Goud (kleur)
Goud of goudgiel is in kleur dy't beskôge wurdt as in tint fan giel. It wurdt op yn 'e regel omskreaun as in 'waarme' kleur giel, d.w.s. in wat dûnkerder tint as dat giel normaal hat. It kin ek in metallic-kleur giel wêze, dy't mear de kant fan bêzje útskaait. De namme 'goud' komt fan it ealmetaal goud. Yn 'e heraldyk komt goud as in tinktuer foar, dat ek or neamd wurdt, mar yn dy kontekst wurdt mei 'goud' yn 'e regel gewoan giel bedoeld.
-
in goudklomp
-
goudkleurige jurk
-
in monarchflinter op in goudgjirdeblom
-
metallic goud
goud | ||
kleurkoördinaten | ||
heksadesimaal | #FFD700 | |
RGBª (r, g, b) | (255, 215, 0) | |
CMYKº (c, m, y, k) | (0, 16, 100, 0) | |
ª) normalisearre nei [0-255] (byte) º) normalisearre nei [0-100] (%) |
Yn 'e kleurtechnyk
bewurkje seksjeBy additive kleurminging (bgl. op tillefyzje- en kompjûterskermen) is goud in sekundêre kleur, dy't produsearre wurdt troch read en grien ljocht te mingen. By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it ek in sekundêre kleur, dy't dêr oanmakke wurdt troch de minging fan giel mei in bytsje maginta. It is ek mooglik om 'e yllúzje fan goud te wekjen troch in foarwerp mei in glânzgjende of metallic-kleur sulver oer te skilderjen mei in transparant laachje giele ferve; soks wurdt gauris dien mei krystfersierings.
Goudtinten
bewurkje seksjeHjirûnder inkele kleurtinten dy't wol omskreaun wurde as 'goud':
goud | #FFD700 | |
âldgoud | #CFB53B | |
amber | #FFBF00 | |
ASU-goud1 | #FFC627 | |
Cal Poly Pomona-goud2 | #C6930A | |
feal goud | #E6BE8A | |
goudbrún | #996515 | |
goudgiel | #FFDF00 | |
goudgjirde | #DAA520 | |
klaproasgoud | #FCC200 | |
metallic-goud | #D4AF37 | |
mikadogiel | #FFC40C | |
MU-goud3 | #F1B82D | |
rispinggoud | #DA9100 | |
satynglânsgoud | #CBA135 | |
sinneglâns | #FFCC33 | |
UC Berkeley-goud4 | #FDB515 | |
UCLA-goud5 | #FFD100 | |
USC-goud6 | #FFCC00 | |
Vegasgoud | #C5B358 |
1) in offisjele kleur fan 'e Steatsuniversiteit fan Arizona (ASU)
2) in offisjele kleur fan 'e Kalifornyske Steatspolytechnyske Universiteit Pomona (Cal Poly Pomona)
3) in offisjele kleur fan 'e Universiteit fan Missoery (MU)
4) in offisjele kleur fan 'e Universiteit fan Kalifornje te Berkeley (UC Berkeley)
5) in offisjele kleur fan 'e Universiteit fan Kalifornje, Los Angeles (UCLA)
6) in offisjele kleur fan 'e Universiteit fan Súdlik Kalifornje (USC)
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |