How to Make Love Like an Englishman

film út 2015 fan Tom Vaughan
(Trochferwiisd fan Lessons in Love)

How to Make Love Like an Englishman is in Amerikaanske romantyske komeedzje út 2014 ûnder rezjy fan Tom Vaughan, mei yn 'e haadrollen Pierce Brosnan, Salma Hayek en Jessica Alba. De titel betsjut "Hoe't Men de Leafde Bedriuwt sa't in Ingelsman dat Docht". How to Make Love Like an Englishman wie de titel dêr't de film ûnder útbrocht waard yn Kanada en guon Jeropeeske lannen (û.m. Nederlân); hy stiet ek bekend as Some Kind of Beautiful (Feriene Steaten), Lessons in Love (Feriene Keninkryk en Ierlân), Teach Me Love (Frankryk) en Professor Love (Dútslân). It ferhaal folget universitêr dosint literatuer Richard Haig, dy't heit wurdt fan in soan dy't er by ien fan syn studintes oanset hat. How to Make Love Like an Englishman krige strieminne resinsjes fan 'e filmkritisy, en flopte yn 'e bioskopen.

How to Make Love Like
an Englishman
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Tom Vaughan
produsint Richard Barton Lewis
Beau St. Clair
Kevin Frakes
Raj Brinder Singh
Remington Chase
Grant Cramer
Simon Orange
senario Matthew Newman
kamerarezjy David Tattersall
muzyk Stephen Endelman
David Newman
filmstudio Saban Films
PalmStar Entertainment
Southpaw Entertainment
Irish DreamTime
distribúsje Lionsgate Films
spilers
haadrollen Pierce Brosnan
Salma Hayek
Jessica Alba
byrollen Malcolm McDowell
Ben McKenzie
Duncan Joiner
Marrin Dungey
Marlee Matlin
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 16 novimber 2014
foarm langspylfilm
sjenre romantyske komeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 99 minuten
budget en resultaten
budget ûnbekend
opbringst $2,4 miljoen

Richard Haig is in rokkejeiende universitêr dosint yn syn middeljierren dy't flierefluitsjend troch it libben giet. Ta ôfgriis fan syn heit Gordon, in emeritus perfester Ingelske literatuer fan wa't Richard syn libbensynstelling oernommen hat, rekket er op in stuit fereale op ien fan 'e mearderjierrige mar folle jongere studintes mei wa't er omslacht. Sy is in Amerikaanse, Kate, dy't him oan har heit, in sakeman, foarstelle wol. Yn 'e hotelbar dêr't Richard Kate en har heit moetsje sil, rekket er oan 'e praat, en oan it flirten, mei in tsjeppe Meksikaanse. As Kate opdaagjen komt, docht bliken dat har heit op it lêste momint ôfsein hat en ynstee har healsuster Olivia stjoerd hat: de Meksikaanse.

Under it ûnnoflike diner mei de beide susters dat folget, blaft Kate der op in stuit út dat se swier rekke is. Dat komt Richard wol raar oer it mad, mar hy hâldt fan har en beslút har te freegjen om mei him te trouwen. Kate wol werom nei Los Angeles, dêr't se grutbrocht is, en se wit Richard los te weakjen fan 'e Universiteit fan Cambridge, dêr't er wurket. Yn Los Angeles lûke se yn in lúkse filla dy't Kate har heit út skuldgefoelens oer syn oanhâldende ôfwêzigens yn har libben foar har beiden kocht hat. Richard besiket in baan te finen by in Amerikaanske universiteit, mar dat slagget him net en ynstee moat er parttime wurk ûnder syn opliedingsnivo oannimme oan in stedskolleezje. As de poppe berne wurdt, in jonkje dat Jake komt te hjitten, is Richard folslein tawijd oan him.

Ferskate jierren geane foarby, oant Kate op in dei opbychtet dat se al in skoft lang efter Richard syn rêch om in bûtenechtlike relaasje ûnderhâldt mei har kollega Brian. Se wol by Richard wei en freget in skieding oan. Richard, dy't dit alhiel net oankommen seach, jout har yn alles har sin, mar wegeret om by syn soan wei. Dêrom nimt er syn yntrek yn it (grutte en lúksueuze) túnhûs fan 'e filla, wat it bykommende foardiel hat dat Kate en har nije man Brian der frijwat argewaasje fan krije.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Twa jier húsmannet Richard yn it túnhûs om, wylst er mei help fan syn assistinte Angela noch altyd om wurk siket. Hy kriget no ek de Amerikaanske ymmigraasjetsjinst ICE efter him oan, mar dat lost er op troch de poststikken fan dy organisaasje werom te stjoeren mei de fermelding "adressearde ûnbekend". Uteinlik kriget er fia syn abbekaat Ernesto te hearren dat er oer in wike foar in finale beslissing oer syn ferbliuwsstatus by de ymmigraasjetsjinst del komme moat. Ernesto drukt him op it hert dat er gjin nuverichheden mear úthelje moat en dat er syn eks-frou Kate meinimme moat om foar him te pleitsjen.

It spul begjint mis te rinnen as Richard by honkbaloefenings fan 'e no fiifjierrige Jake yn 'e tún fol op it wang rekke wurdt troch in bal en in kies brekt. By de toskedokter wurdt de kies reparearre en kriget Richard pinestillers dy't, sa wurdt him op it hert drukt, net, mar dan ek beslist net mingd wurde kinne mei alkohol. Hy nimt dat foar kennisjouwing oan, mar as er dy jûns nei in feest moat fan in mooglike nije wurkjouwer, jit er dochs in pear glêzen wyn nei binnen. Fan gefolgen rekket er folslein fan 'e wrâld, ferprutst syn presintaasje op it feest, en wurdt oanholden troch de plysje as er op 'e weromweis mei syn auto hinne en wer oer de wei swalket. Richard wurdt arrestearre foar riden ûnder ynfloed en bringt in nacht yn 'e sel troch. De oare moarns komt er op boarchtocht frij nei't in yrritearre Kate jild foar him ynlein hat.

Kate en Brian geane letter dy wike in pear dagen fuort, en it wie de bedoeling dat Richard dan foar Jake soargje soe. Mei't dy no syn rydbewiis kwyt is en blykber likegoed net los fertroud wie, skillet Kate har healsuster Olivia om del te kommen en op Jake te passen. Olivia is krektlyn by de man wei rekke en se hat sûnt har earste moeting yn 'e hotelbar yn Londen in freeslike hekel oan Richard, dat it belooft in fijne wike te wurden.

It wurdt noch helte minder as Ernesto fan Richard syn arrestaasje heart en him ynskriuwt by in kursus foar alkoholisten dy't er dyselde wike noch ôfrûnje moat om moandei oan 'e ymmigraasjetsjinst syn goede wil te toanen. Richard docht dêroan mei ûnder protest en by de earste moeting fertelt er de oare dielnimmers dan ek planút dat er gjin alkoholist is en dat er it allegear mar flauwe kul fynt. As er fan Ernesto heart dat de ymmigraasjetsjinst him folgje lit, en nei't er by de kursus in keardel mei in plysjeynsinje opmurken hat, slacht Richard om as in blêd oan 'e beam en besiket er op ûnoprjochte wize eltsenien derfan te oertsjûgjen dat er der alles oan docht om fan syn alkoholisme ôf te kommen.

Underwilens giet de omgong mei Olivia better as ferwachte. Richard lit him fan syn bêste kant sjen en sy reägearret dêrop troch itselde te dwaan. As Jake op in jûn in nachtmerje hat en yn panyk wekker wurdt, kriget Olivia it jonkje net kalmearre. Se skillet Richard op dy't noch by in gearkomste fan 'e kursus is en fuortendaliks thúskomt. Hy wit Jake ta rêst te bringen troch de nachtmerje 'út syn hier te lûken' en 'fuort te blazen'. As Olivia de omgong fan Richard mei syn soan beächtet, begjint se him foar it earst fan in oare kant te sjen. Yn it túnhûs, dêr't er krekt sicht hat op 'e útfanhûzerskeamer fan Olivia, sjocht Richard letter hoe't Olivia har trouring ôfnimt en op har iepen hân leit om op deselde wize har mislearre houlik fuort te blazen.

De oare jûns, as Jake by in freontsje útfanhûzet, reitsje Richard en Olivia ûnder it genot fan in wyntsje oan 'e praat. Wurden liede ta tútsjen en sa einigje se tegearre op bêd. Net ien fan beiden hawwe se de oare moarns spyt fan harren dwaan, mar as se ier en betiid Kate en Brian thúskommen hearre, ûntstiet der wol wat panyk. De neaken Olivia draaft it túnhûs út en springt yn it swimbad, wêrnei't se beart dat se neaken oan it swimmen wie. Kate fynt it nuver, mar siket der fierder neat efter. Letter dy deis wol Olivia alles oan Kate opbychtsje, mar Richard freget har om te wachtsjen nei it petear fan him en Kate mei de ymmigraasjetsjint op moandei, en Olivia stimt dêrmei yn.

Deselde deis komt ek Gordon, Richard syn heit, yn Los Angeles oan, waans fjirde frou him ferlitten hat. It is in wûnder dat it frommes it noch sa lang mei him útholden hat, want Gordon Haig is in kleiend, grommeljend stik ûngelok. Foarhinne hied er altyd in protte súkses by de froulju, mar as de hiele famylje nei it strân giet, merkt Gordon dat dy tiid lang ferflein is. Ynstee keapet er dêrom fan in surfer mar in pûdsje marihûana. Dy jûns krije Richard en syn heit slimmer rûzje as gewoanlik, en de oare deis is Gordon poater, mei efterlitting fan 'e marihûana. Richard docht it spul mar yn 'e bûse, om't er net wol dat Jake it fynt. Nei de lêste gearkomste fan 'e kursus freget er Wendy, de liedster, om in formulier foar him te ûndertekenjen dat befêstiget dat er de kursus ôfrûne hat, mar sy wegeret, om't it har wol dúdlik is dat er neat mient fan alles dat er seit. Bûtendoar fynt Richard de marihûana yn syn bûse en biedt it fergees oan 'e dôve Cindy oan, in oare dielnimster oan 'e kursus, dy't it oanbod lykwols ôfslacht.

Dat wykein kriget Richard te hearren dat er de baan by de Universiteit fan Los Angeles dochs kriget, wêrfan't er de 'sollisitaasje' op it feest ûnder ynfloed fan 'e pinestillers ferprutst tocht te hawwen. De rektor hat nammentlik ien fan syn kolleezjes bywenne en is ûnder de yndruk fan syn kwaliteiten as dosint. De triomf is lykwols fan koarte doer, mei't Richard yn eufory Olivia opsiket en har syn leafde ferklearret wylst er nei harren nacht op bêd ferwiist sûnder te beseffen dat Kate yn in sydkeamer sit en alles hearre kin. Kate hat net sasear beswier tsjin 'e relaasje fan Olivia mei Richard, mar se fielt har ferret troch har suster om't se efter har rêch om mei Richard omslacht. Se winsket Olivia in protte lok ta mei Richard, mar freget har fuortendaliks har hûs te ferlitten.

Moandeis by it petear mei de ymmigraasjetsjinst komt Richard sadwaande sûnder Kate oansetten. Hy hat ek gjin bewiis dat er de kursus ôfmakke hat en de funksjonaris fan 'e ymmigraasjetsjinst is not amused troch it oanhâldende retoer stjoeren fan poststikken. De drip dêr't de amer fan oerrint, komt foar Richard lykwols folslein ûnferwachts. Hy miende de agint fan 'e ymmigraasjetsjinst dy't him yn 'e gaten hold, identifisearre te hawwen, mar ynstee blykt it de dôve Cindy te wêzen, deselde oan wa't er it pûdsje marihûana oanbean hat. Mei't dat yn Kalifornje in misdriuw is, wurdt Richard fuortendaliks de Feriene Steaten útset.

