J.T. Money (pornografysk akteur)
J.T. Money, echte namme: Joseph Putersbaugh (Fort Lauderdale (Floarida), 22 augustus 1979), is in Amerikaansk rêstend pornografysk akteur en regisseur fan etnysk Dútsk komôf. Hy hat ek wol wurke ûnder de artystenammen J.T., JT, Johnny Rod, Ron Dickams en Ron Dickums. De skûlnamme 'J.T. Money' is ûntliend oan 'e rapper mei deselde namme. Money begûn yn 2005 oan in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn frijwat films. Yn 2015 beëinige er syn karriêre as pornoakteur.
J.T. Money (pornografysk akteur) | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
J.T., JT, Johnny Rod, Ron Dickams, Ron Dickums | |
echte namme | Joseph Putersbaugh | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 22 augustus 1979 | |
berteplak | Fort Lauderdale (Floarida) | |
etnisiteit | Dútsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | pornoakteur, regisseur | |
jierren aktyf | 2005 – 2015 | |
offisjele webside | ||
gjint |
- Dizze side giet oer de pornoakteur J.T. Money. Foar de rapper, sjoch: J.T. Money (rapper).
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJ.T. Money waard yn 1979 berne yn Fort Lauderdale, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Floarida. Yn 2005, doe't er 26 jier âld wie, sette er útein mei in karriêre as pornoakteur. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile er yn totaal yn mear as 150 pornografyske films, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Vivid Entertainment, New Sensations, The Score Group, Red Light District en ClubJenna.
Fierders wie Money ek wol aktyf foar minder bekende filmstudio's, lykas Pure Play Media en Mile High Media. Teffens wied er in protte yn 't spier foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder Reality Kings, mar benammen BangBros, dêr't er jierrenlang in fêste meiwurker wie fan 'e websiden Ball Honeys en Ass Parade.
Under syn karriêre wurke J.T. Money gear mei aktrises as Eva Angelina, Carmella Bing, Tori Black, Ashlynn Brooke, Renae Cruz, Sophie Dee, Danielle Derek, Jada Fire, Diamond Foxxx, Savannah Gold, Holly Halston, Sara Jay, Jenaveve Jolie, Chastity Lynn, Marie McCray, Gianna Michaels, Trina Michaels, Maxi Mikita, Caroline Pierce, Sativa Rose, Daphne Rosen, Dylan Ryder, Shyla Stylez, Puma Swede, Flower Tucci, Michelle Tucker, Juelz Ventura en Candace Von.
Njonken syn aktearwurk wie Money tusken 2006 en 2009 ek wurksum as regisseur fan sechstjin ûnderskate pornofilms, wêrfan't tolve op 'e merk brocht waarden troch Bang Productions, de memme-ûndernimming fan BangBros. Under dy films wiene titels as Ass Parade 9, Mr. Camel Toe diel 5 en 6 en de earste fjouwer dielen fan 'e Street Ranger-searje. Foar ClubJenna regisearre Money de film My Neighbor's Sex Tapes 3. Uteinlik loek J.T. Money him yn 2015 hielendal út 'e pornoyndustry werom.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Biografy en filmografy fan J.T. Money yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan J.T. Money yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |