Fjoerwurk
Fjoerwurk is in soarte fan leech-eksplosyf pyrotechnysk materiaal foar rekreätive en estetyske doelen. It wurdt brûkt troch partikulieren (lytsfjoerwurk) of yn profesjonele fjoerwurkshows (grutfjoerwurk), en is yn 'e Westerske wrâld benammen ferbûn mei de fiering fan âld en nij. Fjoerwurk kin in breed ferskaat oan foarmen oanimme om fjouwer primêre effekten te produsearjen: lawaai, ljocht, reek en beweging. Men ûnderskiedt dêrta knalfoerwurk, dat him derop rjochtet om safolle mooglik leven te meitsjen, en sierfjoerwurk, wêrby't it giet om moaie ljochtformaasjes besteande út kleure flammen en fonken dy't read, oranje, giel, grien, blau, pears en sulver wêze kinne. Ynstee fan ljocht kin fjoerwurk ek swevende materialen (lykas konfetty) útsmite. Wat legaal en wat yllegaal fjoerwurk is, ferskilt per lân.
Gearstalling
bewurkje seksjeFjoerwurk wurdt ornaris makke fan materialen as karton, papier, plestik en metaal, mei dêryn ûntplofbere en/of brânbere mingsels fan gemyske stoffen (yn it jargon bekend as de sas), dy't by ûntstekking de lûds-, ljochts-, reekeffekten en beweging feroarsaakje.
Foar de sas wurdt faak gebrûk makke fan buskrûd, dat bestiet út swevel (S), salpeter of kaliumnitraat (KNO3), en houtskoal, dat sels wer benammentlik út koalstof (C) bestiet, mar ek de needsaaklike katalysator potjiske (K2CO3) befettet. Dêrby funksjonearret it kaliumnitraat as de soerstofleveransier. By de reäksje komme û.o. de gasfoarmige produkten koalstofmonokside (CO), koalstofdiokside (CO2) en distikstof (N2) frij, njonken kaliumsulfaat (Ka2SO4) en kaliumkarbonaat (K2CO3).
Yn it buskrûd kin de ferhâlding tusken de stoffen ferskille. Sa bestiet der bgl. in mingsel fan kaliumnitraat, koalstof en swevel yn in gewichtsferhâlding fan 75:15:10. Fierder komt saneamd flashkrûd foar. Dat is in krûdmingsel wêryn't de koalstof ferfongen is troch metaalpoeier (magnesium of aluminium). Faak wurdt it kaliumnitraat ek ferfongen troch in oare, krêftiger oksidator. Fral kaliumpergloraat (KCIO4) of kaliumgloraat (KCIO3) wurdt yn dy gefallen brûkt. It is dat produkt, fermongen mei in kar oan tafoegings, dat ferantwurdlik is foar de kleureffekten fan it fjoerwurk.
Sa wurdt giel feroarsake troch natrium (Na) of kalsiumokside (CaO); read troch kalium (K), strontium (Sr) of kalsiumgloride (CaCl2); fiolet troch kalium (K); wyt of sulver troch bariumokside (BaO) of magnesium (Mg); grien troch bariumgloride (BaCl2); en grien en blau troch koper (Cu).
Skiednis
bewurkje seksjeFjoerwurk is in Sineeske útfining. Al ûnder de Han-dynasty (202 f.Kr. – 220) smieten minsken yn Sina bamboestammen (爆竹, baozhu) yn it fjoer, wat in lichte ûntploffing mei in knallend lûd late, feroarsake troch it ferhjitsjen fan 'e lucht dy't finzen siet yn 'e holle stammen. Letter waard buskrûd yn lytse pakjes (爆竿, baogan) brûkt om itselde effekt nei te bearen.
It ierste echte fjoerwurk (爆仗, baozhang) kaam ek út it Keizerryk Sina, en waard ûntwikkele ûnder de Song-dynasty (960-1279). Yn 'e Sineeske kultuer waard fjoerwurk brûkt foar de fiering fan in grut tal hjeldagen, yn 't bysûnder foar it Sineesk nijjier en it moannefeest fan 'e hjerst. De keunst en wittenskip fan it meitsjen fan fjoerwurk ûntjoegen har dêre ta in spesjale beropsgroep. Sokke pyrotechnisy stiene yn heech oansjen omreden fan harren wiidweidige kennis fan 'e yngewikkelde techniken dêr't by it ôfstekken fan fjoerwurk gebrûk fan makke waard. Neffens it Sineeske folksleauwe soe it ôfstekken fan knalfjoerwurk kweageasten ferdriuwe en gelok en lokkigens bringe.
It duorre net lang ear't fjoerwurk, yn 'e sin fan fjoerpylken mei in lading fan buskrûd, ek yn 'e oarlochfiering brûkt waard. Soks is fêstlein yn 'e Huolongjing, dy't gearstald waard troch Liu Bowen (1311-1375) en Jiao Yu (±1350-1412). Yn 1240 bemachtigen de Arabieren troch de hannel fia de Siderûte de kennis fan buskrûd en fjoerwurk fan 'e Sinezen. Hassan al-Rammah út Syrje skreau yn dy snuorje oer fjoerwurk, dat er oantsjutte as "Sineeske blommen". Tsjin 'e fjirtjinde iuw wie fjoerwurk yn Jeropa yntrodusearre, hoewol't it dêr pas yn 'e santjinde iuw populêr waard.
Yn 1706 publisearre Amédée-François Frézier it traktaat Traité des Feux d'Artifice pour le Spectacle (yn in op 'e nij besjoene ferzje werútjûn yn 1747), wêryn't er yngie op it gebrûk fan fjoerwurk foar rekreätive en seremoniële ynstee fan militêre doelen. Yn 1758 beskreau de jezuïtyske sindeling Pierre Nicolas le Chéron d'Incarville, dy't doedestiden yn Peking tahold, yn in brief oan 'e Akademy fan Wittenskippen fan Parys de metoaden en gearstalling fan in grut tal ûnderskate soarten fjoerwurk. Dat brief waard fiif jier letter publisearre.
Hjoeddeistige sitewaasje
bewurkje seksjeTsjintwurdich is fjoerwurk suver net mear wei te tinken by in protte fierings, benammen as it giet om âld en nij, mar ek by beskate nasjonale feestdagen, lykas Quatorze Juillet yn Frankryk en Independence Day yn 'e Feriene Steaten. Yn 'e measte lannen is it lykwols sa dat it ôfstekken fan fjoerwurk inkeld dien wurdt troch profesjonele pyrotechnisy yn it ramt fan organisearre fjoerwurkshows. Nederlân, dêr't it wizânsje is dat partikulieren harren eigen fjoerwurk ôfstekke, is datoangeande echt in útsûndering.
Soarten fjoerwurk
bewurkje seksjeGrapfjoerwurk
bewurkje seksjeGrapfjoerwurk is tige licht fjoerwurk, dat frijwol gjin gefaar en mar in te ferwaarleazgjen lûdsnivo opsmyt, sadat it sels binnendoar ôfstutsen wurde kin. Under dy kategory falle stjerkes, knalearten, Bingaalske lusifers, lûktoutsjes en fluiters. Foar grapfjoerwurk jilde gjin wetlike beheinings; it mei it hiele jier troch ferkocht en ôfstutsen wurde.
Lytsfjoerwurk
bewurkje seksjeLytsfjoerwurk is konsumintefjoerwurk dat ûnder beskate betingsten ferkocht wurde mei. De feilichheidsnoarmen en ferkeapregels ferskille per lân. Sadwaande kin it yn it iene lân legaal en yn it oare yllegaal wêze. By sok konsumintefjoerwurk wurdt ûnderskie makke trusken sierfjoerwurk, dat om it útsmiten fan ljochtpatroanen giet, en knalfjoerwurk, wêrby't it draait om it feroarsake lawaai. Sierfjoerwurk komt benammen foar yn 'e foarm fan fjoerpylken dy't as gehiel de loft ynsketten wurde moatte, en as fjoerwurkpotten (of cakes) en fonteinen. Dêrnjonken bestiet der in breed skala oan draaiers, sinnen en fakkels. Knalfjoerwurk rint útinoar fan 'e lichtste foarm, rotsjes, nei strikers, tongerslaggen, kanonsslaggen en astronauten. Rotsjes yn Sineeske rôlen kin men yn ien kear ôfstekke, wat in lûdseffekt jout as fan in sjittende mitrailleur. Ek luchtgûlers (better bekend as "gillende kokenfammen") wurde ta it knalfjoerwurk rekkene.
Grutfjoerwurk
bewurkje seksjeGrutfjoerwurk, ek bekend as lust- of feestfjoerwurk, is foar partikulieren yn prinsipe net te besetten. It wurdt inkeld brûkt foar fjoerwurkshows en oare profesjonele eveneminten, yn 'e regel by wize fan ôfsluting. Grutfjoerwurk mei allinnich ôfstutsen wurde troch profesjonele pyrotechnisy dy't dêrfoar in oplieding folge hawwe. Dat ôfstekken wurdt ornaris dien troch in elektryske ûntstekking. Der bestiet ek in foarm fan grutfjoerwurk, ntl. teäter- of poadiumfjoerwurk, dat gaadlik makke is foar ôfstekken binnendoar yn in teäter of skouboarch, as ûnderdiel fan in foarstelling.
Earnstfjoerwurk
bewurkje seksjeEarnstfjoerwurk is fjoerwurk dat net brûkt wurdt foar rekreätive doelen, mar yn earnst, lykas wannear't in skip yn need ferkeart of as der om oare redens needsynjalen ôfjûn wurde moatte. Foarbylden binne fakkels en fjoerpylken. Ek wurdt it brûkt troch de kriichsmacht foar militêre doelen (bgl. reekpotten om in reekgerdyn oan te lizzen. Sok fjoerwurk is nei in stikmannich jierren net mear betrouber, en moat dan ferneatige en ferfongen wurde.
Letselskea
bewurkje seksjeFerwûnings troch fjoerwurk, benammen as it troch partikulieren ôfstutsen wurdt, komme in protte foar. Dêrby giet it fral om eachletsel, gehoarskansearring en permaninte skea (troch amputaasje) oan fingers en hannen. Soks wurdt feroarsake troch ûnkundich gebrûk, opsetlik misbrûk of ûnfoarsisber hâlden en dragen fan it fjoerwurk troch modifikaasje of selsbou.
Feilich ôfstekken fan fjoerwurk
bewurkje seksje- Tarieding
- Keapje it fjoerwurk by in offisjeel ferkeappunt. Keapje en brûk gjin yllegaal fjoerwurk, mei't it net te foarsizzen is hoe't it reägearje sil, mei as gefloch dat jins feilichheid net garandearre wurde kin.
- Lês yn 't foar de gebrûksoanwizing, en wachtsje dêr net mei oant it stuit dat it ôfstekken plakfine sil.
- Eksperimintearje net mei fjoerwurk en meitsje it omklaaisel nea iepen.
- Tink derom wêr't en wannear't it tastien is om fjoerwurk ôf te stekken. De nasjonale of lokale oerheid kin bepale wat de tastiene ôfstektiden en ôfstekplakken binne en wêr't fjoerwurkfrije sônes fan krêft binne.
- Fjoerwurk is yndield is yn leeftydskategoryen (foar boppe de 12, 16 en 18 jier), dat tink derom dat de ôfstekker âld genôch is foar it soarte fjoerwurk.
- Klean
- Doch stevige klean oan dy't oer fonken kin, lykas spikerstof, wol of katoen. Draach gjin nylon of fleece en gjin jas mei kapusjon (dêr't fjoerwurk yn falle kin).
- Set in fjoerwurkbril op, ek as jo sels gjin fjoerwurk ôfstekke en inkeld tasjogge.
- Docht it fjoerwurk nea yn bûsen fan 'e jas of broek.
- Pleatsing
- Soargje derfoar dat it fjoerwurk goed en stevich stiet, sadat it net op it lêste stuit omrûgelje kin en yn in ûnferwachte rjochting fuortsjitte. Dat is benammen fan belang by it ôfstekken fan fjoerpylken. Brûk foar fjoerpylken in lansearstander, dy't yn Nederlân sûnt 2018 ferplichte is.
- Set fjoerwurkpotten altyd fêst tusken fjouwer stiennen.
- Ofstekken
- Stek fjoerwurk oan mei in oansteklont of brûk in spesjale pyrotorch. Brûk nea lusifers, in oanstekker, in sigaret of in sigaar.
- Rin by it fjoerwurk wei sadree't de lont baarnt en nim foar jinsels en de taskôgers 8 oant 14 meter ôfstân yn acht.
- Stek in fjoerpylk altyd fansiden ôf, en nea troch deroerhinne te bûgen.
- Stek fjoerwurk altyd mei in útstutsen of in mar licht bûgde earm ôf en besykje jins gesicht der safier mooglik by wei te hâlden.
- Stek fjoerwurk dat net ôfgien is, nea op 'e nij oan. De kâns is grut dat de lont te koart is en it fjoerwurk ôfgiet ear't de ôfstekker fuortkomme kin.
- Stek nea fjoerwurk út 'e hân ôf.
- Goai net mei fjoerwurk, en al hielendal net yn 'e rjochting fan oare minsken.
- Rjochtsje fjoerpylken nea op minsken, bisten of brânbere materialen (lykas in reidtek).
- Hâld by it ôfstekken fan fjoerpylken de wynrjochting yn 'e gaten.
- Opromjen
- Meitsje fjoerwurkôffal ûnskealik troch it ûnder te dompeljen yn wetter of smyt der ienfâldichwei in ammerfol wetter oerhinne.
- Romje fjoerwurkôffal nei it ûnskealik meitsjen fuortendaliks op; it mei dan by it gewoane restôffal dien wurde.
- Bewarjen
- Yn Nederlân mei men by it oerhâlden fan fjoerwurk maksimaal 25 kg fjoerwurk bewarje foar it folgjende jier. Kies dêrfoar in feilich, drûch, koel en net publyk tagonklik plak út.
Fjoerwurkramp
bewurkje seksjeFrij geregeldwei fine ferspraat oer de hiele wrâld saneamde fjoerwurkrampen plak. Dêrby ûntploft dan in opslachplak of fabryk fan fjoerwurk, faak mei tsientallen oant hûnderten deaden en ferwûnen ta gefolch. Yn Nederlân is it bekendste barren yn dat ferbân de Fjoerwurkramp fan Ynskedee, wêrby't op 13 maaie 2000 in folsleine wenwyk fan Ynskedee ferwoastge waard en 23 deaden en likernôch 950 ferwûnen foelen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.
|