MJ Lee
MJ Lee (útspr.: [ˈemʤeː liː], likernôch: "em-dzjee lii; folút: Min Jung Lee; Koreaansk: 이민정, formele transliteraasje: I Min-jeong; Seoel, 5 maart 1987) is in Súdkoreaansk-Amerikaansk sjoernaliste en ferslachjouster. Hja hat benammen bekendheid krigen mei har wurk foar it mediabedriuw Politico en it tillefyzjenetwurk CNN.
MJ Lee | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | 이민정; I Min-jeong | |
nasjonaliteit | Súdkoreaansk Amerikaansk | |
berne | 5 maart 1987 | |
berteplak | Seoel (Súd-Koreä) | |
etnisiteit | Koreaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | sjoernaliste, ferslachjouster | |
medium | tillefyzje | |
wurksum by | Politico, CNN | |
jierren aktyf | 2009 – no | |
offisjele webside | ||
MJ Lee op Twitter |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeLee waard yn 1987 berne yn Seoel, de haadstêd fan Súd-Koreä. Se waard lykwols grutbrocht yn Hongkong, dêr't sy en har broer nei de op Amerikaanske leest skuoide International School of Hong Kong giene. Yn har earste jier fan fuortset ûnderwiis gie Lee nei de Feriene Steaten om dêr oan in kostskoalle te learen. Hja hat neitiid nea wer yn Súd-Koreä west. Yn 2009 studearre se ôf oan 'e Georgetown Universiteit yn Washington, D.C. mei in bachelorgraad yn bestjoerskunde en Sineeske taal- en letterkunde.
Under har stúdzje rûn se staazje by de kranten de South China Morning Post yn Hongkong en The Washington Post yn Washington, D.C. Op basis fan har prestaasjes as stazjêre waard har by dy lêste krante in baan oanbean, mar dat oanbod waard ynlutsen doe't bliken die dat se op in fisum yn 'e Feriene Steaten ferbleau.
Karriêre
bewurkje seksjeFerskate moannen nei't se ôfstudearre wie, fûn Lee wurk as webprodusint by it mediabedriuw Politico. Tsjin 2012 wie se dêr opklommen ta ferslachjouster oangeande finansjeel nijs, nei't se in jier wurke hie op 'e ôfdieling binnenkommend nijs. Yn 2014 waard se as polityk ferslachjouster oannommen troch it tillefyzjenetwurk CNN, dêr't se sawol op 'e ynternasjonale stjoerder CNN International as de Amerikaanske binnenlânske susterstjoerder CNN USA te sjen is.
Yn har earste jierren by CNN die Lee benammen ferslach fan 'e kampanjes fan sawol de Demokratyske as de Republikeinske Partij foar de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2016. Fierders wie se yn 2017 belutsen by de ferslachjouwing fan CNN oer it mislearre krewearjen fan 'e Republikeinen om 'e Wet op 'e Betelbere Sûnenssoarch (yn 'e folksmûle 'Obamacare') yn te lûken.
Yn 2018 en 2019 beljochte Lee gauris de ynfloed fan it #MeToo-skandaal op 'e Amerikaanske polityk, lykas de bekendmakkings oer it ôfkarbere hâlden en dragen fan 'e Demokratyske senator Al Franken, de Wite Hûs-funksjonaris Rob Porter en de Republikeinske ôffurdige Blake Farenthold, dy't allegear opstappe moasten.
Under de Demokratyske foarferkiezings foar it presidintskip, yn 2020, wie se tafoege oan 'e kampanje fan senator Elizabeth Warren. Under de kampanje foar de algemiene Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2020 die Lee ferslach fan 'e kampanje fan 'e Demokratyske presidintskandidaat Joe Biden. Yn jannewaris 2021 makke se promoasje ta ien fan 'e fêste Wite Hûs-korrespondinten fan CNN, yn 'e mande mei Jim Acosta en Kaitlan Collins.
Priveelibben
bewurkje seksjeLee liet har op 17 septimber 2016 op Ellis Island yn 'e haven fan New York (dêr't histoarysk ymmigranten út Jeropa de Feriene Steaten binnenkamen), nasjonalisearje ta Amerikaansk steatsboarger. Hja die op dat stuit ferslach fan 'e kampanje foar de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2016. Lee is troud mei sjoernalist en ferslachjouwer Alex Burns, dy't as analist fan politike ûntjouwings yn 'e Feriene Steaten ek geregeldwei op CNN te sjen is.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |