Alliance-Union Universe

(Trochferwiisd fan Company Wars)

De Alliance-Union Universe-searje is in romansearje fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh. It is in science fictionrige dy't spilet yn 'e fiere takomst, as de minskheid him ferspraat hat nei de stjerren. Dêr binne twa grutte bûnsgenoatskippen ûntstien, de sterk yndustrialisearre Uny en de Keapfardersalliânsje, dy't bestiet út fierhinne nomadyske keapfardij-romteskippen, bewenne troch hiele famyljeklans. It konflikt tusken dy beide partijen, mei de Mem Ierde as trêde partij, brûkt Cherryh as eftergrûn foar in grut tal fierders op harsels steande romans en romansearjes. De boeken dy't ta de Alliance-Union Universe-rige hearre, wurde sûnt 1976 útjûn by de New Yorkske útjouwerij DAW Books.

Alliance-Union Universe
algemiene gegevens
auteur C.J. Cherryh
taal Ingelsk
foarm romansearje
sjenre science fiction
1e publikaasje 1976 – no
oarspr. útjwr. DAW Books

Skiednis fan it hielal fan 'e Alliance-Union Universe-rige

bewurkje seksje

De Alliance-Union Universe-rige fan C.J. Cherryh spilet yn in takomst as de minskheid him ferspraat hat nei de stjerren, troch oare planeten te kolonisearjen en romtestasjons te bouwen yn in baan om sokke planeten en teffens op gaadlike plakken dêr't sokke bewenbere planeten ûntbrekke. De flater dy't oan 'e grûnslach leit fan alle lettere swierrichheden en ellinde is dat de hiele kolonisaasje útfierd wurdt troch in privaat bedriuw, de Sol Corporation, dy't himsels letter omneamt ta Earth Company.

Yn 't earstoan giet de kolonisaasje fan 'e romte stadich. Elts nij romtestasjon wurdt boud fanút it foarrige en is fierder by de Ierde wei pleatst. Sa wurde yn 'e tiid foar de útfining fan it flugger-as-ljochtreizgjen njoggen romtestasjons boud, dy't as kralen oan in snoer by de Ierde wie liede, allegear yn planetestelsels sûnder bewenbere planeten. De stasjonsbewenners en de keapfarders dy't de stasjons befoarriedzje, ûntjouwe troch de jierren hinne elts in aparte kulturele identiteit, mar bliuwe psychologysk en materieel ôfhinklik fan 'e Ierde. De ûntinkbere ôfstannen soargje der lykwols foar dat de oarders en bestjoersopdrachten fan Earth Company hopeleas ferâldere binne as se de stasjons berikke, sadat it koppige besykjen fan it bedriuw om alles yn eigen hân te hâlden hieltyd sinleazer wurdt.

As Pell's Wrâld ûntdutsen wurdt yn it planetestelsel fan Tau Ceti, rekket it fragile ekonomyske en politike systeem, dat ûnderwilens opboud is, út balâns. Op dy planeet kinne minsken ridlik maklik oerlibje, al moatte se der wol gasmaskers en soerstoftanks drage. Fierders libbet de earste yntelliginte soarte fan bûtenierdske wêzens op Pell's Wrâld: de freonlike hisa, foar wa't geweld folslein taboe is. Mar it wichtichste is dat op 'e planeet Ierdske lânbougewaaksen ferboud wurde kinne, mei as gefolch dat de ekonomyske dominânsje fan 'e Ierde gefaarlik ferswakke rekket. Nei de bou fan Pell Station (yn 'e folksmûle Downbelow Station neamd) yn in baan om Pell's Wrâld, wreidzje de kolonisten harren aktiviteiten mei nije krigelens út, fierder de romte yn en by de Ierde wei.

De earste súksesfolle proef mei nije technology dy't flugger-as-ljochtreizgjen mooglik makket, wurdt dien yn it jier 2248. Fan dy trochbraak makket Earth Company gebrûk om te besykjen en nim de sizzenskip oer de romtestasjons en de kolonisten werom. Mei't de burokraten op 'e Ierde net folle begripe fan stasjonsbewenners of keapfarders, rint dat knoffelige besykjen lykwols út op in ramp. Der ûntstiet ûnrêst, benammen ûnder de stasjonsbewenners, dy't liedt ta wapene botsings tusken harren en personiel fan Earth Company. Uteinlik brekt der in iepen opstân út, dêr't it bedriuw op reägearret troch 50 militêre romteskippen bouwe te litten, de saneamde Bedriuwsfloat (Company Fleet). Dy wurdt ûnder it befel pleatst fan admiraal Conrad Mazian, en kriget de opdracht om 'e opstân del te slaan en derfoar te soargjen dat de oarders en opdrachten fan Earth Company tenei op alle romtestasjons nei de letter útfierd wurde.

De sitewaasje rint yn it jier 2300 út op in folsleine oarloch, as de kolonisten de ûnôfhinklikheid fan harren Uny (Union) útroppe, oanfierd troch de bewenners fan it planetestelsel Cyteen, dêr't by Lalande 46650 in noch better bewenbere planeet ûntdutsen is as Pell's Wrâld. Dizze nije Uny sjocht der gjin kwea yn om syn lytse befolking en kriichsmacht fuort te sterkjen troch it fabryksmjittich produsearjen fan genetysk manipulearre en psychologysk kondysjonearre minsklike kloanen, de saneamde 'azi', dy't troch de Ierdlingen en de keapfarders as in grouwel beskôge wurde.

De striid tusken de Bedriuwsfloat en de kriichsmacht fan 'e Uny is fûleindich en ferbiten yn wat de Bedriuwsoarloch (Company War) komt te hjitten. De romtestasjons dy't it tichtst by de Ierde lizze, dêr't men ûntrêstge is oer de azi's en oare as ymmoreel beskôge fernijings yn 'e Uny, bliuwe trou oan 'e Ierde. Ferskaten fan dy stasjons wurde ferneatige troch de kriichsmacht fan 'e Uny. Underwilens komt de Bedriuwsfloat yn 'e knipe troch de sporadyske en ûntarikkende befoarrieding fan 'e Ierde ôf, dêr't Earth Company troch de oanhâldende oarlochssitewaasje yn 'e finansjele swierrichheden rekke is. De Bedriuwsfloat hat dan gjin oare kar as om mei geweld foarrieden, apparatuer en nij personiel te konfiskearjen fan 'e keapfarders, dy't dêrtroch almar mear fan 'e Ierde en de Bedriuwsfloat ferfrjemde reitsje. Mei sokke praktiken kin de Bedriuwsfloat lykwols inkeld de besteande skippen geande hâlde; om't der gjin nije skippen mear stjoerd wurde as fersterkings, wylst de Uny oanhâldend nije skippen bout, kriget de striid stadichoan it karakter fan in útputtingsoarloch.

De keapfarders en de bewenners fan Pell Station, it wichtichste plak fan trochreis tusken de romte dy't behearske wurdt troch de Ierde en it territoarium fan 'e Uny, bedarje troch de oanhâldende oarloch tusken de wâl en it skip. Ein 2352, begjin 2353 ûntstiet op Pell Station in krisis (beskreaun yn 'e roman Downbelow Station), wêrby't de grutte keapfardersklans in ferbûn slute en de ûnôfhinklike Keapfardersalliânsje (Merchanters' Alliance) oprjochtsje as in trêde partij yn it konflikt, mei as lânbasis de planeet Pell's Wrâld en Pell Station. Koarte tiid letter arrivearret der in delegaasje fan 'e Ierde om ûnderhannelings mei de Uny te iepenjen oer de ein fan 'e oarloch.

Admiraal Mazian wegeret lykwols en akseptearje de frede. Sadwaande fjochtet de Bedriuwsfloat ek nei it fredesferdrach tusken Uny en Ierde troch, no inkeld foar de ambysjes fan Conrad Mazian. De float ûntjout him dan ta in binde piraten, dy't him skuldich makket oan oarlochsmisdieden tsjin boargers fan sawol de Uny as de Keapfardersalliânsje, en ek tsjin 'e bewenners fan 'e neie stasjons dy't noch ûnder tafersjoch fan 'e Ierde steane. As ien fan Mazian syn meast foaroansteande ûnderhearrigen, kaptein-op-see Signy Mallory, ûntdekt dat Mazian plannen hat om 'e Ierde sels te feroverjen, rinne sy en har skip, de Norway, oer nei de Keapfardersalliânsje, en wurde neitiid de kearn fan in eigen float fan dy steat. De rest fan 'e Bedriuwsfloat bliuwt trou oan Mazian, mar troch Mallory har ferrie is dyselde twongen om syn wraam op 'e Ierde foartidich te begjinnen. Mei't de Ierde warskôge is, kin de oanfal ôfslein wurde.

