Ruïne fan Teylingen

(Trochferwiisd fan Kastiel Teylingen)

De ruïne fan Teylingen is de ruïne fan it eardere Kastiel Teylingen yn de buorskip Teijlingen, part fan de kearn fan Voorhout yn de Súdhollânske gemeente Teylingen, oan de grins mei Sassenheim. Nei alle gedachten wie it it stamslot fan de aadlike famylje Fan Teylingen, dêr't it hûs Brederode streekrjocht fan ôfstamme.[1] De gemeente Teylingen, dy't yn 2006 nei de fúzje fan de gemeenten Sassenheim, Voorhout en Warmond foarme waard, is nei de ruïne neamd.

Ruïne fan Teylingen
De ruïne fan Teylingen
De ruïne fan Teylingen
Lokaasje
lân Nederlân
plak Voorhout
adres Teijlingerlaan 15a
koördinaten 52° 13' 52" NB 4° 31' 9" EL
Skiednis
boujier 13e iuw
hjoeddeiske steat ruïne
Oars
type wetterboarch
boustyl klassisisme
hjoeddeisk gebrûk museum
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 37983
Webside
www.kasteelteylingen.nl
Kaart
Ruïne fan Teylingen (Súd-Hollân)
Ruïne fan Teylingen

Nei't it greefskip Hollân út Frysk grûngebiet wei foarme waard, kamen der yn de 13e iuw in trijetal ridderhofstêden om Sassenheim hinne. Oan de súdkant, by de ôfspjalting fan de strânwâl nei Warmond in kastiel fan de hearen fan Alkemade, oan de noardeastkant de ridderhofstêd Ter Leede, en justjes noardlik fan t doarp lei in troch in grêft omjûn folksboarch by de westlike râne fan de strânwâl del. Hear Dirk fan Teylingen liet dy wetterboarch om 1250 hinne útbouwe en fersterkje ta in wenboarch, dêr't de oerbliuwsels hjoed-de-dei noch bekend steane as de Ruïne fan Teylingen. Ut dy strategyske fêsting wei waard op hjitten fan de Hollânske greven yn westlike rjochting in ferhege dyk oanlein nei it greeflik jachtmêd yn de Noardwikerhoutske dunen oanlein, troch de sompige strânflakte. Dat lânguod fan Kastiel Teylingen stean bekend as de Keukenduin dêr't it wyld, fee en allegear krûden en beien bestimd wie foar de koken fan it kastiel. De hjoeddeistige Keukenhof hat syn namme dêrfan krigen. De meast ferneamde ynwenenr wie grevinne Jakoba fan Beieren, dy't har yn it kastiel weromloek nei de Hoekske en Kabbeljauske Tsierderijen en har man Frank fan Borsele, steedhâlder fan Hollân en Seelân.

It kastiel bestie út in ringmuorre en in donjon, in soarte stins, dêr't de ringmuorre part fan wie en foar in part troch wetter omjûn waard. De ringmuorre komt fan it begjin fan de 13e iuw en it wengebou justjes dêrnei. It kastiel rekke yn de tachtichjierrige Kriich tige skeind en dêrnei foar in part weropboud. It kastiel hie ek in foarboarch. Om 1675 hinne baarnde de donjon út, dêr't er nei kaam te ferfallen en stadichoan sloopt waard. It lângoed, mank mei de ruïne, hearde ta it besit fan it gewest Hollân, dy't yn 1795 nasjonalisearre waarden. Dêrmei wie de ruïne in betiid foarbyld fan Nederlânske monumintesoarch. Yn 1889 waard de ruïne troch W. van Teylingen weromskonken oan de Steat fan de Nederlannen, dy't hjoed-de-dei noch hieltyd de eigner is. De ruïne is part fan de portefúlje fan de Ryksgebouwetsjinst. Ein 20e iuw waard de ruïne restaurearre en waard de grêft, dy't foar in part tichtsmiten wie, wer útgroeven. De ruïne en it omlizzende grûn is in ryksmonumint.[2] It monumint waard op 15 jannewaris 2016 oerdroegen oan de stifting Monumentenbezit.

Nijsgjirrich

bewurkje seksje

De telefyzjerige Bassie en Adriaan en de verdwenen kroon út 1988 waard foar in part yn de ruïne filme.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De ruïne van Teylingen. Oproppen op 5 mei 2014.
  2. Monumentenregister. Rijksoverheid. Oproppen op 8 juni 2014.
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Slot Teylingen fan Wikimedia Commons.