Erin Brockovich
Erin Brockovich (folút: Erin Pattee Brockovich; Lawrence (Kansas), 22 juny 1960) is in Amerikaansk juridysk adviseur, konsuminterjochte- en miljeu-aktiviste en tillefyzjepresintatrise, dy't bekendheid krigen hat troch har belutsenens by ferskate opsjenjaande rjochtsaken om skeafergoeding ôf te twingen fan grutte bedriuwen. Har wurk wie yn 'e 1990-er jierren fan krúsjaal belang foar it opbouwen fan 'e saak yn it ramt fan 'e grûnwetterfersmoarging fan Hinkley tsjin it enerzjybedriuw PG&E. Har namme rekke bekend by in breder publyk, ek bûten de Feriene Steaten, troch de film Erin Brockovich, dy't yn 2000 oer dy saak makke waard.
Erin Brockovich | ||
Erin Brockovich yn 2019. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Erin Pattee Brockovich | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 22 juny 1960 | |
berteplak | Lawrence (Kansas) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk Iersk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | juridysk adviseur | |
aktyf as | konsuminterjochte- en miljeu-aktiviste | |
jierren aktyf | 1992 – no | |
reden bekendheid |
belutsenens by opsjen- jaande saken | |
offisjele webside | ||
www.brockovich.com |
- Dizze side giet oer de Amerikaanske konsuminterjochte-aktiviste. Foar de film oer har, sjoch: Erin Brockovich (film).
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeBrockovich waard yn 1960 berne as Erin Pattee yn Lawrence, yn 'e Amerikaanske steat Kansas, as de dochter fan yngenieur Frank Pattee (1924-2011) en dy syn frou Cindy H. O'Neal (±1923-2008), in sjoernaliste. Hja hie twa bruorren, Frank jr. en Thomas (1954-1992) en ien suster, Jodie. Brockovich genoat middelber ûnderwiis oan 'e Lawrence High School en learde doe fierder oan 'e Steatsuniversiteit fan Kansas yn Manhattan (Kansas). Letter studearre se tapaste keunsten oan it Wade Kolleezje yn Dallas (Teksas).
Iere jierren
bewurkje seksjeYn 1981 rûn Brockovich in skoft staazje foar in managementfunksje by de supermerkkeatling Kmart, mar dat joech se nei in pear moannen oer. Se ferfear nei de Amerikaanske westkust, dêr't se datselde jiers noch meidie oan in skientmewedstryd en de titel Miss Pacific Coast wûn. Yn 1982 sette se har nei wenjen yn Súdlik Kalifornje. Se troude datselde jiers mei in Shawn Brown, mei wa't se twa bern krige, in jonge en in famke, mar skiede yn 1987 fan him. Dêrnei wertroude se yn 1989 mei in Steven Brockovich, mei wa't se in twadde dochter krige. Dat houlik einige yn 1990 ek yn in skieding.
Karriêre
bewurkje seksjeOp dat punt yn har libben wie Brockovich in allinnichsteande mem mei trije bern sûnder folle wurkûnderfining of oplieding. Se fûn it dreech om oan in baan te kommen, dy't se úteinlik lykwols dochs fûn as sekretarieel meiwurkster by it abbekatekantoar Masry & Vititoe yn Thousand Oaks. Yn 1993 spile Brockovich yn dy funksje in rol fan krúsjaal belang by de tarieding fan 'e rjochtsaak tsjin it enerzjybedriuw Pacific Gas & Electric Company (PG&E) yn it ramt fan 'e grûnwetterfersmoarging fan Hinkley.
Dy saak gie oer de miljeufersmoarging by it doarp Hinkley, dêr't in fabryk fan PG&E fêstige wie dy't desennia lang it tige giftige en kankerferwekjende groom-6, in middel om roast fan metalen troch kuolwetter tsjin te gean, mei opsetsin fuortlekke litten hie yn 'e grûn. Dêrtroch wie it grûnwetter fersmoarge rekke dat de ynwenners fan it doarp as drinkwetter brûkten, mei as gefolch dat in grut part fan 'e minsken alderhanne aaklike en faak potinsjeel deadlike sykten oprûn hie. Troch de ynset fan Brockovich woeks de rjochtsaak tsjin PG&E oan ta úteinlik 634 kliïnten en teffens krige hja bewiis boppe wetter dat it haadkantoar fan PG&E al yn 1966 fan 'e fersmoarging ôfwitten hie, mar opsetlik alles stilholden hie foar de doarpsbewenners. De saak waard yn 1996 troch binende arbitraazje fan in rjochter skikt, wêrby't PG&E $333 miljoen oan skeafergoeding oplein waard, it heechste bedrach dat in bedriuw yn 'e Amerikaanske skiednis ea betelje moatten hie yn sa'n saak. Dêrfan gie 40% (oftewol $133,6 miljoen), lykas yn 't foar mei de kliïnten ôfpraat, nei it abbekatekantoar, dat wurke op basis fan it prinsipe no cure, no pay. Brockovich ûntfong dêr persoanlik $2 miljoen fan.
