Erin Brockovich (film)

Erin Brockovich is in Amerikaansk biografysk rjochtbankdrama út 2000 ûnder rezjy fan Steven Soderbergh, mei yn 'e haadrollen Julia Roberts, Albert Finney en Aaron Eckhart. De titel ferwiist nei de haadpersoan, Erin Brockovich, in echte juridysk sekretaresse, konsumintefoarfjochtster en miljeu-aktiviste. Nettsjinsteande har gebrek oan oplieding en middels spile dyselde yn 1993 yn Kalifornje in krúsjale rol by it opbouwen fan in rjochtsaak tsjin it grutte bedriuw Pacific Gas & Electric Company (PG&E) yn it ramt fan 'e grûnwetterfersmoarging fan Hinkley. PG&E hie sûnt de 1960-er jierren kankerferwekjend gif fuortrinne litten yn it plakje Hinkley, mei as gefolch dat it grûnwetter fersmoarge rekke wie en de ynwenners alderhanne potinsjeel deadlike sykten oprûnen. Erin Brockovich krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en groeide yn 'e bioskopen út ta in grut kommersjeel súkses. De film waard nominearre foar fiif Oscars en fjouwer Golden Globes en wûn fan elk ien, beide yn 'e kategory bêste aktrise foar Julia Roberts.

Erin Brockovich
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Steven Soderbergh
produsint Danny DeVito
Michael Shamberg
Stacey Sher
senario Susannah Grant
kamerarezjy Ed Lachman
muzyk Thomas Newman
filmstudio Universal Pictures
Columbia Pictures
Jersey Films
distribúsje Universal Pictures (Noard-Am.)
Sony Pictures Releasing (ynternasj.)
spilers
haadrollen Julia Roberts
Albert Finney
Aaron Eckhart
byrollen Marg Helgenberger
Peter Coyote
Cherry Jones
Conchata Ferrell
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 17 maart 2000
foarm langspylfilm
sjenre biografysk rjochtbankdrama
taal Ingelsk
spyltiid 130 minuten
budget en resultaten
budget $52 miljoen
opbringst $257,3 miljoen
prizen 1 × Oscar
1 × Golden Globe
1 × BAFTA
2 × SAG Award

Plot bewurkje seksje

Erin Brockovich is in wurkleaze allinnichsteande mem fan trije bern fan tsien en seis jier en njoggen moanne. As se om 'e nocht op sollisitaasjepetear west hat, rekket se licht ferwûne by in ferkearsûngemak. Om't se gjin syktekostefersekering hat en de medyske kosten dochs op 'e iene of oare manear betelje moat, besiket se dy te ferheljen op 'e man dy't har oanriden hat troch him oan te klagen foar in skeafergoeding. Se nimt as abbekaat Ed Masry yn 'e earm, dy't har derfan bewissiget dat se de rjochtsaak sûnder mis winne sille. Sa komt it lykwols net, benammen om't de opljeppende Erin opsternaat wurdt as se ûnderfrege wurdt troch de abbekaat fan 'e tsjinpartij. Dy suggerearret nammentlik fyntsjes dat in frou dy't twaris skieden is mei bern fan twa ferskillende heiten, grif gjin noarmen en wearden hat en dus wol lige moat, wylst syn kliïnt in oprjochte boarger en boppedat ek noch in dokter yn 'e polyklinyk fan it pleatslik sikehûs is.

Erin en Masry geane mei rûzje útinoar, mei't sy him kwea-ôf nimt dat er har foarliigd hat doe't er sei dat se de rjochtsaak beslist winne soe. Mei frijwol gjin reade sint mear op har bankrekken, no't se har dokterskosten sels ophoastje moatten hat, sparret se harsels it iten út 'e mûle sadat har bern genôch hawwe. Se giet wer oan it sollisitearjen, mar kin gjin wurk fine. Har rie te'n ein giet se werom nei Masry, tsjin wa't se seit dat hy har wat skuldich is, wêrnei't se him om wurk freget. Mei tsjinnichheid giet er dêrop yn. Underwilens is Erin har buorfrou, dy't altyd op 'e bern paste as sy fuort wie, ferhuze, en yn har wente is de langhierrige, burdige motorrider George kommen te wenjen, dy't út en troch goedbetelle wurk as boufakker docht en dan sa sunich mooglik libbet om sa lang mooglik mei it jild ta te kinnen. Hy ferrast Erin troch syn oprjochte belangstelling foar har en har bern, en as har nije oppas ûnbetrouber blykt te wêzen, nimt George oerdeis de soarch foar de bern op him.

Op har nije wurk partet Masry oan Erin it dossier ta fan in rjochtsaak oer ûnreplik goed, dy't er pro deo oannommen hat. It giet om it troude pear Pete en Donna Jensen, út it lytse plakje Hinkley, op it plattelân fan it Kalifornyske Ventura County, dy't fan harren buorman, de Pacific Gas and Electric Company (PG&E) in oanbod krigen hawwe om harren wente te keapjen, mar foar in fierstente lege priis. Erin begrypt net wêrom't de medyske papierren fan Donna Jensen yn it dossier sitte, en kriget fan Masry tastimming om neier ûndersyk nei de saak te dwaan. Se reizget nei Hinkley en besiket Donna Jensen, dy't har fertelt dat se gewoan al har briefkerij mei PG&E op ien plak bewarret. As Erin seit dat se it noch net begrypt, leit Donna har út dat se harren op útnûging fan PG&E ûndersykje litten hawwe, en doe't bliken die dat se ferskate tumors hie wylst har man Pete oanhelle wie mei de sykte fan Hodgkin, hat PG&E de medyske kosten fergoede. It is Erin noch net dúdlik, dat se freget wêrom't in gas- en elektrisiteitsbedriuw soks dwaan soe, en Donna antwurdet: "Fanwegen it groom."

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Erin fynt dat mar in healwiis ferhaaltsje, en begjint te graven. Se besiket dr. Frankel, in wittenskipper oan 'e Universiteit fan Kalifornje, Los Angeles (UCLA), dy't har útleit dat der ferskillende soarten groom besteane. Groom-3, bygelyks, is in mineraal dat sûn is om yn beskate mjitte ta jin te nimmen, wylst groom-6, of seisweardich groom, hartstikkene giftich is en kanker en withoefolle oare potinsjeel deadlike sykten feroarsaakje kin. Yn it argyf fan it pleatslike wetterskip ûntdekt Erin al dokuminten dy't bewize dat it grûnwetter yn Hinkley en omkriten slim fersmoarge is mei groom-6, wylst PG&E de ynwenners fan it plak yn in brief planút foarliigd hat dat se by it fabryk dêre inkeld mei it 'sûne' groom-3 wurkje. De dokters dy't de ynwenners op kosten fan PG&E behannelje, hawwe harren boppedat wiismakke dat harren oandwanings neat mei it "sûne groom" te krijen hawwe kinne.

As se nei dagen fan ûndersyk werom op kantoar komt, misse Erin har besittings fan har buro. It docht bliken dat se ûntslein is om't se al in wike net mear op har wurk west hat. Hoewol't se om 'e nocht besiket út te lizzen dat se dan wol net op it wurk, mar wol deeglik oan it wurk west hat, giet se telider slein nei hûs. As se dêr oan George fertelt dat se ûntslein is, besiket hy har te treastgjen, wat derta liedt dat hy en Erin in romantyske relaasje krije.

Inkele dagen letter komt Masry by Erin oan 'e doar om't er opskille is troch dr. Frankel mei fierdere ynformaasje foar har. Dêrtroch beseft er dat er mis west hat mei har te ûntslaan. Hy wol graach witte wat se fierder allegear ûntdutsen hat by har ûndersyk, mar sy wegeret genoegen te nimmen mei it oanbod har baan werom te krijen; dêropta betinget se in syktekostefersekering en in leansferheging fan 10%. Nei't se wer foar Masry oan it wurk giet as sekretaresse, beselskippet se him by syn earste besyk oan 'e Jensens. Dêrby behimmelet se de breklike kommunikaasje tusken de sljochtwei lju út 'e arbeidersklasse en Masry, dy't, oft er dat no wol of net, troch harren dochs as in notabele sjoen wurdt, wat foar harren fertrouwen yn him net foardielich is.

Letter wurdt Erin op it abbekatekantoar opsocht troch Tom en Mandy Robinson, de eardere oerbuorlju fan 'e Jensens, dy't ek mei alderhanne kwalen en oandwanings te krijen hawwe. Op har fraach oan Donna Jensen oft der noch mear minsken út Hinkley siik rekke binne, kriget se in hiele wasklist mei nammen fan ynwenners dy't hja geregeldwei yn it sikehûs troffen hat. Erin giet yn it doarp suver by de doarren lâns om nije kliïnten foar it abbekatekantoar te sykjen. Troch har sljochtwei komôf, it feit dat se frijwol gjin oplieding genoaten hat en har no-nonsens-ynstelling wurdt se troch de ynwenners beskôge as ien fan harren en berikt se wat Masry sels nea kinnen hie. Inkeld by de wantrouwige Pamela Duncan wurdt de doar yn har gesicht tichtsmiten. Mar as se letter in kear sûnder oppas sit, en de bern by har hat as se it nochris by Pamela besiket, blykt it feit dat se in allinnichsteande mem is it kantelpunt te wêzen wêrmei't se de frou foar har wit te winnen.

Nei't se in barbecue yn Hinkley holden hawwe om mei alle ynwenners te praten en út te lizzen hoe't PG&E harren te fiter hân hat, beslacht de kliïntelist fan Erin en Masry op in stuit 634 nammen. Erin stekt almar mear tiid yn 'e saak en makket lange dagen op kantoar. Dêrtroch komt har relaasje mei George ûnder druk te stean, oant er syn nocht hat en it mei har út makket. Har bern hawwe faak likemin begryp foar it feit dat mem altyd en ivich op 'en paad is. Nettsjinsteande dat set Erin troch, mei't dit de earste kear yn har libben is dat se it gefoel hat in ferskil meitsje te kinnen. Boppedat is se ûnderwilens mei Donna Jensen en ferskate oare ynwenners fan Hinkley befreone rekke, en se kin harren no net sitte litte.

By in earste harksitting mei in rjochter dy't bepale moat oft de saak sin hat of dat it tiidfergriemerij is en dêrom yn dit stadium al nei de foddekoer ferwiisd wurde kin, boeke Erin en Masry in earste oerwinning op PG&E. De rjochter ferklearret alle 83 beswieren fan PG&E tsjin 'e saak sûnder grûn en tikket it enerzjybedriuw ek noch yn in persoanlik kommentaar op 'e fingers foar it foarligen fan 'e bewenners fan Hinkley. It probleem dêr't Erin en Masry mei de rjochtsaak lykwols tsjinoan rinne, is dat alle bewiismateriaal dat Erin opdobbe hat, inkeld it fabryk fan PG&E yn Hinkley ymplisearret yn 'e fergiftiging fan 'e minsken en it dêropfolgjende bedroch. It haadkantoar fan PG&E yn San Francisco beart dat it nearne fan ôfwist. Sûnder bewiis fan it tsjinstelde sil de skeafergoeding dy't de doarpsbewenners mooglik takend wurde sil, net folle om 'e hakken hawwe.

Underwilens kin Masry, mei syn lytse abbekatekantoarke, alle kosten fan it ûndersyk tsjin PG&E suver net mear bolwurkje; hy hat syn persoanlike sparjild al oansprekke moatten. Dêrom behellet er topabbekaat Kurt Potter en dy syn assistinte Theresa Dallavale yn 'e saak, sadat se de kosten diele kinne. Erin, dy't de hiele saak min ofte mear as har 'berntsje' begûn is te sjen, fynt dat mar neat, en se kin boppedat min mei Potter en Dallavale, dy't har net foar fol oansjogge.

Mei't PG&E in gewoane rjochtsaak en it heger berop dat dêrop folget desennia lang trainearje kinne soe, beslút Masry op oanrieden fan Potter om yn te stimmen mei in arbitraazje, wêrby't de kwestje foarlein wurdt oan ien inkele rjochter, waans útspraak definityf en foar alle partijen binend is. Der is dan dus gjin heger berop mooglik, en likemin is dêrby in sjuery belutsen (eat dat yn 'e Feriene Steaten as in ûnmisber ûnderdiel fan in rjochtsaak sjoen wurdt). Erin is dêr net bliid mei, want se hat de ynwenners fan Hinkley in kâns ûnthjitten om op syn minst harren sechje te dwaan yn in rjochtsaak, en dêr komt no neat fan telâne. Uteinlik wit Masry har derfan te oertsjûgjen dat dit de bêste beslissing is foar alle belutsenen, mar Erin hâldt har hert fêst oer hoe't se dit oan 'e ynwenners fan Hinkley útlizze moatte. Bykommend probleem is dat PG&E betinge hat dat 90% fan alle klagers ynstimme moat mei binende arbitraazje foar't it bedriuw der sels ek yn meigiet.

Der wurdt in gearkomste belein yn it doarpshûs fan Hinkley, dêr't Masry de plannen fan himsels en Potter mei de bewenners trochnimt. De minsken binne der net gerêst op, en hawwe benammen muoite mei it idee dat der gjin sjuery by de saak belutsen wêze sil. As Masry harren lykwols foarhâldt dat it oars wol tweintich jier duorje kin foar't se ea in reade sint skeafergoeding sjogge, en dat guon fan harren sa lang net hawwe, kringt it besef by de minsken troch dat er dêr in ûntsjinstriidber punt hat. Uteinlik geane frijwol alle oanwêzigen akkoart, mar nei in telling stelt Erin fêst dat se likegoed noch in hûndertfyftich hantekenings tekoart komme. Erin freget George, dy't noch altyd njonken har wennet, om op har bern te passen, wat er wol dwaan wol. De folgjende dagen geane sy en Masry dêrom yn Hinkley wer fan doar ta doar by de lju dy't net by de gearkomste opdaagjen kommen binne. Uteinlik witte se alle 634 kliïnten te bepraten dat binende arbitraazje de ferstannichste wei is, sels Pamela Duncan, dy't earst de grutste kritika fan it plan wie. Underwilens fermoedsoenje Erin en George har mei-inoar en ferfetsje harren relaasje.

Op in jûn nei't se de hiele deis yn Hinkley omstipt hat, giet Erin nei de pleatslike kroech om 'e hantekening fan 'e kroechbaas te krijen. Wylst se dêr neitiid in kopke kofje drinkt, wurdt se oansprutsen troch in wat suterich útsjende grizel fan in fint, dy't se der earder by de barbecue en de gearkomste yn it doarpshûs ek al op trappearre hie dat er har begluorke. Se nimt oan dat er besykje wol har te fersieren, en om't se dêr gjin boadskip oan hat, risselwearret se om fuort. Mar de man, dy't himsels foarstelt as Charles Embry, blaft der ynienen út dat er foarhinne wurknimmer fan PG&E wie en as sadanich belêstge waard mei it ferneatigjen fan 'e ynterne korrespondinsje fan it bedriuw. Dan feroaret Erin hommels fan gedachten.

Embry fertelt har dat in neef fan sines koartby ferstoarn is oan termkanker. It stiet him noch skoan by hoe't dyselde foarhinne altyd de kuoltuorren by it PG&E-fabryk himmele mei groom-6, mei as iennichste beskerming in mûlkapke dat read en dweiltrochwiet wie fan it oanhâldende blieden fan syn noas. Sels waard Embry op in stuit ynset om âlde argyfstikken te fersnipeljen, wêrûnder belêstgjende dokuminten wêryn't it fabryk yn Hinkley mei it haadkantoar yn San Francisco kommunisearre oer de giftigens fan groom-6 en de fersmoarging fan 'e krite om it fabryk hinne. Mar Embry seit: "Spitigernôch wie ik net sa'n goede wurknimmer," suggerearjend dat er dy papierren ûntfrjemde hat.

Erin en Masry komme triomfantlik werom by Potter en Dallavale mei 100% fan 'e hantekenings fan 'e kliïnten foar de binende arbitraazje, en dêropta de belêstgjende dokuminten dy't Embry oan Erin oerlange hat. Dêr sit ien memo tusken dêr't út blykt dat it haadkantoar fan PG&E al yn 1966 wist dat it grûnwetter yn Hinkley fersmoarge wie mei groom-6, en it fabryk yn Hinkley opdroech om dat fral net oan 'e ynwenners fan it doarp te fertellen. As Potter en Masry oergeane ta binende arbitraazje, komt de rjochter rillegau út 'e rie en leit PG&E op om in skeafergoeding út te beteljen dy't $333 miljoen bedraacht. Dêrfan giet allinne al $5 miljoen nei de Jensens. Erin nimt George mei as se Donna Jensen opsiket om har dat te fertellen, en se is bliid as er dan einlings begrypt wêr't se it allegear foar dien hat.

Lykas yn 't foar ôfsprutsen, krije de abbekaten, dy't oan dizze saak wurke hawwe op basis fan it prinsipe no cure, no pay (dus sûnder oerwinning gjin salaris), 40% fan 'e skeafergoeding. Dêrmei kinne se alle kosten betelje dy't se makke hawwe foar de mear as in jier rinnende saak. It abbekatekantoar fan Masry betrekt in grutter, lúkser gebou, dêr't Erin in eigen keamer kriget. Masry siket har dêr op wylst se har reuseftige buro oarderet. Hy jout har de sjek mei har bonus, mar warskôget dat it net it bedrach is dat se earder ôfpraat hiene, mei't dat him by neier ynsjen net gaadlik taliek. Erin, dy't daliks oannimt dat er it bedrach ferlege hat, begjint him de út te kafferjen, mar falt út klearebare alteraasje stil as se sjocht dat er it bedrach ferhege hat, nei $2 miljoen. No't se einlings in kear mei de mûle fol tosken stiet, smeit Masry it izer as it hjit is troch har breed gnizend in pear tapaslike dingen ta te foegjen dy't se earder him ris tabiten hat.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Julia Roberts.
 
Albert Finney (yn 1966).
 
Aaron Eckhart.
haadrollen
personaazje               akteur/aktrise
Erin Brockovich Julia Roberts
Ed Masry Albert Finney
George Aaron Eckhart


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Donna Jensen Marg Helgenberger
Kurt Potter Peter Coyote
Pamela Duncan Cherry Jones
Brenda, Masry syn sekretaresse Conchata Ferrell
Charles Embry Tracey Walter
Pete Jensen Michael Harney
Tom Robinson Joe Chrest
Mandy Robinson Meredith Zinner
Theresa Dallavale Veanne Cox
Matthew Brown (Erin har soan) Scotty Leavenworth
Katie Brown (Erin har âldste dochter) Gemmenne de la Peña
Beth Brockovich (Erin har jongste dochter) Ashley en Brittany Pimental
Shanna Jensen Scarlett Pomers
abbekate Sanchez fan PG&E Gina Gallego
David Foil T.J. Thyne
Donald Valente Rodriguez
Scott fan it wetterbedriuw Jamie Harrold
dr. Brian Frankel Randy Lowell
himsels rjochter Leroy A. Simmons
Anna Adilah Barnes
servearster Julia Erin Brockovich (cameo)
klant yn kafetaria Ed Masry (cameo)

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Produksje bewurkje seksje

Erin Brockovich waard regissearre troch Steven Soderbergh nei in senario fan Susannah Grant dat basearre wie op wiere foarfallen út it libben fan 'e echte Erin Brockovich, dy't yn 'e film in cameo hat as servearster. As produsinten wiene Danny DeVito, Michael Shamberg en Stacey Sher by it projekt belutsen foar de filmstudio's Universal Pictures, Columbia Pictures en Jersey Films. Foar de film wie in budget beskikber fan $52 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Ed Lachman, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Thomas Newman. De opnamen fûnen oer in perioade fan alve wiken yn 1999 plak, op lokaasje yn Ventura County yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje.

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan Erin Brockovich waard yn 'e Feriene Steaten en Kanada fersoarge troch Universal Pictures, en yn 'e measte oare lannen en territoaria troch Sony Pictures Releasing, de distribúsjepoat fan Sony Pictures, dat de memme-ûndernimming fan Columbia Pictures is. De film gie op 17 maart 2000 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre, en kaam op 15 augustus fan dat jier út op VHS en dvd.

Historisiteit bewurkje seksje

Neffens har eigen webside ornearret de echte Erin Brockovich dat de film "wierskynlik foar 98% oerienkomt mei de wurklikheid". Der binne wat lytse puntsjes dêr't senarioskriuwster Susannah Grant en regisseur Steven Soderberg de wurklikheid wat oanpast hawwe. Sa wie Brockovich nea Miss Wichita, sa't yn 'e film beweard wurdt, mar ynstee Miss Pacific Coast. Soderbergh fûn it lykwols "skattich" om har in skientmewedstryd wûn hawwe te litten yn 'e krite dêr't se berne wie. Ek wie Ed Masry net de abbekaat dy't har ferdigene by de rjochtsaak oer de oanriding; dat wie Masry syn kompanjon Jim Vititoe. Charles Embry, de "net sa goede wurknimmer" dy't opdracht krigen hie om it argyf fan PG&E te romjen, hiet yn it echt Chuck Ebersohl.

Untfangst bewurkje seksje

Fan 'e filmkritisy krige Erin Brockovich oer it algemien positive resinsjes. Fral it aktearjen fan Julia Roberts yn 'e titelrol wie in protte lof foar. Sa skreau Peter Travers yn it tydskrift Rolling Stone: "Roberts toant de emosjonele tol dy't Erin betelje moat as se besiket om ferantwurdlik foar har bern oer te bliuwen en tagelyk ek foar in baan oer dy't har it earste priuwke fan gefoel foar eigenwearde jûn hat." Yn Entertainment Weekly parte Owen Gleiberman de film in 9 op in skaal fan 1 oant 10 ta. Hy skreau: "It is in genot om Roberts, mei dy flirterige glinstering yn har eagen en in ûnderstreaming fan melankelikens, ôfketsen te sjen op Finney syn prachtich synyske, drûger as drûge optreden as de folle pleage beropsabbekaat dy't tefolle ôfwit fan 'e mesken yn syn berop om der noch folle fidúsje yn te hawwen."

In ôfwikende klank yn it koar fan resinsinten waard fuortbrocht troch Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times, dy't Erin Brockovich mar 2 fan 4 stjerren joech. Hy skreau: "Hjir sit dúdlik in ferhaal yn, mar Erin Brockovich makket dat net oangripend. De film mist fokus en enerzjy [en] de karakterûntwikkeling is oerflakkich en tin." Yn The New York Times wie A.O. Scott likemin bot fan 'e film ûnder de yndruk. Hy skreau: "Nei't se bewiisd hat, likernôch 40 minuten lang, hoe'n geweldige aktrise hja wêze kin, bringt Roberts de folgjende 90 minuten troch mei tefreden wêzen dat se al in filmstjer is. Wat langer de film him fuortsleept, wat mear har optreden oant barsten ta opswolt mei morele idelheid en neibeard populisme." Ek Richard Corliss fan it tydskrift Time fûn de film "glêd, pynlik om oan te sjen en nep."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Erin Brockovich lykwols in heech goedkarringspersintaazje fan 84%, basearre op 146 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Troch folslein te profitearjen fan it oansjenlike talint foar aktearjen fan Julia Roberts oerwint [de film] in pear swakke punten mei de personaazjes en de plot om in fernimstich, ta neitinken stimmend en fermaaklik rjochtbankdrama ôf te leverjen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Erin Brockovich in goedkarringspersintaazje fan 73%, basearre op 36 resinsjes.

Resultaat bewurkje seksje

Opbringst bewurkje seksje

Erin Brockovich brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $126,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $130,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $257,3 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $52 miljoen betsjut dat in winst fan $205,3 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Prizen bewurkje seksje

Erin Brockovich waard yn 2001 by de Oscars nominearre foar prizen yn fiif ûnderskate kategoryen, wêrûnder bêste film, bêste regisseur, bêste orizjinele senario en bêste byrol fan in akteur (Albert Finney). Julia Roberts wûn mei har optreden as Erin Brockovich de Oscar foar bêste aktrise. By de Golden Globes waard de film nominearre foar fjouwer prizen, wêrûnder bêste dramafilm, bêste regisseur en bêste byrol fan in akteur (Finney). Julia Roberts wûn ek de Golden Globe foar bêste aktrise.

Fierders waard Erin Brockovich nominearre foar seis BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, wêrfan't de film ien wûn: de priis foar bêste aktrise, op 'e nij foar Julia Roberts. Teffens wûn Erin Brockovich twa Screen Actors Guild Awards, foar bêste aktrise (Roberts) en bêste byrol fan in akteur (Finney), en trije Critics' Choice Awards, foar bêste film, bêste regisseur en bêste aktrise (Roberts).

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.