Fryske Klassiken
De Fryske Klassiken wiene in rige fan fjirtjin klassikers út 'e Fryske literatuer dy't tusken 1992 en 1995 op 'e nij publisearre waarden troch trije ûnderskate útjouwerijen: Utjouwerij Fryslân/Afûk, Utjouwerij A.J. Osinga/Friese Pers Boekerij en de Koperative Utjouwerij. Fierders ferlienden ek de Fryske Akademy, it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) en de Stifting It Fryske Boek har meiwurking oan dit projekt. De kar foar de boeken dy't yn 'e rige Fryske Klassiken útkamen, waard makke troch de útjouwers yn oerlis mei in 'kommisje fan editoriaal tafersjoch', besteande út Philippus H. Breuker, Trinus Riemersma en Tineke Steenmeijer-Wielenga. Dyselden wiene ek ferantwurdlik foar de tekstbesoarging, en dêrnjonken waard oan elts fan 'e útjeften troch ien fan 'e kommisjeleden in beheinde taljochting op boek, skriuwer en eardere útjeften taheakke. Yn dy artikels, dy't standert efteryn de boeken pleatst waarden, waard û.m. in (tige) koart libbensbeskriuwing fan 'e auteur jûn, waard yngien op it plak fan it boek yn it oeuvre fan dyselde auteur, en waard oanjûn òf en sa ja, yn hokker opsjoch oft dizze nije printinge ferskilde fan eardere edysjes.
Fryske Klassiken
bewurkje seksjeDe rige Fryske Klassiken bestiet út fjirtjin nûmere dielen:
- Simke Kloosterman, De Hoara's fan Hastings
- Nyckle J. Haisma, Peke Donia de Koloniaal
- Douwe H. Kiestra, De Froulju fan de Fetweider
- Paulus Akkerman, Hessel Ypma
- Reinder Brolsma, Heechhôf Trilogy
- bruorren Halbertsma, Rimen en Teltsjes
- Ulbe van Houten, De Rook fan it Lân
- Hoatse de Jong, Trude
- Hjerre Gjerrits van der Veen, De Kaartlizzer
- Simke Kloosterman, It Jubeljier
- Paulus Akkerman, It Freark Jabiks Folk
- Piter Terpstra, Fjouwer Minsken yn in Stêd
- Reinder Brolsma, Grûn en Minsken
- Trinus Riemersma, Fabryk
Fryske Klassiken II
bewurkje seksjeTusken 1998 en 2003 waard ûnder de namme Fryske Klassiken II troch deselde útjouwerijen en deselde kommisje fan editoriaal tafersjoch nochris in rige Frysktalige literêre klassikers werútjûn. Diskear gie it om in rige fan tolve[1] nûmere dielen:
- Ype Poortinga, Elbrich
- Tjitte Piebenga, It Lyk Wurdt Oantaast
- Fedde Schurer, De Besleine Spegel
- Watse Cuperus, Swart Mar Leaflik
- S.K. Feitsma, Ut 'e Underste Lagen
- Sjoerd van der Schaaf, Abbingawâld
- Ypk fan der Fear, Ta Him Dyn Begearte
- Jo Smit, Wês Foarsichtich, Watse
- R.R. van der Leest, Komme dy Kepers? / Boef fan Rys
- Waling Dykstra, De Silveren Rinkelbel
- J.P. Wiersma, Aldfaars Grûn
- Bokke R.S. Pollema, Lok en Lijen
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|