Richard keart werom nei Cambridge, dêr't er syn âlde baan weromkrije kin. Hy mist Jake ferskriklik, en hoewol't er eltse dei mei him byldbellet, is dat net itselde as him oan te krûpen. Fier fan har ôf merkt er ek pas goed hoe fereale oft er is op Olivia. Net lang dêrnei rekket Gordon slim yn 'e minnichte. Op syn stjerbêd jout de âldman Richard de rie om syn hert te folgjen. Richard beslút dêr gefolch oan te jaan.

Om't er net mear wolkom is yn 'e Feriene Steaten, reizget nei Meksiko ta, dêr't er fia Ernesto kontakt leit mei minskesmokkelders. Mei in groep Latino's wurdt er de Amerikaanske grins oer smokkele, wêrnei't er op in dei by Kate en Brian foar de doar stiet. Sawol Jake as Brian is deagelokkich om him wer te sjen. Mei't er fia byldbeljen fan Brian heard hie dat Kate en Olivia noch altyd gjin kontakt wer hawwe, praat Richard in skoft op Kate yn. Om't se sels op dizze manear ek net gelokkich is, kin er har op oare gedachten bringe. Mei syn allen sykje se Olivia op, en de beide susters fermoedsoenje harren mei-inoar. Neitiid freget Richard Olivia om mei him te trouwen, dêr't se entûsjast tawurd op jout. Mei't sy de Amerikaanske nasjonaliteit hat, sil er dêrtroch ek mei-iens wer in ferbliuwsfergunning yn 'e Feriene Steaten krije.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Pierce Brosnan.
 
Salma Hayek.
 
Jessica Alba.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Richard Haig Pierce Brosnan
Kate Jessica Alba
Olivia Salma Hayek


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Gordon Haig Malcolm McDowell
Brian Ben McKenzie
Jake Haig Duncan Joiner
Angela Merrin Dungey
Cindy Marlee Matlin
Tim Ivan Sergei
Ernesto Lombardo Boyar
Victor Piggott Fred Melamed
Wendy Lee Garlington
Misty, it neakene fanke Lindsey Sporrer
Richard syn klasse-assistinte Makena Taylor
Chad Paul Rae
Alan Robert Mailhouse
Susan Vale Sandy Martin

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

How to Make Love Like an Englishman waard regissearre troch Tom Vaughan nei in senario fan Matthew Newman. As produsinten wiene by it projekt belutsen: Richard Barton Lewis, Beau St. Clair, Kevin Frakes, Raj Brinder Singh, Remington Chase, Grant Cramer en Simon Orange foar de filmstudio's Saban Films, PalmStar Entertainment, Southpaw Entertainment en Irish DreamTime. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan David Tattersall, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Stephen Endelman en David Newman.

Jessica Alba en Pierce Brosnan tekenen yn maaie 2013 foar harren respektivelike rollen yn How to Make Love Like an Englishman. Kristin Scott Thomas soe earst de rol fan Olivia spylje, mar hja loek har letter werom en waard ferfongen troch Salma Hayek.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan How to Make Love Like an Englishman waard fersoarge troch Lionsgate Films. De earste fertoaning fan 'e film fûn plak op 6 novimber 2014 yn it ramt fan 'e American Film Market. It earste lân dêr't How to Make Love Like an Englishman yn 'e bioskopen iepene, wie Grikelân, dêr't dat barde op 16 july 2015. Yn 'e Feriene Steaten kaam de film út op 21 augustus fan dat jier.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie How to Make Love Like an Englishman in tige leech goedkarringspersintaazje fan 6%, basearre op 34 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, neamt de film "toandôf" en it personaazje fan Pierce Brosnan "sjarmeleas". Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle How to Make Love Like an Englishman in goedkarringspersintaazje fan 11%, basearre op 9 resinsjes.

How to Make Love Like an Englishman brocht wrâldwiid yn 'e bioskopen rom $2.446.000 op. Hoewol't de produsinten it budget fan 'e film geheim holden, moat dat perfoarst in teloarstellend resultaat west hawwe dat resultearre yn in ferlies.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.