Merchanter's Luck
Merchanter's Luck is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh. De titel betsjut: "Keapfarderslok" of "It Lok fan in Keapfarder". It boek fertelt it ferhaal fan 'e lytse keapfarder Sandor Kreja, dy't wanhopich besiket om finansjeel de holle boppe wetter te hâlden, en dêrta en út leafde healwize risiko's nimt. Merchanter's Luck is in op himsels steand diel fan Cherryh har Alliance-Union Universe-rige, wêrfan't de boeken yn in mienskiplike foarm fan 'e takomst spylje. Binnen dy searje kin it mei ferskate oare romans yndield wurde by de Company Wars-rige. Yn 'e mande mei û.m. Finity's End en Rimrunners wurdt Merchanter's Luck fierders gauris oantsjut as ien fan Cherryh har 'Keapfardersromans'. Merchanter's Luck waard yn 1982 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books. Yn 2008 waard it werútjûn yn 'e omnibusedysje Alliance Space, mei in oare roman fan Cherryh, Forty Thousand in Gehenna.
Merchanter's Luck | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | C.J. Cherryh | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | science fiction | |
1e publikaasje | 1982, New York | |
oarspr. útjwr. | DAW Books | |
rige | ||
rige | Alliance-Union Universe-rige | |
kodearring | ||
ISBN | 0 88 67 71 390 |
Eftergrûn
bewurkje seksjeYn it Alliance-Union Universe fan C.J. Cherryh, dat fier yn takomst spilet, hat de minskheid him ferspraat nei de stjerren troch fiere planeten te kolonisearjen en romtestasjons te bouwen yn sinnestelsels sûnder gaadlike planeten. Nei ferrin fan tiid makken de measte kolonisearre planeten har by in ûnôfhinklikheidsoarloch los fan Mem Ierde om in selsstannige Uny (Union) te foarmjen. Troch de oarloch tusken de mei grou geweld fanwegen kommende Ierdske striidkrêften oan 'e iene kant en de Uny oan 'e oare kant, dy't der gjin kwea yn seach om gebrûk te meitsjen fan fabryksmjittich produsearre genetysk kloande soldaten, waard de feilichheid en breawinning fan 'e grutte en machtige, troch famyljeklans bewenne keapfardijskippen bedrige. Dêrop kamen dy gear om in trêde partij yn it konflikt te foarmjen, de Keapfardersalliânsje (Merchanters' Alliance).
Nei't de Ierdlingen har troch brekme oan jild út 'e oarloch weromlûke moasten, gie dy sadwaande fierder tusken de Uny en de Alliânsje, wylst de Ierdske float net weromkearde nei hûs, mar ferfoel ta in binde piraten dy't nei harren lieder, admiraal Conrad Mazian, de Mazianni neamd waarden. Ien fan 'e Mazianni-oarlochsskippen, de Norway, ûnder kaptein Signy Mallory, spjalte him ôf fan 'e float, sleat in akkoart mei de Keapfardersalliânsje en foarme de kearn fan 'e nije float fan dat steatsferbân. Tsjin 'e tiid dat Merchanter's Luck spilet, hawwe de Uny en Alliânsje einlings frede sletten, en wurkje se gear om ôf te weven mei de Mazianni, dy't in bedriging foarmje foar de hannelsrûte nei de Ierde.
Ynhâld
bewurkje seksjeSandor Kreja is immen dy't net ien ken en dy't sa min mooglik oandacht besiket te lûken. Hy is de iennichste oerlibbene fan in eartiids ridlik wolfarrende keapfardersfamylje fan mear as tritich leden yn 'e Uny, mei in eigen romteskip, Le Cygne. Doe't er tsien jier wie, waarden hja lykwols oerfallen troch de Mazianni, dy't it skip plonderen, inkele famyljeleden meinamen nei in ûnbekend lot en alle oaren fermoarden. Sandor wie ien fan trije famyljeleden dy't foar dea efterlitten waarden. Neitiid besochten hja trijeresom it ferâldere frachtskip yn 'e feart te hâlden mei de middels dy't de Mazianni har dêrta litten hiene, mar ien fan harren kaam twa jier letter om by in ûngemak feroarsake troch breklik ark, wylst de oare, Sandor syn neef Ross, fjouwer jier dêrnei fermoarde waard troch kriminelen fanwegen in misrûne saaklike oerienkomst.
Sadwaande wie Sandor mei sechstjin jier de folsleine eigner fan in eigen romteskip, en yn dy sin bespotlike ryk, mar yn alle oare opsichten sa earm as wat. Hy hold oan mei it runnen fan Le Cygne ûnder in opienfolging fan skûlnammen foar himsels en it skip. Dêrby makke er gebrûk fan it nuodlike mar ûnûntkombere oannimmen fan losse bemanningsleden as de sitewaasje dat taliet, wylst er oars it skip folslein allinnich fear, wat like gefaarlik wie, mar op in oare manear. Wylst ûnbetelle skulden har opsteapelen op plakken dêr't er him nea wer fertoane koe, begûn er lykwols troch de romtestasjons fan 'e Uny hinne te reitsjen.
Allison Reilly is ien fan 'e opfarrenden fan it superfrachtskip Dublin Again. Reilly is in machtige Namme mank de keapfarders fan 'e Uny en de Dublin Again hat wat yn 'e molke te krommeljen op elts stasjon dat it skip oandocht. Der binne krapoan twatûzen koppen oan board, dat op twa nei allegear Reillys binne. Krekt as de oare grutte keapfardersklans foarmje se in famylje dy't him fuortplantet troch relaasjes mei oare keapfarders as harren skip by in stasjon oanmarre leit. De bern út sokke relaasjes wurde oan board fan 'e Dublin grutbrocht, mar gjin Dubliner ferlit ea bliuwend it skip, of it moat wêze dat er fanwegen in misdriuw oan 'e wâl set wurdt.
Allison hat al fan bern ôf oan de dream om sels de Dublin Again te bestjoeren, en dêrta hat se in oplieding yn dy rjochting folge, ek al ferklearre hast eltsenien har foar gek. It is nammentlik tige ûnwierskynlik dat se ea oan it roer fan it skip sitte sil ear't se heech op jierren is: troch ferjongingmiddels sille de hjoeddeistige roerlju noch grif tweintich oant fjirtich jier har posysje behâlde, en dêrnei binne der noch tweintich neven en nichten yn 'e rangoarder foàr Allison. Dat foar har en har tiim, besteande út har neven Curran en Neill en har nicht Deirdre, rêste inkeld de simulaasjes op 'e reservebrêge fan 'e Dublin Again.
Merchanter's Luck set útein op it romtestasjon Viking, yn 'e Uny, dêr't de dan De 26-jierrige Sandor Kreja en Allison Reilly inoar foar it earst moetsje. Sandor, dy't himsels Edward Stevens en syn skip de Lucy neamt, sjocht Allison dêr yn in kroech en is op slach fereale. Hy wit har te fersieren en hja bringe tegearre de nacht troch op it stasjon. Allison fertelt Sandor dat de Dublin Again fanút Viking oer 'de line' sil, nei it romtestasjon Pell, yn 'e Keapfardersalliânsje. Sandor, dy't deawurch is fan syn skreppen en skuorren om finansjeel de holle boppe wetter te hâlden, en dy't Allison wanhopige graach wer sjen wol, beslút dat er neat te ferliezen hat, en set ek ôf nei Pell.
Mar wat foar de grutte, moderne Dublin Again in kalme ôffeart is, wurdt foar de ferâldere lytse Lucy in hiele krêfttoer en in race tsjin 'e klok. Om 'e Dublin by te hâlden nimt Sandor ûnferantwurde risko's, troch trije hyperromtesprongen as kralen oan in snoer efterinoar oan te riuwen, sûnder tiid om tuskentroch te bekommen. As er úteinlik suver mear dea as libben twa dagen nei de Dublin Again by Pell arrivearret, soarget syn idioat grutte faasje by it ynkommen fan 'e reële romte foar hiel wat opskuor. Hy wurdt ûnderfrege troch de pleatslike autoriteiten, mar wurdt frijlitten as de Reillys tuskenbeiden komme, net om him te helpen, mar om har eigen reputaasje te beskermjen, mei't Sandor Allison har namme neamd hie yn syn kommunikaasje mei de romteferkearslieding fan it stasjon.
