Kalkoenen
De kalkoenen (wittenskiplike namme: Meleagris) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), it boppeskift fan 'e goes- en hineftigen (Galloanserae), it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de boppefamylje fan 'e fazantfûgels (Phasianoidea), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae), de ûnderfamylje fan 'e echte fazanten (Phasianinae) en de tûke fan 'e rûchpoathinnen (Tetraonini). Foarhinne waarden de kalkoenen op taksonomysk mêd klassifisearre yn in eigen ûnderfamylje fan 'e fazanteftigen, te witten: de kalkoenfûgels (Meleagridinae). Nije ynsichten dy't it resultaat binne fan DNA-ûndersyk hawwe útwiisd dat de kalkoenen eins by de rûchpoathinnen yndield wurde moatte, yn 'e ûnderfamylje fan 'e echte fazanten. Dy nije yndieling waard yn 2021 formeel oanfurde troch de Ynternasjonale Uny fan Ornitologen (IOU).
kalkoenen | ||
In kalkoen (Meleagris gallopavo). | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | fûgels (Aves) | |
ûnderklasse: | moderne fûgels (Neornithes) | |
tuskenklasse: | nijkakigen (Neognathae) | |
boppeskift: | goes- en hineftigen (Galloanserae) | |
skift: | hineftigen (Galliformes) | |
boppefamylje: | fazantfûgels (Phasianoidea) | |
famylje: | fazanteftigen (Phasianidae) | |
ûnderfamylje: | echte fazanten (Phasianinae) | |
tûke: | rûchpoathinnen (Tetraonini) | |
skaai: | kalkoenen (Meleagris) | |
Linnaeus, 1758 | ||
Skaaibeskriuwing
bewurkje seksjeDit skaai omfettet twa libbene soarten, wêrfan't de kalkoen fierwei de bekendste is. Dy komt foar yn tige ferskate biotopen yn grutte dielen fan Noard-Amearika. De minder bekende paukalkoen komt inkeld foar yn it tropysk reinwâld op it Jûkatanskiereilân fan Midden-Amearika. De nuete kalkoen is de domestisearre ûndersoarte fan 'e (wylde) kalkoen. Fierders binne der noch in pear fossile soarten. De Kalifornyske kalkoen libbe yn it Pleistoseen en it Ier-Holoseen fan Kalifornje en stoar likernôch 10.000 jier lyn út. De súdwestlike kalkoen kaam yn deselde snuorje foar yn Nij-Meksiko.
De kalkoenen ûntjoegen har nei skatting 20 miljoen jier lyn yn Noard-Amearika, dêr't de nuete kalkoen sa'n 2.000 jier lyn troch Yndiaanske folken domestisearre waard. De wittenskiplike namme Meleagris waard yn 1758 yntrodusearre troch de Sweedske biolooch Carolus Linnaeus yn 'e tsiende edysje fan syn gesachhawwende Systema Naturae. De namme komt út it Aldgryksk, fan μελεαγρις, meleagris, dat "pearelhin" betsjut. De kalkoenen binne, mei in gewicht dat oprinne kin oant 10 kg, fierwei de grutste leden fan 'e tûke fan 'e rûchpoathinnen. Se binne fierders opmerklik om 'e pronkjende waaiersturten en lellen fan 'e hoannen.
Soarten
bewurkje seksje
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|