberch en sûnt 3 oktober 2007 it nije museum Grafenschloss Platz.

 
Protestantske stiftstsjerke

Oan de foet fan it kastiel stiet de troch greve Gerhard yn 1289 de midiuwske stiftstsjerke. De tsjerke wie oan Marije wijd en sit fan in koarhearestift. Yn de tsjerke binne ferskillende grêfmonuminten fan de Dietzer's en Nassau's. Benammen it monumint fan Henriëtte Amalia fan Anhalt-Dessau falt op fanwegen syn rike útfiering. Fierder is der in romaanske grêfstien, dy't âlder is dan de tsjerke sels en werfan't de oarsprong ûnbekend is.

De stedsmuorre en resten fan in 14e/15e-iuwske poarte binne noch diels bewarre.

Oan de noardlike stedsrâne leit it barokke slot Oranienstein, dat Albertine Agnes (1634–1696) yn 1684 oer de resten fan in benediktynsk kleaster bouwe liet. Har muoikesizzer Henriette Amalia fan Anhalt-Dessau liet it yn 1696-1705 ferbouwe.

  • It Museum Grafenschloss yn it kastiel fan Diez hat útstallings oer de foar- en iere skiednis, de skiednis fan it grevenslot, de skiednis fan de stêd fan de midsiuwen oant hjoeddedei. Ek is der in foarstengalerij.
  • It Museum Nassau-Oranien yn it Slot Oranienstein biet regelmjittich rûnliedings troch de barokke keamers en it park fan it slot oan.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur, op dizze side.