No't ek de Ierde behelle rekke is yn 'e striid tsjin 'e skippen fan 'e eardere Bedriuwsfloat, dy't ûnderwilens bekend kommen binne te stean as de "Mazianni", sjocht de Uny syn kâns skoan om einlings mei Mazian ôf te weven. Alle striidkrêften wurde ynset foar in lêste offinsyf. Om't dêrtroch neat oerbliuwt om 'e Uny te ferdigenjen tsjin 'e Keapfardersalliânsje, kin dy in foardielige frede mei de Uny slute, wêrby't de Uny syn oanspraken op Pell's Wrâld en Pell Station opjout. Fierders wit de Alliânsje it monopoalje op ynterstellêre hannel te krijen, ek binnen de grinzen fan 'e Uny. No't Uny, Alliânsje en Ierde gearwurkje, moatte de Mazianni stadichoan gebiet priisjaan, sa't op 'e eftergrûn yn romans as Rimrunners en Merchanter's Luck oan 'e oarder komt. Yn Tripoint wurdt lykwols dúdlik dat se in oare bewenbere wrâld ûntdutsen en dêr in koloanje fêstige hawwe.

Sadree't de Mazianni gjin wiere bedriging mear foarmje, ûntstiet der in soarte fan kâlde oarloch tusken de Uny en de Keapfardersalliânsje. De Uny koesteret wrok oer de hannelsbeheinings binnen de eigen grinzen, wylst de Alliânsje benaud is om ûnder de foet rûn te wurden troch de Uny mei syn folle gruttere befolking. De spannings rinne fierder op as oan it ljocht komt dat de Uny op 'e planeet Gehenna, in seldsume bewenbere wrâld yn 'e ynfloedssfear fan 'e Alliânsje, mei sin in mislearre koloanje pleatst hat om 'e kolonisaasje fan 'e wrâld troch de Alliânsje te dwerseidzjen (sjoch: Forty Thousand in Gehenna). Underwilens stride binnen de Uny twa politike faksjes mei folslein ferskillende fisys op 'e takomst om 'e macht, net wittende dat de geniale wittenskipster en politika Ariane Emory har eigen plannen foar de Uny hat (sjoch: de Cyteen-duology).

Yntelliginte rassen

bewurkje seksje

De folgjende rassen fan bûtenierdske wêzens komme yn 'e Alliance-Union Universe-rige foar.

namme ras planetestelsel thúsplaneet komt foar yn opmerkings
Amaut Kesuat Hunter of Worlds krigele lytseftige humanoïden sûnder folle omtinken foar oare rassen dy't tusken harren en weardefolle natuerlike helpboarnen yn steane
Ahnit Wave Without a Shore
Caliban Gehenna Forty Thousand in Gehenna grutte kwasy-reptilen mei in ûndúdlike mjitte fan yntelliginsje; guon foarmje in telepatyske bân mei de ôfstammelingen fan 'e minsklike kolonisten op Gehenna
Chi Chchchoh Chanur-searje stôkeftige, gielhûdige en fluch bewegende metaanazemers; hawwe de iene of oare bân mei de T’ca
Elee Na’i’in Kutath Faded Sun-trilogy artistike humanoïden, mooglik besibbe oan 'e Mri
Hani Ahr Anuurn (Ahr II) Chanur-searje kateftige twafuotters mei in martriargale maatskippij en in protte parallellen mei liuwen
Harilim Fires of Azeroth beambewenners
Hisa Pell's Star (Tau Ceti) Pell's World (ek bekend as Downbelow) Downbelow Station,
Finity's End
freedsume, freonlike brúnbehierre twafuottige sûchdieren
Iduve Kej Kej IV Hunter of Worlds gefaarlike, heldersjende, humanoïde predators dy't allinnich, mei inkeld slaven fan oare rassen as tsjinners, yn ûnbidich grutte en machtige romteskippen troch de romte omdoarmje en dêrby oare rassen terrorisearje mei harren ûnbegryplike hâlden en dragen
Kallia Aus Qao Hunter of Worlds tinne, holbonkige humanoïden dy't fûleindich pasifistysk binne
Kif Akkt Akkht Chanur-searje langsnutige, twafuottige predators, tige kompetatyf en fluch om harren loyaliteit te ferlizzen as dat yn harren eigen belang is
Knnn Chanur-searje rjufuottige metaanazemjende gaoaten mei wa't frijwol net te kommunisearjen falt, mar dy't lykwols tige avansearre technology ûntwikkele hawwe
Majat Alpha Hydri Cerdin (Alpha Hydri II of III, ôfhinklik fan 'e boarne) Serpent's Reach swaarmynsektoïden; de hiele soarte bestiet út mar fjouwer ferskillende yntelliginte yndividuën (keninginnen), mei swaarmen dy't ûnderskaat wurde nei kleur (blau, grien, read en goud)
Mahendo’sat Iji Chanur-searje swartbehierre sûchdieren mei in protte parallellen mei minskapen; tige polityk bewust en dêrom net alhiel betrouber
Mri Na’i’in Kutath Faded Sun-trilogy militaristyske humanoïden dy't lykje op minsken, mei in trijefâldige kastemaatskippij
Nemet Brothers of Earth humanoïden mei in maatskippij dy't strang basearre is op eare
Qual (ek: Khal) Morgaine-syklus humanoïde, lykje op minsken
Regul Mab Nurag Faded Sun-trilogy ksenofoben mei in fotografysk ûnthâld; adolesinte en folwoeksen lichemsfoarmen wike sterk faninoar ôf; twer fan direkt geweld, mar mear as ree om oare rassen dêrfoar yn te setten
Stsho Llyene Chanur-searje hermafrodityske wêzens mei in soart parallellen mei fûgels; fysyk en emosjoneel fragyl
Sharrh Merovingen Nights-searje technologysk avansearre, agressyf en territoriaal
Shonunin Cuckoo's Egg humanoïde twafuotters mei in op eare basearre maatskippij dy't oan Midsiuwsk Japan tinken docht
Tc’a Oh’a’o’o’o Chanur-searje slangeftige metaanazemers mei mearfâldige harsens; technologysk avansearre; ûnderhâlde de ien of oare bân mei de Chi

Yn 'e romans Port Eternity en Voyager in Night komme ferskate oare rassen fan bûtenierdske wêzens foar, wêrfan't lykwols gjin nammen jûn wurde.

Technologyen

bewurkje seksje

De wichtichste nije technologyen yn 'e Alliance-Union Universe-searje binne:

  • De sprongoandriuwing: in oandriuwingssysteem foar romteskippen op basis fan 'e natuerkundige teoryen dy't Estelle Blok yn it jier 2230 op Cyteen Station opstelde. Hjirtroch is flugger-as-ljochtreizgjen mooglik wurden. As skippen gebrûk meitsje fan 'e sprongoandriuwing, ferlitte se de reële romte en bedarje se yn in soarte fan parallel universum, dêr't se har fuortbewege mei in faasje dy't grutter liket te wêzen as mooglik is yn 'e reële romte. Skippen dy't weromspringe nei de reële romte hawwe dêrnei in grutte faasje en moatte sterk ôfremme wurde. Sprongen dy't fierder geane as in pear ljochtjier resultearje yn 'e ferneatiging fan it romteskip; dêrom is it wizânsje om twa of trije sprongen efterinoar te dwaan om op 'e bestimming oan te kommen. Begjin- en einpunt fan in sprong binne in saneamde 'sprongpunt': in stjer of oare massa mei grutte swiertekrêft. De sprongen lykje fanút it perspektyf fan 'e bemanning dagen oant wiken yn beslach te nimmen, mar út it perspektyf fan bewenners fan romtestasjons en planeten wiken oant moannen. Romtefarders libje dêrom 'langer' yn ferliking mei stasjons- en planeetbewenners, ek al merke se dêr sels neat fan. Hoewol't leden fan oare rassen sprongen ûndergeane wylst se by bewustwêzen binne, is dat foar minsken sa'n aaklike ûnderfining dat se harsels foarôfgeande oan 'e sprong ferdôvje en fertrouwe op harren kompjûters om it skip op 'e tiid wer nei de reële romte weromspringe te litten.
  • Ferjonging (rejuv): in âlderdomopkearend middel ôfkomstich fan libbensfoarmen op 'e planeet Cyteen en ûntdutsen yn 'e 2220-er jierren. Brûkers fan dit middel behâlde de fysike en mentale kapasiteiten fan it stuit dat se mei it ynnimmen begjinne (ornaris as se begjin fjirtich binne), en komme pas te ferstjerren as se sa'n 140 jier âld binne. As 'ferjongingsfalen' begjint, is it lykwols ek yn in jier as oardel, twa dien. As men ienris begûn is mei it ynnimmen fan ferjonging, moat men dêr mei trochgean; ophâlden hat fatale gefolgen. De wichtichste bywurkings binne ûnfruchtberens en wyt hier.
  • Minsklik kloanen: in technology dy't benammen yn 'e Uny yn hege mjitte ûntwikkele is (ta walging fan Ierdlingen en boargers fan 'e Keapfardersalliânsje). De kloanen hawwe in normaal tiidsbestek nedich om folwoeksen te wurden. It komt foar dat in bern kloand wurdt as it omkommen is by in ûngelok, of dat minsken in 'persoanlik replikaat' (in kloan fan harsels) meitsje litte om harren te ferfangen as se sels stjerre. De oergrutte mearderheid fan 'e kloanen bestiet lykwols út saneamde 'azi': genetysk manipulearre arbeiders, technisy en soldaten dy't kondysjonearre wurde mei subliminale techniken en dy't gjin boargerrjochten hawwe (hoewol't se dy ûnder beskate omstannichheden wol winne kinne). Azi kinne minder goed omgean mei ûngewoane of nije sitewaasjes as 'gewoane' minsken, mar kinne har folle better op harren tawiisde taken konsintrearje. De namme komt fan 'e letters A oant en mei Z, dy't brûkt wurde om 'e azi te kategorisearjen. De yntelligintste (en bêst oplate) azi binne de 'alfa's', wylst alle azi ûnder de T-klasse net iens lêzen en skriuwen leard wurdt.
  • Terrafoarming: technologyen om oare planeten te 'terrafoarmjen' (oftewol mear lykas de Ierde te meitsjen) binne benammen yn 'e Uny brûkt. Sa binne dielen fan 'e planeet Cyteen terrafoarme sadat minsken dêr libje kinne. Want de lânseigen natoer fan Cyteen is tige giftich foar de minske, ek al is it wol de boarne fan ferjonging. Yn 't earstoan wie men fan doel om 'e hiele planeet te terrafoarmjen en de lânseigen natoer út te rûgjen, mar de ûntdekking fan ferjonging en de eangst om in langer libben en de ekonomyske ynstruiers fan 'e ferkeap fan ferjonging te ferliezen, hat derfoar soarge dat de lânseigen natoer letter soarchfâldich beskerme waard troch it regear fan 'e Uny. Nei ôfrin fan 'e Bedriuwsoarloch ferkocht Cyteen syn opdiene kennis oer terrafoarming oan 'e Ierde, dy't deselde prosessen dêrnei brûkte op Mars.

In grut part fan it oeuvre fan C.J. Cherryh is ûnder te bringen yn 'e Alliance-Union Universe-rige. Hoewol't dy boeken yn 'e regel mar sydlings mei-inoar yn ferbân steane en foar it grutste part los faninoar lêzen wurde kinne, spylje se yn ien en itselde takomstige hielal. Cherryh brûkt de oarlochssitewaasjes tusken Uny en Ierde, Uny en Alliânsje en mei de Mazianni net sasear as ûnderwerp op himsels, mar mear as eftergrûn foar romans dy't eins oer lytsere saken of spesifike ûnderdielen fan 'e oarloch geane. Sa ferhellet Downbelow Station oer de oername troch Unytroepen fan it romtestasjon Pell Station, in besetting dy't de direkte oanlieding foarmet foar de oprjochting fan 'e Keapfardersalliânsje. Merchanter's Luck fertelt it ferhaal fan 'e lytse keapfarder Sandor Kreja, dy't wanhopich besiket om finansjeel de holle boppe wetter te hâlden, en dêrta en út leafde yn tiid fan oarloch idioate risiko's nimt. Forty Thousand in Gehenna (Gehenna is in oare namme foar de hel) beskriuwt de jammerdearlik ferrûne kolonisaasje fan 'e planeet Gehenna troch fjirtichtûzen kolonisten. Finity's End jout in byld fan 'e gong fan saken op 'e grutte keapfardijkippen, troch de eagen fan in jonge dy't syn earste reis makket. En yn Cyteen en Regenesis nimt Cherryh de moraliteit fan 'e kloaningspratiken fan 'e Uny yn omtinken, en teffens de swierrichheden dy't dêrút fuortkomme.

Fierders spylje ek ferskate lytsere romansearjes fan Cherryh tsjin 'e eftergrûn fan it Alliance-Union Universe. Sa kin yn 'e Chanur-searje út 'e kontekst opmakke wurde dat dy boeken yn itselde hielal spylje, mar it ferhaal fynt plak fier fuort yn 'e romte, sjoen fan 'e Ierde ôf de tsjinstelde kant út as dêr't de Uny en de Alliânsje har befine. De haadpersoanen, yn 'e earste fjouwer boeken de keapfarder Pyanfar Chanur en yn it lêste har muoikesizzer Hilfy Chanur, binne hani, leden fan in kateftich ras fan bûtenierdske wêzens. Se libje yn in diel fan 'e romte dêr't in bûn fan sân bûtenierdske rassen in prekêr machtslykwicht tusken de leden fan dat bûn yn stân hâldt. Dy hiele regio fan it hielal wurdt yn ûnstjoer brocht as der op in stuit op in troch alle rassen besocht romtestasjon in minske ferskynt, dy't beskûl siket op Pyanfar Chanur har skip.

In oare romanrige dy't krektsa ferbûn is mei it Alliance-Union Universe is de Foreigner-searje, dy't him ûntjûn hat ta ien fan Cherryh har populêrste rigen. Dêrby is in romteskip mei Ierdske kolonisten troch in ûnferklearber ynsidint by it flugger-as-ljochtreizgjen fan koerts rekke en yn in ûnbekend diel fan it hielal bedarre. De kolonisten sette har dêr fanneeds nei wenjen op in planeet dêr't ek al in wrâldseigen ras fan yntelliginte wêzens libbet. De Foreigner-boeken spylje in pear hûndert jier nei dy foarfallen, en geane oer de paidhi (in funksje dy't de midden hâldt tusken tolk en ambassadeur) Bren Cameron, de iennichste fan 'e minsken op 'e planeet dy't mei de atevi (de oarspronklike bewenners fan 'e planeet) omgean mei, om't misbegryp earder ta in skriklike oarloch laat hat. Fierders omfiemet de Alliance-Union Universe-searje ek de fjouwer fantasyromans fan 'e Morgaine-syklus, de Faded Sun-trilogy en de iene roman en sân ferhalebondels mei wurk fan oare auteurs ûnder redaksje fan Cherryh dy't de Merovingen Nights-searje foarmje.

  • de Hanan Rebellion-duology (dizze boeken kinne los faninoar lêzen wurde)
    • 1976 – Brothers of Earth
    • 1977 – Hunter of Worlds
      • 2003 – At the Edge of Space (omnibusedysje fan Brothers of Earth en Hunter of Worlds)
  • de Morgaine-syklus
    • 1976 – Gate of Ivrel
      •   Nederlânske oersetting: Poort van Ivrel (fert. Son Tyberg, 1980)
    • 1978 – Well of Shiuan
      •   Nederlânske oersetting: Welpunt van Shiuan (fert. Son Tyberg, 1980)
    • 1979 – Fires of Azeroth
      • 1979 – The Book of Morgaine (omnibusedysje fan Gate of Ivrel, Well of Shiuan en Fires of Azeroth)
      • 1989 – The Chronicles of Morgaine (omnibusedysje fan Gate of Ivrel, Well of Shiuan en Fires of Azeroth)
      • 2000 – The Morgaine Saga (omnibusedysje fan Gate of Ivrel, Well of Shiuan en Fires of Azeroth)
    • 1988 – Exile's Gate
      • 2015 – The Complete Morgaine (omnibusedysje fan Gate of Ivrel, Well of Shiuan, Fires of Azeroth en Exile's Gate)
  • de Mri Wars-boeken
    • de Faded Sun-trilogy
      • 1978 – Kesrith
        •   Nederlânske oersetting: De Gedoofde Zon: Kesrith (fert. Werkvoorziening Kempenland, 1984)
      • 1978 – Shon'jir
      • 1979 – Kutath
        • 1987 – The Faded Sun Trilogy (omnibusedysje fan Kesrith, Shon'jir en Kutath; werútjûn yn 2000)
  • de Company Wars-boeken (dizze boeken spylje yn deselde perioade, dy fan 'e oarloggen tusken de Uny en de Alliânsje, mar útsein Heavy Time en Hellburner kinne se allegear los faninoar lêzen wurde)
    • 1981 – Downbelow Station
    • 1982 – Merchanter's Luck (ek publisearre yn 'e omnibusedysje Alliance Space, út 2008)
    • 1989 – Rimrunners
    • de Devil to the Belt-duology
      • 1991 – Heavy Time
      • 1992 – Hellburner
        • 2000 – Devil to the Belt (omnibusedysje fan Heavy Time en Hellburner)
    • 1994 – Tripoint
    • 1997 – Finity's End
  • de Era of Rapprochement-boeken (dizze boeken spylje yn deselde perioade, as der op 'e oarloggen tusken de Uny en de Alliânsje wer ta-inoarkommen folget, mar útsein Regenesis, dêr't men eins Cyteen earst foar lêze moat, kinne se allegear los faninoar lêzen wurde)
    • 1980 – Serpent's Reach (ek publisearre yn 'e omnibusedysje The Deep Beyond, út 2005)
    • 1983 – Forty Thousand in Gehenna (ek publisearre yn 'e omnibusedysje Alliance Space, út 2008)
    • 1985 – The Scapegoat (novelle)
    • Cyteen-duology
      • 1988 – Cyteen (foarhinne ek wol yn trije dielen publisearre, The Betrayal, The Rebirth and The Vindication, wêroer't Cherryh skreaun hat: "[D]at is no foarby: de hjoeddeistige en, om't ik it wol, alle takomstige publikaasjes sille Cyteen as ien feriene boek hawwe.")
      • 2009 – Regenesis
    • de Merovingen Nights-searje
      • 1985 – Angel with the Sword (roman by wize fan 'prolooch' fan 'e ferhalesearje)
      • 1987 – Festival Moon (ferhalebondel mei koarte ferhalen fan ferskate skriuwers ûnder redaksje fan Cherryh)
      • 1987 – Fever Season (ferhalebondel mei koarte ferhalen fan ferskate skriuwers ûnder redaksje fan Cherryh)
      • 1988 – Troubled Waters (ferhalebondel mei koarte ferhalen fan ferskate skriuwers ûnder redaksje fan Cherryh)
      • 1988 – Smuggler's Gold (ferhalebondel mei koarte ferhalen fan ferskate skriuwers ûnder redaksje fan Cherryh)
      • 1989 – Divine Right (ferhalebondel mei koarte ferhalen fan ferskate skriuwers ûnder redaksje fan Cherryh)
      • 1990 – Flood Tide (ferhalebondel mei koarte ferhalen fan ferskate skriuwers ûnder redaksje fan Cherryh)
      • 1991 – Endgame (ferhalebondel mei koarte ferhalen fan ferskate skriuwers ûnder redaksje fan Cherryh)
  • de Chanur-searje
    • 1981 – The Pride of Chanur
    • 1984 – Chanur's Venture
    • 1985 – The Kif Strike Back
      • 2000 – The Chanur Saga (omnibusedysje fan The Pride of Chanur, Chanur's Venture en The Kif Strike Back)
    • 1986 – Chanur's Homecoming
    • 1992 – Chanur's Legacy
      • 2007 – Chanur's Endgame (omnibusedysje fan Chanur's Homecoming en Chanur's Legacy)
  • de Age of Exploration-boeken (dizze boeken hawwe ien tema gemien, mar steane fierders los faninoar)
    • 1982 – Port Eternity (ek publisearre yn 'e omnibusedysje Alternate Realities, út 2000)
    • 1984 – Voyager in Night (ek publisearre yn 'e omnibusedysje Alternate Realities, út 2000)
    • 1985 – Cuckoo's Egg (ek publisearre yn 'e omnibusedysje The Deep Beyond, út 2005)
  • de Foreigner-searje
  • The Hinder Stars-rige
  • oare boeken fan 'e Alliance-Union Universe-rige
    • 1981 – Wave Without a Shore (ek publisearre yn 'e omnibusedysje Alternate Realities, út 2000)
      •   Nederlânske oersetting: De Laatste Oever (fert. R. van Hevel, 1983)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.