Großwolde

(Trochferwiisd fan Großwolderfeld)

Großwolde (Eastfrysk Plat: Groo'woel)[1] is in doarp yn de gemeente Westoverledingen yn East-Fryslân. It doarp leit oan de B70 en leit tusken Ihrhove en Steenfelde.

Großwolde
Tsjerke fan Großwolde
Tsjerke fan Großwolde
Bestjoer
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Lânkring Lier
Gemeente Westoverledingen
Sifers
Ynwennertal 1670 (31 desimber 2020)
Hichte 2 m boppe seenivo
Oar
Postkoade 28610
Kaart mei de gemeente Westoverledingen

It efterheaksel -wolde ferwiist nei in wiete net oanmakke wyldernis. It oarspronklike doarp waard om 1200 hinne ferpleatst nei it easten ta dêr't it op in sânrêch leit. De tsjerke fan Großwolde komt fan de fjirtjinde iuw en hat noch in doopfont fan de tsjerke fan it âldere doarp.

Yn de Earste Wrâldkriich wie der in lytse wurkkamp by it doarp dêr't 65 Russyske kriichsfinzenen yn in strieminne tastân 999 hektare fean oanmeitsje moasten.

Under Großwolde falle de buorskippen Großwolderfeld (Eastfrysk Plat: Woldmerfeld) en Collhusen (Eastfrysk Plat: Kolhuusen).

Nijsgjirrich

bewurkje seksje
 
Stânbyld Oll Willm foar it gemeentehûs yn Ihrhove

Oll Willm ("Alde Willem"), wiere namme: Wilhelm Brechtezende (Großwolderfeld, 1886–1966), wie in dierber en kleurryk persoan yn Großwolde yn de earste helte fan de tweintichste iuw. Hy kaam út in boerehûshâlding en wie de soan fan Hinerk en Tjake Brechtezende. Hy fertsjinne de kost as Böskupploper troch foar oaren boadskippen te dwaan. Doe't de nazys oan de macht kamen, stutsen dy de gek mei him, mishannelen en narren him en skearden him keal. Guon jongelju fan de Hitler-Jongerein stutsen syn hut yn 'e brân. Yn 2011 waard foar him foar it gemeentehûs yn Ihrhove in stânbyld oprjochte.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen, sjoch de:Großwolde

  Westoverledingen  
Haadplak: Ihrhove
Doarpen: BreinermoorDrieverEsklumFlachsmeerFolmhusenGroßwoldeGrotegasteIhrenMitling-MarkSteenfeldeVöllen
  ·   ·