Ljouwerter Earstejiers Yntroduksjeperioade
De Ljouwerter Earstejiers Yntroduksjeperioade (Nederlânsk en offisjeel: Leeuwarder Eerstejaars Introductieperiode), yn 'e regel ôfkoarte ta LEIP, is de yntroduksje ta de stêd en it studintelibben fan 'e earstejiers studinten oan 'e hegeskoallen en de fêstiging fan 'e Ryksuniversiteit Grins yn 'e Fryske haadstêd Ljouwert. Dit evenemint waard yn 2006 foar it earst holden, nei foarbyld fan 'e al folle langer besteande KEI-wike yn Grins. De organisaasje is yn 'e hannen fan it Ynterbestjoerlik Oerlisorgaan Studinteferienings (IBOS), it oerkoepeljend orgaan fan 'e Ljouwerter studinteferienings, dat der yn 2018 foar it earst in spesjale kommisje, in saneamd yntroduksjebestjoer, foar oanstelde.
Ljouwerter Earstejiers Yntroduksjeperioade Leeuwarder Eerstejaars Introductieperiode | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Ljouwert (gemeente) | |
plak | Ljouwert (stêd) | |
holden yn | binnenstêd | |
tiid fan it jier | ein augustus en begjin septimber | |
bysûnderheden | ||
ôfkoarting | LEIP | |
oanlieding | begjin stúdzjejier | |
soarte evenemint | yntroduksje/ûntgriening | |
bestean | 2006 – no | |
org. troch | IBOS | |
offisjele webside | ||
www.leip.nu |
Oan 'e LEIP diene anno 2018 elts jier tusken de 2.000 en 3.000 earstejiers studinten mei (ta ferliking: oan 'e Grinzer KEI-wike namen yn 2017 5.360 earstejiers studinten diel). It totale tal earstejiers studinten yn Ljouwert lei noch oanmerklik heger, mei't allinne al NHL-Stenden (yn 2018) goed 4.000 earstejiers studinten ferwolkomme. De yntroduksjeperioade begûn yn 2018 foar it earst op snein (yn foargeande jierren op moandei), mei de ynskriuwing fan 'e nijynkommelingen yn Stedsskouboarch De Harmony, folge troch in mienskiplike lunch. Neitiid koene se op it Saailân yn 'e kunde komme mei Ljouwerter sportklubs of op it Aldehouster Tsjerkhôf oer in grutte opblaasstoarmbaan gean (dy't neat mei de yntroduksje te krijen hie, mar dêr troch de útbaters wol krekt yn dit wykein opset wie mei de LEIP yn 'e efterholle). Mei in barbecue op it Hofplein waard de dei ôfsletten.
Op moandei folge de echte iepening fan 'e LEIP op it Aldehouster Tsjerkhôf, yn oanwêzichheid fan boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert en sjonger Danny Pandero. Dêr waard in filmke oer de Fryske haadstêd fertoand, wêrnei't de earstejiers har oer de hiele stêd ferspraten. Op it Saailân waard in beurs holden mei kreamkes fan bedriuwen en oare organisaasjes, yn 'e Prinsetún wie in saneamde chill-hill dêr't in live-dj muzyk draaide, en op it Aldehouster Tsjerkhôf waard in kwis oer Ljouwert organisearre. Letter op 'e dei waard (yn 2018 foar it earst) ek in ûntgriening holden, mar dan yn ludike en hiel letterlike sin. It Hearewâltsje, in smelle sydstrjitte oan 'e stille kant fan 'e Nijstêd, wie mei tinten fan studinteferienings omboud ta in soarte fan tunnel dêr't de earstejiers trochhinne drave moasten wylst se troch de âlderejiers bekûgele waarden mei colorrun-poeier; sa giene se der 'grien' yn en kamen se der kleure wer út. Oan it begjin en de ein koene se, as se dat woene, op 'e foto.
De dagen nei de moandei waarden de yntroduksjes fan 'e opliedings sels holden, sadat der dan gjin LEIP-aktiviteiten organisearre wurde koene. Dêrom woe de organisaasje yn 'e takomst in wike tefoaren begjinne, krekt sa't de KEI-wike yn Grins dat ek docht. Op freed wie der in beskieden muzykfestival op it Gûverneursplein, in wike letter (op tongersdei 6 septimber 2018) folge troch it grutte LEIP-festival op it Aldehouster Tsjerkhôf.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|