Jong-Feintepartij
De Jong-Feintepartij is in keatswedstryd dy't elts jier op 'e fjirde woansdei fan 'e moanne july holden wurdt yn it Fryske doarp Easterein. It is in partij foar jongfeinten fan 17 oant 21 jier (junioaren). De Jong-Feintepartij wurdt organisearre troch it KNKB. It is in saneamde 'ôfdielingswedstryd', dêr't eltse by it KNKB oansletten keatsferiening ien of mear partoeren foar ynskriuwe mei.
Jong-Feintepartij | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Easterein | |
holden yn | sportpark De Skoalleseize | |
datum | 4e woansdei fan july | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | sport (keatsen) | |
bestean | 2005 – no | |
org. troch | KNKB | |
offisjele webside | ||
www.kfeasterein.nl/.../ynformaasje |
Skiednis en beskriuwing
bewurkje seksjeDe Jong-Feintepartij waard yn 2005 foar it earst ferkeatst, op inisjatyf fan 'e Keatsferiening Easterein, mei as doel om in brêge te slaan tusken de kategoryen fan 'e jonges en de senioaren. De KNKB en pleatslike ôfdielings kampten nammentlik al jierren mei it probleem dat jonge keatsers dy't te âld wiene om mei te dwaan oan 'e Freulepartij yn Wommels, mar noch te jong om by de senioaren te keatsen, ôfheakken om't der foar harren in gat fan fjouwer jier bestie dêr't neat te winnen wie. Foar de earste edysje fan 'e Jong-Feintepartij, op 27 july 2005, skreaune 26 partoeren har yn.
It winnende partoer is in jier hâlder fan 'e wikselpriis de "Sulveren Leest", dy't beskikber steld waard troch Jan Hiemstra fan Frjentsjer, in âld-lid fan Keatsferiening Easterein en de skriuwer fan 'e jubileumboeken Bûkelje en Boppeslaan en Fol Faasje Fierder. Njonken de wikselpriis binne der bykommende prizen yn 'e foarm fan sulverne keatsballen en in slûf mei prizejild. Yn totaal omfettet de prizepot mear as €3.300,– wêrfan't it meastepart troch sponsoring byinoar brocht is.
Winnerslist
bewurkje seksjeDit is in opsomming fan 'e winnende partoeren fan 'e Jong-Feintepartij.[1]
- 2005 - Wytmarsum
- 2006 - Wytmarsum
- 2007 - Makkum
- 2008 - Holwert
- 2009 - Holwert
- 2010 - Tsjummearum
- 2011 - Frjentsjer
- 2012 - Tsjummearum
- 2013 - Sint-Anne
- 2014 - Seisbierrum-Pitersbierrum
- 2015 - Boalsert
- 2016 - Seisbierrum-Pitersbierrum
- 2017 - Frjentsjer
- 2018 - Berltsum[2]
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|