Stedhûs fan Ljouwert

(Trochferwiisd fan Ljouwerter stedhûs)

It Stedhûs fan Ljouwert is it stedhûs oan it Hofplein yn Ljouwert. It hat de status fan ryksmonumint.

Stedhûs fan Ljouwert
bouwurk
It Stedhûs fan Ljouwert yn 2012
It Stedhûs fan Ljouwert yn 2012
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Ljouwert
adres Hofplein 36
koördinaten 53° 12' 7" NB, 5° 47' 45" EL
bysûnderheden
type bouwurk stedhûs
boujier 1715
boustyl klassisisme
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 24351
oare ynformaasje
tal ferdjippings 3
It Stedhûs yn 1785 op in print fan Abraham Jacobsz. Hulk
It Stedhûs yn 1785 op in print fan Abraham Jacobsz. Hulk
kaart
Stedhûs fan Ljouwert (Ljouwert-Binnenstêd)
Stedhûs fan Ljouwert

It stedhûs waard boud troch stedstimmerman Claas Bockes Balck. De earste stien waard lein op 1 april 1715 troch de trije jier âlde Willem Karel Hindrik Friso (1711-1751), Prins fan Oranje en Nassau. It klassisistyske trijelaachs gebou hat in foargevel mei 27 ruten. Boppe de doar yn de middenrisalyt stiet yn gouden letters it opskrift "Pace et Justitia" (Frede en Rjochtfeardigens). De twa bylden boppe de yngong binne makke troch Gerbrandus van der Haven. Pieter Nauta makke het fronton, mei dêryn de Stêdefaam.

Yn 1760 waard oan de efterkant in nije riedseal boud nei ûntwerp fan Pieter de Swart. Op 12 augustus waard de earste stien lein troch Willem V fan Oranje-Nassau (1748 - 1806). Yn 1847 kaam op it plak fan de neistlizzende Haadwacht in gebou nei ûntwerp fan Thomas Adrianus Romein, wêryn de nije Riedkeamer ûnderbrocht waard. It stedhûs ûndergie in tal feroarings, wêrûnder it bordes. De Ljouwerter skilder Johan Joeke Gabriël van Wicheren hat portretten makke fan de keningen Willem I, Willem II en Willem III. Yn 1914 waard yn de achtkante lantearne in klokkespul setten. Oarspronklik kaam dat klokkespul út de yn 1884 ôfbrutsen Sint-Jabikstoer (Nijetoer). Yn 1944 waard it klookespul fannijs fuorthelle en opslein yn it wurkplak fan klokkejitter Van Bergen. Yn 1945 kamen de klokken werom, dochs waarden net daliks weromset omreden it gefaar foar ynstoarten. Yn 1972 waard it klokkespul lang om let werom yn it koepeltsje pleatst. Dêr hingje klokken yn fan ûnder oare Johan ter Steghe, Hans Falck en Petrus Overney. Yn totaal hingje der 39 klokken yn it klokkespul.

Op 27 maaie 2005 iepene Prinses Margriet fan de Nederlannen it stedhûs fannijs nei in restauraasje fan 2002 ôf.

  • Mulder, J.A. - Het Stadhuis van Leeuwarden. Vijf eeuwen bestuurlijk en stedelijk prestige. Ljouwert (2005).

Keppeling om utens

bewurkje seksje
Stedhuzen yn Fryslân  
BoalsertDokkumDryltsFrjentsjerHarnsHylpenLjouwertSleatSnitsStarumWarkum
  ·   ·