Ilona Anna Staller ("Ilona" wurdt ek wol italjanisearre ta "Elena"; Boedapest, 26 novimber 1951) is in Hongaarsk-Italjaansk neakenmodel, pornografysk aktrise, politika, tillefyzjepresintatrise en sjongster fan etnysk Dútsk komôf, dy't nei alle gedachten better bekend is as Cicciolina of La Cicciolina. Dy artystenamme is ôflaat fan it Italjaanske ciccia (fleis) en betsjut sokssawat as "[frommes dat] goed yn 't fleis sit". Bûten Itaalje is hja benammentlik bekend wurde om't hja yn 1987 yn it Italjaanske parlemint kaam en dêrmei de earste pornostjer yn 'e wrâld wie dy't in sit as parlemintslid wist te bemachtigjen.

Ilona Staller
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Cicciolina, La Cicciolina,
Elena Staller
echte namme Ilona Anna Staller
nasjonaliteit Hongaarsk
Italjaansk
berne 26 novimber 1951
berteplak Boedapest (Hongarije)
etnisiteit Dútsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 19701994
offisjele webside
www.cicciolinaonline.com

Priveelibben

bewurkje seksje

Ilona Staller is hikke en tein yn 'e Hongaarske haadstêd Boedapest. Har heit, László Staller, liet syn gesin al ier yn 'e steek, dat se waard grutbrocht troch har mem, dy't froedfrou wie, en har styfheit, dy't op it Ministearje fan Ynlânske Saken wurke. Yn 1964, doe't se trettjin jier wie, begûn Staller al mei it dwaan fan modellewurk foar it Hongaarske nijsagintskip Magyar Távirati Iroda (MTI). Yn 'e twadde helte fan 'e sechstiger jierren wurke hja in hoart as keamerfamke yn in lúks hotel yn Boedapest. Ut har autobiografy en in fraachpetear op 'e tillefyzje út 1999 kaam nei foarren dat se yn dy hoedanichheid Amerikaanske diplomaten bespionearre yn opdracht fan 'e Hongaarske autoriteiten. Om 1970 hinne mette Staller in Italjaan, troude mei him (en krige dêrtroch de Italjaanske nasjonaliteit) en sette har nei wenjen yn Itaalje.

Pornokarriêre

bewurkje seksje

Suver fuort nei't se nei Itaalje ta emigrearre wie, kaam Staller yn 'e kunde mei de pornoprodusint Riccardo Schicchi. Dat late ta har debút yn in sêft pornografyske film, yn 1970. Fan 1973 ôf krige se yn Itaalje bekendheid by in breder publyk troch har radioprogramma Voulez-vous Coucher avec Moi?, op 'e stjoerder Radio Luna. Foar dat programma naam se foar it earst de namme "Cicciolina" oan (wat mear in poppenamke is as in pseudonym, en dy't se altiten njonken har wiere namme brûkt hat en net yn 't plak derfan). Yn 1975, yn 'e film La Liceale, wurke se foar it earst as sêftpornoaktrise ûnder har eigen namme en/of dy fan "Cicciolina"; foartiid hie se altiten skûlnammen brûkt.

Yn 1978 wie hja de earste frou dy't yn Itaalje topless op 'e tillefyzje ferskynde, yn it RAI-programma C'era Due Volte. Har earste rol yn in hurd pornografyske film, Telefono Rosso, wie yn 1983. Yn 1987 spile se yn Carne Bollente (yn 'e Feriene Steaten útbrocht ûnder de titel The Rise and Fall of the Roman Empire), mei de legindaryske, oan AIDS ferstoarne Amerikaanske pornoakteur John Holmes. Dêr ûntstie neitiid frijwat trelit oer, doe't bliken die dat Holmes al wist dat er HIV-posityf wie foàr't er oan dy film meidie.

Njonken har aktearwurk posearre Staller ek foar in ferskaat oan neakenblêden, wêrûnder de nasjonale ferzje fan 'e Playboy fan Argentynje (maart 1988), de Feriene Steaten (septimber 1990), Hongarije (juny 2005), Servje (july 2005) en Meksiko (septimber 2005). Ek wurke hja wol mei oan mainstream-films en -tillefyzje. Sa hie se yn 1994 in roltsje yn 'e Amerikaanske science fiction-film Replikator, en spile se yn 1996 in gastrol yn 'e Brazyljaanske soapsearje Xica da Silva, as prinsesse Ludovica di Castelgandolfo di Genova. Yn 2008 die se mei oan Bailando por un Sueño, de Argentynske ferzje fan Dancing with the Stars.

Politike karriêre

bewurkje seksje

Staller har earste dielname oan 'e polityk fûn plak yn 1979, doe't se op 'e kieslist stie fan 'e Lista del Sole, de earste griene partij fan Itaalje. Yn 1985 stapte se oer nei de Partito Radicale, en fierde se kampanje tsjin nukleêre enerzjy en it NATO-lidmaatskip, en foar minskerjochten. Se waard yn 1987 keazen as parlemintslid; der wiene likernôch 20.000 stimmen op har útbrocht. Wylst se yn it Italjaanske parlemint siet, gie Staller gewoan troch mei it spyljen yn hurde pornofilms.[1] Se waard berucht troch it bleat litten fan ien boarst by politike sprekbeurten.[2] Flak foar it útbrekken fan 'e Earste Golfoarloch bea Staller Saddam Hoessein oan om seks mei har te hawwen yn ruil foar it frijlitten fan 'e bûtenlanners dy't doedestiden troch de Iraakskse diktator yn gizeling holden waarden. Nei it útsitten fan har termyn as parlemintslid slagge it har by de ferkiezings fan 1991 net om op 'e nij keazen te wurden.

Datselde jiers wie Staller ien fan 'e oprjochters fan 'e politike beweging Partito dell'Amore ("Partij fan 'e Leafde"), dy't laat waard troch har freondinne en kollega-pornoaktrise Moana Pozzi. Yn jannewaris 2002 ûndersocht se de mooglikheid om mei te dwaan oan 'e ferkiezings yn har heitelân Hongarije, wêrby't se it yn 't sin hie om foar it Kőbánya-distrikt fan Boedapest út te kommen. It slagge har lykwols net om it fereaske tal hantekenings byinoar te bringen om as ûnôfhinklik kandidate meidwaan te meien. Yn itselde jier die hja mei oan lokale ferkiezings yn it Italjaanske Monza, mei it ûnthjit om in prominint gebou dêre te feroarjen yn kasino, mar se krige te min stimmen. In ferlykber plan om boargemaster fan Milaan te wurden, yn 2004, rûn ek op neat út. Yn oktober 2002 bea hja Saddam Hoessein fannijs har lichem oan, diskear om him oer te heljen om ynternasjonale ynspekteurs ta te litten, dy't yn Irak kontrolearje moasten oft it lân him ek skuldich makke oan 'e fabrikaazje fan massaferneatigingswapens. Yn april 2006 die se Osama bin Laden itselde oanbod.

Yn septimber 2011 ûntstie der yn Itaalje nochal wat opskuor, doe't dúdlik waard dat der in jierliks steatspinsjoen fan € 39.000,— oan Staller útkeard wurde soe fanwegen har fiifjierske termyn as folksfertsjintwurdichster. Yn in reäksje op 'e kontroverse sei de eardere pornostjer, dy't it pinsjoen foar it earst ynkassearje mocht yn novimber 2011, doe't se sechstich waard: "Ik haw it fertsjinne en dêr bin 'k grutsk op." Yn 2012 rjochte Staller de Partij foar Demokrasy, Natoer en Leafde (DNA) op, tegearre mei har partner, de strafabbekaat Luca di Carlo. Under de doelen dy't de partij útdraacht, binne: legalisearring fan it homohoulik; it weriepenjen fan sletten bordelen; in garandearre minimumlean foar jongerein; in rjochtfeardich rjochtssysteem foar alle Italjanen en net inkeld foar de riken; en de ôfskaffing fan 'e privileezjes fan 'e fêstige politike oarder yn Itaalje.

Muzikale karriêre

bewurkje seksje

Staller hat ferskate lieten opnommen, meast fan live-optredens, mei 'eksplisite' teksten op wizen fan berneferskes. Har bekendste liet is Muscolo Rosso, dat hielendal wijd is oan il cazzo, "de pyst". Omreden fan ynhâld en wurdkar koe dit liet net útbrocht wurde yn Itaalje, mar it waard wol in hit in oare lannen, benammen yn Frankryk, dêr't de harkers gjin aan fan 'e betsjutting fan 'e tekst hiene. It liet waard ek frijwat populêr op it ynternet, sadat ek Italjanen dermei yn 'e kunde komme koene.

Houlik mei Koons

bewurkje seksje

Yn 1991 troude Staller mei de Amerikaanske keunstner Jeff Koons, mar it houlik einige yn 1994 yn rûzje en in skieding. Koons makke in rige pornografyske byldhouwurken en foto's fan harren beiden by it bedriuwen fan 'e leafde yn in ferskaat oan posysjes, dekôrs en kostumen, dy't er tentoanstelde ûnder de titel Made in Heaven. Staller en Koons krigen in soan, Ludwig (ferneamd nei de sljochtsinnige kening Loadewyk II fan Beieren), dy't berne waard koart nei't harren relaasje op 'e klippen rûn wie, en doe daliks it ûnderwerp fan in juridyske fjildslach waard. It oansetten fan it bern waard troch Koons en Staller sjoen as keunstwurk en yn dy hoedanichheid foarme it yn harren eagen ûnderdiel fan Made In Heaven. Koons beskôget syn soan as in troch him skepen biologyske skulptuer. De skriuwer Tommy Wieringa waard troch dize histoarje ynspirearre ta it skriuwen fan Caesarion (2009). Yn 1998 oardiele in Amerikaanske rjochter dat Staller te frijsinnich wie om 'e morele opfieding fan har soan tafertroud te wurden en dat Koons sadwaande hoed en noed foar de jonge stean moast, mar Staller hold it bern yn Rome, en klage Koons yn 2008 oan om't er gjin alimintaasje betelle hawwe soe.

  • Carcere amori bestiali (1994)
  • Replikator (1994)
  • Ho scopato un'aliena (1992)
  • Le Donne di Mandingo (1991)
  • Backfield in Motion (1990)
  • Cicciolina e Moana ai mondiali (1990)
  • Rise of the Roman Empress # 2 (1990)
  • Tutte le provocazioni di Moana (1990)
  • Bottega del piacere, La (1988)
  • The Devil in Mr. Holmes (1987)
  • Carne bollente (1987)
  • Cicciolina Number One (1986)
  • Banane al cioccolato (1986)
  • Telefono rosso (1986)
  • I Racconti sensuali di Cicciolina (1985)
  • Il Pornopoker (1984)
  • Conchiglia dei desideri (1983)
  • Senza buccia (1980)
  • John Travolto... da un insolito destino (1979)
  • Bedtime Stories (1979)
  • Cicciolina amore mio (1979)
  • Dedicato al mare Egeo (1979)
  • Voglia di donna (1978)
  • Il Mondo dei sensi di Emy Wong (1977)
  • Bestialità (1976)
  • I Prosseneti (1976)
  • Inibizione (1976)
  • ...a tutte le auto della polizia (1975)
  • Il Cav. Costante Nicosia demoniaco, ovvero: Dracula in Brianza (1975)
  • Cuore di cane (1975)
  • L' Ingenua (1975)
  • La Liceale (1975)
  • La Supplente (1975)
  • Vizi privati, pubbliche virtù (1975)
  • Incontro d'amore (1970)
  • "Myn boarsten hawwe nea immen kwea dien, wylst bin Laden syn kriich tûzenen slachtoffers makke hat." -- Oktober 2002 [3]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Cicciolina's Sexual Politics; International Museum of Women
  2. Promising to Be Demure, Italian Porn Star Weds, 02 juny 1991 yn LA Times
  3. Sydney Morning Herald, Austraalje

Foar oare boarnen en literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.