Ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip

It Nederlânske ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip, ôfkoarte ta OCW (Onderwijs, Cultuur en Wetenschap), is it ministearje dat ferantwurdlik is foar ûnderwiis, kultuer, wittenskip en it emansipaasjebelied. Inkelde kearndoelen binne 'goed ûnderwiis en in tarieding op selsstannigens en ferantwurdlikens foar elkenien', 'de mooglikheid foar ûnderwizers om harren wurk te dwaan' en 'de mooglikheid foar elkenien om keunst te belibjen'. Wat de wittenskip oanbelanget seit it ministearje dat ek 'wittenskippers harren wurk dwaan moatte kinne'.

Ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip
OCW
Ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip
De Hôftoer dy't heart ta it ministearje OCW.
De Hôftoer dy't heart ta it ministearje OCW.
algemien
lân flagge fan Nederlân Nederlân
adres Rijnstraat 50
De Haach
skiednis
oprjochting 9 septimber 1918
funksjehâlders
minister Eppo Bruins
steatssekretaris Mariëlle Paul
sekretaris-generaal Loes Mulder
offisjele webside
https://www.rijksoverheid.nl/ministeries/ministerie-van-onderwijs-cultuur-en-wetenschap

Politike lieding

bewurkje seksje

Yn it kabinet-Rutte III wie Ingrid van Engelshoven (D66) de minister en wie Arie Slob (CU) minister sûnder portefúlje foar Basis-en Fuortset Underwiis en Media.

Yn it kabinet-Rutte IV is Robbert Dijkgraaf (D66) de minister en Mariëlle Paul (VVD) (wie Dennis Wiersma, VVD) minister sûnder portefúlje. Fleur Gräper (D66) (wie Gunay Uslu, D66 en Steven van Weyenberg, D66) is steatssikretaris.

Doe't it kabinet-Schoof op 2 july 2024 oantrede, is de minister Eppo Bruins (NSC) en Mariëlle Paul (VVD) de steatssekretaris.

Ferantwurdlikens

bewurkje seksje

It ministearje is ferantwurdlik foar it hiele ûnderwiis: primêr, fuortset en heger ûnderwiis, mei it beropsûnderwiis en folwoeksene-edukaasje en it agrarysk ûnderwiis ynbegrepen. Ek stúdzjefinansierring falt ûnder it belied fan it ministearje.

It ministearje is ek ferantwurdlik foar it Nederlânske ûndersyk en wittenskipsbelied, mei útsûndering it op ynnovaasje rjochte ûndersyk dat ûnder it ministearje fan Ekonomyske Saken falt.

Organisaasje

bewurkje seksje

It ministearje hat trije direktoraten-generaal mei ûnderlizzende direksjes:

  • Heger ûnderwiis, berops- en folwoeksene-edukaasje, wittenskip en emansipaasjebelied (DGHBWE)
    • Heger ûnderwiis
    • Beropsûnderwiis en folwoeksene-edukaasje
    • Wittenskipsbelied
    • Stúdzjefinansierringsbelied
    • Emansipaasje
  • Primêr en fuortset ûnderwiis (DGPV)
    • Primêr ûnderwiis
    • Fuortset ûnderwiis
    • Arbeidsmerk en personielsbelied
    • Ier skoalleferlitten
  • Kultuer en media (DGCM)
    • Media, letters en biblioteken
    • Kultureel erfguod
    • Keunsten

Tagelyk binne der guon útfierende tsjiensten en rieden lykas:

  • Tsjinst Utfiering Underwiis
  • Ynspeksje fan it Underwiis (Nederlân)
  • Rykstsjinst foar it Kultureel Erfguod
  • Ynspeksje Oerheidsynformaasje en Erfguod
  • Nasjonaal Argyf
  • Underwiisried
  • Platfoarm Bètatechnyk
  • Ried foar Kultuer
  • Kolleezje foar Toetsen en Eksamens

De foargonger fan it ministearje, it Ministearje fan Underwiis, Keunsten en Wittenskippen waard yn 1918 oprjochte, doe't it selsstannich waard fan it Ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes. It waard oprjochte as gefolch fan de oplossing fan de skoalstriid, in skeel oer it lykskeakeljen fan de finânsjes foar religieuze en iepenbiere skoallen. By de Dútske besetting fan Nederlân yn de Twadde Wrâldkriich waard it ministearje omneamd ta Departemint foar Opfieding, Wittenskippen en Kultuerbehâld en in selsstannich Departemint foar Propaganda en Keunsten. Yn 1965 waard it Departemint foar Keunsten yntegrearre yn it nije ministearje fan Kultuer, Rekreaasje en Maatskiplik Wurk. Yn 1982 waard dy kulturele ôfdieling yntegrearre yn it Ministearje fan Folkssûnens. Yn 1996 kearde de kulturele ôfdieling werom nei it Ministearje fan Underwiis.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Nederlânske ministearjes  

Algemiene Saken (AZ) · Ministearje fan Asyl en Migraasje (A&M) · Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (BZK) · Bûtenlânske Saken (BZ) · Definsje (Def) · Ekonomyske Saken (EZ) · Finânsjes (Fin) · Folkshúsfêsting en Romtlike Oardering (VRO) · Folkssûnens, Wolwêzen en Sport (VWS) · Ynfrastruktuer en Wettersteat (I&W) · Justysje en Feiligens (J&V) · Klimaat en Griene Groei (KGG) Lânbou, Fiskerij, Itenswissigens en Natuer (LVVN) · Sosjale Saken en Wurkgelegenheid (SZW) · Underwiis, Kultuer en Wittenskip (OCW)

  ·   ·