Judith Kerr (Ingelske útspr. efternamme: [kɑ:] of [kɑ:ɹ], likernôch: "kaa" of "kaar"; Dútske útspr.: [kɛr], likernôch: "ker"; folút: Anna Judith Gertrud Helene Kerr Kneale; Berlyn, 14 juny 1923Londen, 22 maaie 2019) wie in Ingelsk berneboekeskriuwster en yllustratrise. Hja waard berne yn 'e Weimarrepublyk as de dochter fan etnysk Joadske âlden. Doe't yn 1933 Adolf Hitler oan 'e macht kaam, ûntflechte de húshâlding Dútslân, wêrnei't se yn 1936 yn it Feriene Keninkryk bedarren. Kerr makke fan 'e 1960-er jierren ôf namme as auteur fan útsûnderlik populêre berneboeken as The Tiger Who Came to Tea en de Mog-searje. Ek publisearre se it semy-autobiografyske When Hitler Stole Pink Rabbit, dat de opkomst fan it nazisme yn Dútslân beskriuwt troch de eagen fan in Joadsk bern.

Judith Kerr
skriuwer
Judith Kerr yn 2016.
Judith Kerr yn 2016.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Anna Judith Gertrud Helene Kerr
nasjonaliteit Britsk
berne 14 juny 1923
berteplak Berlyn (Dútslân)
stoarn 22 maaie 2019
stjerplak Londen (Ingelân)
etnisiteit Joadsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre berneboeken
perioade 2e helte 20e iuw
tema's û.m. joadeferfolging
bekendste
  wurk(en)
The Tiger Who Came to Tea
de Mog-searje
When Hitler Stole Pink Rabbit
útjouwer HarperCollins, Puffin Books
prizen Deutscher Jugendlit.preis 1974
jierren aktyf 19682019
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Kerr waard yn 1923 berne yn Berlyn, dat doedestiden de haadstêd fan 'e Weimarrepublyk wie. Hja wie de dochter fan Alfred Kerr (1867-1948), in teäterkritikus dy't syn namme yn 1909 offisjeel feroarje litten hie fan Kempner yn Kerr, om assosjaasje mei de dichteresse Friederike Kempner foar te kommen. Kerr har mem wie Julia Kerr (berne Julia Anna Franziska Weismann; 1898-1965), in komponiste dy't in dochter wie fan in Prusysk politikus. Beide âlden wiene fan Joadsk komôf. Judith Kerr hie in broer, Michael Kerr, dy't letter abbekaat en rjochter fan it Ingelske Heechgerjochtshôf waard.

Begjin maart 1933, fuort nei't de NSDAP yn Dútslân de macht oernommen hie, ûntflechte de húshâlding it lân. Alfred Kerr hie him nammentlik kritysk oer de nazys útlitten en hie himsels dêrtroch ta doelwyt makke. Koart nei't er om utens gien wie, begûnen de nazys syn boeken te ferbaarnen. De Kerrs brochten earst in healjier yn Switserlân troch en fêstigen har dêrnei yn Parys. Uteinlik bedarren se yn 1936 yn 'e Britske haadstêd Londen, dêr't Judith Kerr har hiele fierdere libben wenjen bliuwe soe. De Kerrs lieten harsels naturalisearje ta Britske steatsboargers.

Letter libben

bewurkje seksje

Under de Twadde Wrâldoarloch wurke Kerr foar it Reade Krús en holp se by de ferpleging fan ferwûne soldaten. Neitiid krige se in stúdzjebeurs om in keunstoplieding te folgjen oan 'e Central School of Arts and Crafts. Se mette har lettere man, de senarioskriuwer Nigel Kneale (ropnamme Tom) yn 'e kantine fan it BBC-gebou. Hy wie ferantwurdlik foar it senario fan 'e science fiction-tillefyzjesearje The Quatermass Experiment, en Kerr assistearre by dy searje by it meitsjen fan 'e special effects. It wie Kneale dy't Kerr oansette om te sollisitearjen nei in baan as senarioskriuwster by de BBC.

Kerr en Kneale trouden yn 1954 en bleaune byinoar oant syn ferstjerren yn 2006. Se krigen twa bern: Tacy (1958) en Matthew (1960). Tacy Kneale is in aktrise, keunstskilderesse (mei as spesjaliteit ynsekten) en animatrise, dy't û.m. belutsen wie by it meitsjen fan 'e special effects foar de Harry Potter-filmsearje. Matthew Kneale is in skriuwer dy't yn 2000 de Whitbread Book Award yn 'e kategory boek fan it jier wûn mei de roman English Passengers. Judith Kerr wenne fan 1962 oant har dea yn itselde hûs yn 'e Londenske wyk Barnes, earst mei har húshâlding, doe mei har man en úteinlik as widdo.

Karriêre as skriuwster

bewurkje seksje

Hoewol't Kerr der as bern fan dreamde om in ferneamd skriuwster te wurden, begûn se pas boeken te skriuwen en te yllustrearjen doe't har eigen bern âld genôch wiene om lêzen te learen. Se sette yn 1968 har karriêre útein mei it ferhaal The Tiger Who Came to Tea, dat yn it Feriene Keninkryk noch altyd ien fan 'e populêrste boeken foar jonge bern is. Yn 1970 publisearre se fierders it boek Mog the Forgetful Cat. Dat wie it earste diel fan in rige fan sechstjin boeken oer de aventoeren fan 'e kat Mog, dy't Kerr basearre op in echte siperske kat dy't ûnder it skriuwen by har op 'e skurte lei.

Doe't har soan Michael acht jier wie, gie Kerr mei de hiele húshâlding nei de musical The Sound of Music, dy't doe yn 'e bioskopen draaide. Kerr, dy't de joadeferfolging sels meimakke hie, fûn it in ferskriklike film, mar nei't se út 'e bioskoop kamen, sei Michael tsjin har: "No witte we hoe't it wie doe't mem lyts wie." Dat siet Kerr sa dwers dat se besleat om in roman te skriuwen oer hoe't har jonkheid wier west hie. Yn 1971 ferskynde sadwaande fan har hân it boek When Hitler Stole Pink Rabbit, dat de opkomst fan it nazisme beskriuwt, sjoen troch de eagen fan in Joadsk bern. De titel ferwiist nei Kerr har spyt dat se by de flecht út Berlyn net har leave rôze knyntsje meinommen hie.

When Hitler Stole Pink Rabbit, bedoeld foar bern fan njoggen oant tolve jier, waard yn it Feriene Keninkryk in wiere klassiker. It boek waard ek oerset yn it Dútsk, ûnder de titel Als Hitler das rosa Kaninchen stahl, en wûn yn 1974 de Deutscher Jugendliteraturpreis. Tsjintwurdich is Als Hitler das rosa Kaninchen stahl op 'e measte Dútske skoallen in ferplichte ûnderdiel fan it lesprogramma. Kerr skreau noch twa ferfolgen op When Hitler Stole Pink Rabbit. Dat wiene Bombs on Aunt Dainty (oarspronklik publisearre as The Other Way Round), út 1975, oer it libben yn Londen ûnder de Twadde Wrâldoarloch, en A Small Person Far Away, út 1978, oer it libben yn Londen en in besyk oan West-Berlyn ûnder de Kâlde Oarloch. De trije romans foarmje mei-inoar de trilogy Out of the Hitler Time.

Neffens Kerr waard it skriuwen foar har wichtiger as ea tefoaren nei't har man har yn 2006 ûntfallen wie. Se gie dêrom troch mei it publisearjen fan berneboeken, lykas Twinkles, Arthur and Puss, yn 2008, en One Night in the Zoo, yn 2009. Ta gelegenheid fan 'e Birthday Honours (ferlykber mei de Nederlânske lintsjesrein) fan 2012 waard Kerr beneamd ta ofsier yn 'e Oarder fan it Britske Ryk (OBE), foar har fertsjinsten op it mêd fan berneliteratuer en holokaustûnderrjocht. Yn 2013 waard de earste twatalich Ingelsk-Dútske skoalle yn it Feriene Keninkryk, de Judith Kerr Primary School yn Herne Hill, yn it suden fan Londen, nei har ferneamd. Yn maaie 2019, in wike foar har ferstjerren, waard Kerr noch nominearre foar de British Book Award foar yllustrator fan it jier.

Judith Kerr kaam op 22 maaie 2019 nei in koart siikbêd thús yn Londen yn 'e âlderdom fan 95 jier te ferstjerren. In argyf fan har yllustraasjes wurdt bewarre yn it Seven Stories-sintrum yn Newcastle upon Tyne.

Wurk (in kar)

bewurkje seksje
  • 1968 – The Tiger Who Came to Tea
  • de Mog-rige
    • 1970 – Mog the Forgetful Cat
    • 1976 – Mog's Christmas
    • 1980 – Mog and the Baby
    • 1983 – Mog in the Dark
    • 1984 – Mog and Me
    • 1985 – Mog's Family of Cats
    • 1986 – Mog's Amazing Birthday Caper
    • 1988 – Mog and Bunny
    • 1991 – Mog and Barnaby (ek bekend as Look Out, Mog)
    • 1993 – Mog on Fox Night
    • 1994 – Mog in the Garden
    • 1994 – Mog's Kittens
    • 1995 – Mog and the Granny
    • 1996 – Mog and the Vee Ee Tee
    • 2000 – Mog's Bad Thing
    • 2002 – Goodbye, Mog
    • 2015 – Mog's Christmas Calamity (reklamespotsje foar supermerkkeatling Sainbury's dat letter ek yn boekferzje útbrocht waard)
  • Out of the Hitler Time
  • 2001 – The Other Goose
  • 2006 – Goose in a Hole
  • 2008 – Twinkles, Arthur and Puss
  • 2009 – One Night in the Zoo
  • 2017 – Katinka's Tail

Prizen en nominaasjes

bewurkje seksje
jier priis resultaat kategory foar
1974 Deutscher Jugendliteraturpreis wûn bêste roman When Hitler Stole Pink Rabbit
2019 British Book Award nominearre yllustrator fan it jier n.f.t.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.