Leaffrouwetsjerke (Oberwesel)
De Leaffrouwetsjerke (Dútsk: Liebfrauenkirche) is in roomsk tsjerkegebou yn 'e Dútske stêd Oberwesel, Rynlân-Palts. De goatyske tsjerke wurdt yn 'e folksmûle fanwegen de kleur ek wol 'Reade tsjerke' (Rote Kirche) neamd en is bekend fanwegen it gouden alter.
Leaffrouwetsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
plak | 55430 Oberwesel | |
adres | Kirchstraße 1a | |
koördinaten | 50° 6' N 7° 43' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Trier | |
patroanhillige | Marije | |
Arsjitektuer | ||
boustyl | gotyk | |
Webside | ||
www.st-nikolaus-mrh.de | ||
Kaart | ||
De Leaffrouwetsjerke is sûnt 2002 ien fan 'e monuminten fan it UNESCO-wrâlderfgoed Boppe-Middenryndelling.
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke waard yn 1213 foar it earst neamd, mar nei alle gedachten al yn 'e 12e iuw boud alhoewol't dêr fierder neat oer bekend is. Yn 1258 waard oan 'e tsjerke in stift tafoege. It hjoeddeiske bouwurk datearret fan 'e earste helte fan 'e 14e iuw. It boubegjin wurdt neffens in tekst fan oarspronklik 44 letters op de ramen yn it koer op it jier 1308 datearre. Fan 'e 44 letters bleaune der 30 orizjineel bewarre.
Neffens in oarkonde fûn de wijing fan it koer yn 1331 plak en de foltôging fan 'e westlike toer op basis fan dendrogronologysk ûndersyk op 1351 fêststeld wurde kin.
Yn 'e rin fan 'e iuwen dêrnei binne der hast gjin grutte feroarings yn 'e bou fêst te stellen. Eartiids lei de tsjerke bûten de stedsmuorren oan 'e foet fan 'e Schönburg, mar om 1400 hinne waarden de muorren ferlein en sûnt lei de tsjerke yn it beskerme stedsgebiet.
De sekularisaasje fan 1803 makke in ein oan it stift en de gebouwen en de kleastergong binne dêrnei ôfbrutsen.
Ynterieur
bewurkje seksjeDe tsjerke besit noch jimmeroan in grut part fan 'e oarspronklike ynrjochting en hat ien fan 'e rykste tsjerkeynterieuren fan it Rynlân.
It heechalter, it tabernakel, de koerbanken en dielen fan it glêd-yn-lead stamme allegear út de tiid fan 'e bou of flak dêrnei. Hichtepunt fan 'e tsjerke is it gouden alter, in 2,45 meter heech en seis meter breed alterstik mei yn goatyske nissen twa rigen bylden fan Bibelske persoanen, de kroaning fan de Jongfaam Marije, apostels en martlers. De pylders fan 'e tsjerke binne fersierd mei in soad fresko's fan hilligen út benammen de 16e iuw.
Fierder besit de tsjerke in grut tal grêfmonuminten fan 'e 14e oant de 17e iuw en in barok oargel fan Franz Joseph Eberhard (1740-1745). Yn 'e sakristy wurde barok liturgysk reau en monstrânsen bewarre.
Yn 'e toer hingje 5 klokken, wêrfan't de jongste klok al 600 jier âld is en de âldste klok yn 1258 getten waard.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel fan Franz Joseph Eberhard út 1745 waard yn 'e rin fan 'e tiid in soad ferboud, fergrutte en renovearre. Yn 1936 folge in restauraasje troch Johannes Klais út Bonn en in útwreiding mei in rêchposityf. By in restauraasje yn 'e jierren 1977–1980 troch Klais waard it ynstrumint foar in grut part yn 'e oarspronklike disposysje werom brocht. Op in tredde manuaal fûn in útwreiding mei in swelwurk plak. It oargel hat hjoed-de-dei 556 registers op trije manualen en pedaal. De spyltraktueren binne mechanysk en de registertraktueren elektrysk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis de:Liebfrauenkirche (Oberwesel)
|