De ambisjeuze Allison sjocht no in kâns om daliks oan it roer fan in romteskip te stean te kommen, en op har inisjatyf biedt Michael Reilly, de kaptein fan 'e Dublin Again, Sandor in liening oan om 'e Lucy op te kallefaterjen, op betingst dat er Allison en har tiim as syn bemanning oannimt. Dêropta regelje de Reillys in fracht foar Sandor, foar it lytse romtestasjon Venture, de earste stapstien fanôf Pell yn 'e rjochting fan 'e Ierde. Dat is in rûte dy't no yn tiid fan frede foar it earst yn desennia wer iepengiet, en dy't ideaal is foar sa'n lyts frachtskip as de Lucy. It foardiel dat de Reillys hjirby hawwe, is dat se sa in foet tusken de doar krije op in nije hannelsrûte. Sandor slokt syn grutskens troch en akseptearret it oanbod, foar in part beynfloede troch syn leafde foar Allison, mar foar in part ek om't er op Viking syn skippen efter him ferbaarnd hat en op it punt stiet om 'e Lucy kwyt te reitsjen. Krekt foàr de ôffeart wurdt Sandor ûntbean troch de beruchte kaptein Signy Mallory fan it oarlochsskip de Norway. Hoewol't hja no heechste ofsier is fan 'e marine fan 'e Keapfardersalliânsje, is se nei syn miening mar ien stap ferwidere fan 'e Mazianni-piraten dêr't se oarspronklik ta heard hat. Sy annulearret de fracht dy't Michael Reilly foar him regele hie en kringt him in militêre prioriteitsfracht foar Venture op.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Under de reis dêrhinne bestiet der in spande sitewaasje oan board fan 'e Lucy. Sandor hat der muoite mei dat er de fjouwer Reillys hutten tawize moat dy't oarspronklik fan syn famylje west hawwe en dêr't sûnt harren dea nea wer immen sliept hat. De boardkompjûter fan 'e Lucy sit fol mei de sprutsen útlis en begelieding dy't syn neef Ross der foar him yn opnommen hat, en foar in diel út skamte en foar in diel om't er Ross net mei harren diele wol, wegeret er de Reillys it wachtwurd ta de kompjûter te jaan. Dat wurket it ûnderlinge wantrouwen tusken him en de Reillys yn 'e hân. Curran Reilly is derfan oertsjûge dat Sandor neat oars is as in piraat, dy't mooglik út it op 'e dea fan him en syn trije sibben no't er it jild binnen hat. Allison wifket tusken fertrouwen en wantrouwen. De sitewaasje eskalearret as Curran mei geweld besiket om Sandor safier te krijen dat er it him wachtwurd jout, en Sandor net sa maklik omlyk wol as dat Curran tocht hie. It gefjocht einiget yn in aaklike, trochotterjende ympasse.
As de Lucy oankomt by Venture, docht bliken dat it stasjon yn 'e hannen is fan 'e Mazianni, en wurdt it lytse frachtskip entere troch troepen fan it oarlochsskip de Australia, fan kaptein Tom Edger, de ûnderbefelhawwer fan Conrad Mazian. Wylst de Mazianni in luchtslûs tusken de beide skippen oanlizze, oarderet Sandor Allison, Deirdre en Neill om har yn in loaze romte tusken twa wanden te ferbergjen, wylst hysels en Curran alle spoaren útwiskje dat de Lucy mear as twa bemanningsleden hat. Oan board fan it romtestasjon Venture wurde Sandor en Curran nei Tom Edger ta brocht. Sandor besiket mei de man te ûnderhanneljen oer syn fracht, mar de Mazianni hawwe Mallory har segels op 'e containers al ferbrutsen en fêststeld dat dy fol sitte mei rommel. Op dat punt beseft Sandor dat Mallory him as lokies brûkt hat. Edger beslút dat er Sandor en de Lucy noch wol brûke kin, en stjoert him ûnder bewekking werom nei syn skip, mar Curran wurdt ôffierd yn in oare rjochting. As er dêr erch yn kriget, brekt Sandor frij. Under it gefjocht dat dan folget, wurde sawol hysels as Curran delsketten, en foar dea efterlitten oan board fan it stasjon as de Australia ynienen útpike moat.
Oan board fan 'e Lucy binne ûnderwilens Allison, Deirdre en Neill fan har sideplak kommen en hawwe de iene wachter útskeakele dy't de Mazianni oan board fan it (nei't se tochten) lege skip efterlitten hiene. Ear't er harren fuortstjoerde, hie Sandor oan Allison einlings it wachtwurd fan 'e boardkompjûter jûn, en as se dy no opstart, binne sy en de oaren fernuvere troch de stim fan in jongeman dy't harren yn al har dwaan begeliedt en riejout. As ynienen de Australia en in twadde frachtskip dat yn 'e hannen fan 'e Mazianni ferkeart, harsels los meitsje fan it stasjon, docht bliken dat oare skippen it planetestelsel fan Venture binnenkommen binne. Dêrby giet it om it superfrachtskip Finity's End, fan 'e Neiharts fan 'e Keapfarderalliânsje, folge troch de Dublin Again, de Norway en it oarlochsskip Liberty fan 'e Uny. De Australia wit nauwerneed te ûntkommen, mar moat in grut diel fan syn bemanning oan board fan it stasjon efterlitte, en it Mazianni-frachtskip wurdt opblaasd troch de Liberty. Neitiid nimme troepen fan 'e Norway wapenderhân it stasjon yn, dêr't se Sandor en Curran oantreffe en nei har sikeboech bringe.
As it stof oplûkt, wurdt Sandor troch Mallory beleanne foar it feit dat se him yn deadsgefaar brocht hat. By wize fan kompinsaasje sprekt se him frij fan alle lytse finansjele misdriuwen dy't er troch de jierren begien hat om syn skip te behâlden, sadat er de namme Kreja wer oannimme kin. It ferhaal fan Merchanter's Luck einiget oan board fan 'e Lucy, dy't no wer Le Cygne hjit, in lytse keapfarder wêrfan't de fiifkoppige bemanning inoar no folslein fertrout.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|