Abrams Books
Abrams Books, foarhinne Harry N. Abrams, Inc. (HNA), is in Amerikaanske útjouwerij fan keunstútjeften, coffee table books, printeboeken, berneboeken, jeugdliteratuer en kantoar- en skriuwnedichheden. It bedriuw is in dochterûndernimming fan 'e Frânske útjouwersgroep La Martinière Groupe. Abrams bringt jiers likernôch 250 publikaasjes út en hat in fûnskatalogus dy't mear as 3.000 leverbere titels omfettet. Dêrnjonken fersoarget Abrams ek de distribúsje foar publikaasjes fan it Victoria and Albert Museum, Tate, Vendome Press (yn Noard-Amearika), Booth Clibborn Editions, SelfMadeHero, MoMA Children's Books en 5 Continents.
Abrams Books | ||
algemien | ||
hist. namme | Harry N. Abrams, Inc. (HNA) | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type | privaat | |
sektor | útjouwerij | |
haadkertier | New York (New York) | |
oprjochte | 1949 | |
oprjochter | Harry N. Abrams | |
eigner | La Martinière Groupe | |
offisjele webside | ||
www.abramsbooks.com |
Skiednis
bewurkje seksjeAbrams Books waard yn 1949 oprjochte troch útjouwer Harry N. Abrams ûnder de namme Harry N. Abrams, Inc. It wie de earste útjouwerij yn 'e Feriene Steaten dy't him talei op 'e gearstalling en it útjaan fan keunstboeken. Yn 1966 waard it bedriuw oankocht troch Times Mirror, mar Harry Abrams behold de posysje fan direkteur. Nei't hy yn 1977 mei pinsjoen gien wie, waard de útjouwerij oant jannewaris 2001 laat troch Paul Gottlieb. Underwilens wie Abrams yn 1997 oernommen troch de Frânske La Martinière Groupe. De nammeferoaring fan Harry N. Abrams, Inc. yn Abrams Books fûn omtrint 2010 plak. Yn 2018 kocht Abrams de lytse útjouwerij The Overlook Press oan.
Ymprints
bewurkje seksje- Abrams Books
- Publisearret yllustrearre boeken oer keunst, fotografy, de poadiumkeunsten, moade, binnendoararsjitektuer, natoer en wittenskip.
- Abrams Appleseed
- Oprjochte yn 2012. Publisearret printeboeken en kleurboeken foar bern oant fiif jier.
- Abrams Books for Young Readers
- Publisearret printeboeken en yllustrearre non-fiksje foar bern fan 2 oant 8 jier.
- Abrams Comicarts
- Publisearret grafyske romans en yllustrearre boeken oer striptekeners en de skiednis fan strips en tekenfilms.
- Abrams Image
- Oprjochte yn 2006. Publisearret yllustrearre en net-yllustrearre boeken oer muzyk, humor, moade en popkultuer.
- Abrams Noterie
- Publisearret kantoar- en skriuwnedichheden en kadopapier fan hege kwaliteit y.g.m. skriuwers, keunstners en fêstige merken.
- Abrams Press
- Publisearret biografyen, autobiografyen en narrative non-fiksjewurken dy't ferbân hâlde mei keunst, kultuer, iten, styl, design, skiednis, de aktualiteit, wittenskip en technology.
- Amulet Books
- Publisearret romans, grafyske romans en non-fiksje foar opgroeiende bern en jongfolwoeksenen.
- Amulet Paperbacks
- Publisearret itselde soarte boeken as Amulet Books, mar dan as paperbacks. Dêrby giet it om sawol oarspronklike útjeften as werprintingen.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |