Hachette Livre

(Trochferwiisd fan Hachette)

Hachette Livre (útspr.: ['aʃɛt 'li:vʀ]) is de grutste útjouwerij fan Frankryk. It bedriuw waard yn 1826 oprjochte en is fêstige yn it fyftjinde arrondisemint fan Parys. Sûnt 1981 makket it ûnderdiel út fan 'e Lagardère Group. De Amerikaanske dochterûndernimming de Hachette Book Group is ien fan 'e fiif grutste útjouwerijen fan 'e Angelsaksyske wrâld.

Hachette Livre
algemien
hist. namme Brédif
L. Hachette et Compagnie
Librairie Hachette
Hachette SA
nasjonaliteit Frânsk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier Parys (Frankryk)
oprjochte 1826
oprjochter Louis Hachette
eigner Lagardère Group
dochters sjoch ûnder ymprints
offisjele webside
www.hachette.com

Hachette waard yn 1826 oprjochte troch de Frânske ûndernimmer Louis Hachette, as in boekhannel anneks útjouwerij, mei as namme Brédif. Yn 1846 waard it bedriuw omneamd ta L. Hachette et Compagnie; yn 1919 ta Librairie Hachette; en yn 1977 ta Hachette SA. Yn 1981 waard it bedriuw oernommen troch de Lagardère Group, dy't yn 1992 by in reorganisaasje alle útjouwersaktiviteiten fan Hachette gearbrocht ûnder de namme Hachette Livre (livre is Frânsk foar "boek"), wylst alle oare aktiviteiten fan Hachette oerpleatst waarden nei oare difyzjes. Hachette Livre is sûnt de wichtichste ymprint fan Lagardère Publishing, de útjouwerstûke fan Lagardère.

Yn 1996 waard de útjouwerij Hatier by Hachette Livre ûnderbrocht, en yn 2004 kocht Lagardère de wurdboekútjouwer Éditions Larousse oan, wêrnei't dy ek ûnderdiel fan Hachette Livre waard. Yn 2006 teach Lagardère de Amerikaanske merk op troch de Time Warner Book Group oan te keapjen, dy't dêrnei omneamd waard ta de Hachette Book Group en sûnt in Amerikaanske dochterûndernimming fan Hachette Livre foarmet.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and References, op dizze side.