Mia Khalifa Is Cumming for Dinner

Mia Khalifa Is Cumming for Dinner is in Amerikaanske pornofilm út 2014, mei as akteurs Mia Khalifa, Julianna Vega en Sean Lawless. De Ingelsktalige film is in produksje fan 'e Amerikaanske filmstudio BangBros en hat in doer fan 33 minuten. It ferhaal draait om twa islamityske froulju dy't rûzje meitsje om in man en úteinlik harren skeel oplosse troch in triootsje te hâlden. Dizze pornofilm soarge foar in protte opskuor yn it Midden-Easten trochdat ien fan 'e aktrises, Mia Khalifa, yn Libanon berne is, en trochdat beide aktrises in hidjaab droegen, in stik klean dat assosjearre wurdt mei islamityske froulju.

Mia Khalifa Is Cumming
for Dinner
film
makkers
filmstudio BangBros
spilers
haadrollen Mia Khalifa
Julianna Vega
Sean Lawless
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 2014
foarm koarte film
sjenre pornofilm
taal Ingelsk
spyltiid 33 minuten

De titel fan Mia Khalifa Is Cumming for Dinner is dûbelsinnich: coming for dinner betsjut "op besyk komme foar in itentsje". De wurdfoarm cumming, fan 'e sprektaalwurdfoarm to cum, ferwiist lykwols nei klearkomme, en de titel kin sadwaande lêzen wurde as "Mia Khalifa komt klear foar it iten".

In moslimfanke (Mia Khalifa) wurdt op 'e motor thúsbrocht troch har freon (Sean Lawless), dy't bliuwt te iten. As har styfmem (Julianna Vega) dy beiden oan it tútsjen sjocht, hellet se se útinoar en lêst se har styfdochter it leksum. Letter nimt se de man apart en ûnderstiet him oer syn bedoelings mei har styfdochter. Dy konfrontaasje rint lykwols ek út op tútsjen en streakjen, ear't de freon en de styfmem har wer by de dochter jouwe. Under iten ferdwynt de styfmem lykwols ûnder de tafel nei't se by wize fan ferlechje har taffelsreau falle litten hat. Under de tafel hellet se de penis fan 'e man út 'e broek en bedriuwt orale seks mei him. As de styfdochter dat opmerkt, ûntstiet der in lilke konfrontaasje tusken de beide froulju, dy't se úteinlik oplosse troch te besluten om 'e man te dielen. Dêrnei ûntjout him in trioke, wêrby't beide froulju seksuële omgong mei de man hawwe.

Produksje en ûntfangst

bewurkje seksje

Mia Khalifa Is Cumming for Dinner waard op 28 oktober 2014 filme en op 14 novimber fan dat jier publisearre op 'e webside fan BangBros. De film jildt as de earste profesjoneel produsearre pornofilm dy't fierhinne draait om it dragen, troch de beide aktrises, fan in hidjaab, in soarte fan holdoek dy't ornaris assosjearre wurdt mei islamityske froulju. Dêrtroch wurdt, sûnder dat mei safolle wurden te sizzen, dúdlik makke dat it hjir om twa moslima's giet.

Yn it Midden-Easten late Mia Khalifa Is Cumming to Dinner dêrom ta grutte opskuor, temear om't ien fan 'e aktrises, Mia Khalifa, yn Libanon berne is (hoewol't hja opgroeide yn 'e Feriene Steaten en fan hús út net islamitysk, mar eastersk-katolyk is). Fanwegen dizze film, wêrmei't hja de islaam en har bertelân Libanon te skande makke hawwe soe, ûntfong hja in protte krityk en sels deadsbedrigings. De oare aktrise, de Kubaanse Julianna Vega, ûntkaam fierhinne oan sa'n bejegening. Yn in fraachpetear mei de Amerikaanske krante The Washington Post ferdigene Khalifa harsels en de film troch te sizzen dat moslims yn mainstream-films út Hollywood folle negativer foarsteld wurde as yn 'e pornografyske sênes dêr't sysels oan meiwurke hie.

Troch alle trelit waard Mia Khalifa Is Cumming for Dinner ien fan 'e bekendste, sanet de meast ferneamde film dy't BangBros ea produsearre hie. Op 'e webside fan 'e studio jildt er as ien fan 'e meast besjoene fideo's. Khalifa, dy't mar koart yn 'e pornoyndustry wurksum wie, tanket der har status as ynternetferneamdheid oan. Yn Libanon soarge de film foar in bredere maatskiplike diskusje oer de ferhâlding tusken de islaam en pornografy.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise, op dizze side.