Oer de saak-Hinkley, en Brockovich har rol dêryn, waard yn 2000 de spylfilm Erin Brockovich makke. Dêrtroch krige Brockovich sawol nasjonale as ynternasjonale bekendheid. De titelrol waard spile troch Julia Roberts, dy't dêrfoar yn 2001 sawol de Oscar as de Golden Globe wûn yn 'e kategory bêste aktrise.
Neitiid sette Brockovich har wurk oan soartgelikense fersmoargingssaken fuort, wêrby't se, krekt as by de saak-Hinkley, ornaris gearwurke mei har baas Edward L. Masry. By ien saak gie it om in soartgelikens gefal fan fergiftiging fan bewenners mei groom-6 troch de Whitman Corporation yn Willits. In oare saak, dy't ek om fergiftiging mei groom-6 gie, draaide om it kompressorstasjon Kettleman Hills fan PG&E yn Kings County. Dy saak, dêr't har likernôch 1.200 kliïnten by oansleaten, waard yn 2006 skikt foar in skeafergoeding fan $336 miljoen. In saak tsjin it Beverly Hills Unified School District, dat neffens Brockovich en Masry learlingen oan sûnensbedriigjende sitewaasjes bleatsteld hie troch ierdoaljeboarrings op skoalgerjochtichheid ta te stean, waard yn 2003 troch de rjochter ôfwiisd, wêrnei't Masry & Vititoe de skoalkoepel $450.000 betelje moasten ta fergoeding fan juridyske kosten.
Brockovich wie ek bûten Kalifornje belutsen by it oanspannen fan rjochtsaken tsjin grutte bedriuwen, lykas yn St. Joseph, yn Missoery, tsjin 'e leartouwerij Prime Tanning Corp., dy't mei groom-6 fermoarge slib oan boeren ferkocht hie om ta bedonging oer har ikkers út te riden, en yn Midland (Teksas), dêr't it pleatslike enerzjybedriuw der neffens Brockovich deselde praktiken op nei hold as PG&E yn Hinkley, allinne op gruttere skaal.
Brockovich hat tsjintwurdich har eigen bedriuw, Brokovich Research & Consulting. Hja wurke ek as juridysk adviseur (konsultant) foar it abbekatekantoar Girardi & Keese út Los Angeles, en noch altyd foar it New Yorkske abbekatekantoar Weitz & Luxenberg (dat him spesjalisearret yn persoanlike skeaclaims foar bleatstelling oan asbest) en it Australyske abbekatekantoar Shine Lawyers. Mei't se har wurdsje wol dwaan kin, is Brockovich, sûnt yn 2000 de film oer har útkaam, ek presintatrise wurden, fan 'e dokumintêresearjes Challenge America op ABC en fan Final Justice op 'e tillefyzjestjoerder Zone Reality.
Priveelibben
bewurkje seksjeBrockovich wennet sûnt 1982 yn Súdlik Kalifornje. Se hat trije kear troud west: fan 1982 oant 1987 mei Shawn Brown; fan 1989 oant 1990 mei Steven Brockovich; en fan 1998 oant 2012 mei Eric L. Ellis. Ut dy houliken hat hja fjouwer bern: twa út it earste, ien út it twadde en ien út it trêde. Brockovich hat twa boeken skreaun en publisearre. It autobiografyske Take It from Me: Life's a Struggle, But You Can Win kaam út yn 2001. Superman's Not Coming, in non-fiksjeboek oer konsuminterjochten, ferskynde yn 2020. Oan Erin Brockovich is trijeris in earedoktoraat takend, troch de Lewis & Clark Law School yn Portland (Oregon) (2005), de Loyola Marymount Universiteit yn Los Angeles (2007), en de Jones Ynternasjonale Universiteit yn Centennial (Kolorado).
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|