Mongoaleploai
De Mongoaleploai (ferneamd nei it folk fan 'e Mongoalen) of epicanthus is in tear yn 'e hûd fan it boppeste eachlid dy't de binnenste eachhoeke (by de noas) bedekt. De dêrtroch ûntsteande foarm fan 'e eagen wurdt wol omskreaun as "mangelfoarmich" (nei de mangelnút, dy't in gelikense foarm hat). Foarhinne waarden sokke eagen ek wol omskreaun as spjalteagen, mar dat wurdt tsjintwurdich as in rasistyske term beskôge. Dit oanberne lichaamlik ferskynsel komt by in diel fan 'e minskheid foar en is njonken in nei gielens útskaaiende hûdskleur it wichtichste skaaimerk fan it mongoloïde ras (dat ek ferneamd is nei de Mongoalen). Fariaasjes fan dit ferskynsel komme foar en de relevante wittenskiplike literatuer makket ek gewach fan lju dy't "in lichte Mongoaleploai" of "foar in diel in Mongoaleploai" hawwe. Ferskate faktoaren binne fan ynfloed op 'e fraach oft immen in Mongoaleploai hat, wêrûnder ôfstamming, leeftyd en medyske oandwanings.
Etymology
bewurkje seksjeDe term "epicanthus" komt út it Latyn en betsjut "boppe de canthus". Canthus is de Latynske term foar "eachhoeke". De term is eins in latinisearre foarm fan it Aldgrykske ἐπί κανθός, epi kanthos.
Etnogeografyske fersprieding
bewurkje seksjeDe Mongoaleploai komt benammen foar by leden fan it mongoloïde ras en foarmet njonken in út 'e gielens skinende hûdskleur it wichtichste skaaimerk fan dat ras. Dit ferskynsel sjocht men sadwaande fral by (mear as 90% fan 'e) lju út East-Aazje, Súdeast-Aazje, Sintraal-Aazje, de Himalaya en de lânseigen bewenners fan Sibearje, de Hazaren fan Afganistan, guon lânseigen groepen yn Yndia en de Aleoeten en Eskimo's fan Arktysk Noard-Amearika. Yn mindere mjitte komt it ek foar by lju út 'e Yndyske Arsjipel, út Polyneezje en Mikroneezje yn 'e Stille Súdsee en by de Yndiaanske folken fan 'e Amearika's, dy't sterk mei Aziaten besibbe binne. Dêrnjonken is de Mongoaleploai ek tige algemien by guon Afrikaanske etnyske groepen, benammen mank de Koisan-folken (lykas de Boskjesmannen) en de Niloaten).
De Mongoaleploai komt, yn folle mindere mjitte, ek foar by guon Jeropeeske folken. Dêrby giet it yn it foarste plak om 'e sprekkers fan 'e Finsk-Oegryske talen: Hongaren, Finnen, Esten, Samen en in stikmannich lytsere etnyske groepen. Dyselden hiene fan oarsprong allegearre dit ferskynsel, mar it is by harren fierhinne weiwurden troch ferminging mei oare Jeropeeske folken. Noch minder faak komt de Mongoaleploai ek foar by Skandinaavjers, Russen, Poalen, Litouwers en Letten. By harren is it foarkommen fan dit ferskynsel oer it algemien in oanwizing foar it hawwen fan Finsk-Oegryske of Altayske foarâlden. Ek by Ingelsen, Ieren en Joaden is de Mongoaleploai yn seldsume gefallen dokumintearre. Oare etnyske groepen by wa't de Mongoaleploai soms opdûkt, binne de Bingalezen op it Yndysk subkontinint (nei alle gedachten troch ferminging mei Súdeastaziatyske folken), de Singalezen fan Sry Lanka, de Kûsjiten yn 'e Hoarn fan Afrika en de Berbers fan Noard-Afrika.
Leeftyd
bewurkje seksjeIn protte minsklike foetussen hawwe de Mongoaleploai as se har noch ûntwikkelje yn it limoer fan 'e mem, mar ferlieze it ferskynsel tusken de trêde en de sechsde moanne fan 'e swierens. Ek by lytse bern fan alderlei etnisiteit binne faak tydlik Mongoaleploaien sichtber foar't de rêch fan 'e noas him folslein ûntwikkelet.
Medyske oandwanings
bewurkje seksjeDe Mongoaleploai is by guon medyske oandwanings in symptoom fan abnormaliteit, lykas by it syndroom fan Zellweger, it syndroom fan Noonan, foetaal alkoholsyndroom en it syndroom fan Turner. It bekendst is dit ferskynsel lykwol fan lju dy't it syndroom fan Down hawwe, fan wa't 60% de Mongoaleploai hat. Dat wie de reden dat minsken mei it syndroom fan Down foarhinne rûnom "mongoaltsjes" neamd waarden, om't harren eagen itselde foarme wiene as by leden fan it mongoloïde ras. Tsjintwurdich wurdt dy oantsjutting beskôge as in skelnamme en boppedat ynakkuraat. De medyske stân brûkt him al sûnt de iere 1970-er jierren net mear en by de measte net-wittenskiplik ûnderleine minsken is de term sûnt de ein fan 'e 1980-er jierren yn ûnbrûk rekke.
Mooglike evolúsjonêre funksje
bewurkje seksjeDe Mongoaleploai wurdt gauris assosjearre mei gruttere hoemannichten fet om 'e eachbal hinne. It tinken is dat soks it each better tsjin ekstreme kjeld beskermje soe, en it ferskynsel wurdt sadwaande wol beskôge as in evolúsjonêre oanpassing fan 'e minske oan in kâlder klimaat. Der is ek in hypoteze dat de Mongoaleploai in beskate beskerming biede soe tsjin snieblinens. Hoewol't it foarkommen by de bewenners fan tropysk Súdeast-Aazje ferklearre wurde kin troch ôfstamming fan foarâlden dy't folle noardliker libben, biedt dizze teory gjin útlis foar it bestean fan 'e Mongoaleploai by folken yn Afrika, lykas de San. Saakkundigen hâlde it der foarearst op dat dizze lichaamlike oanpassing it minsklik each ek wolris beskermje kinne soe tsjin 'e hege nivo's fan ultrafiolet ljocht yn woastinen en healwoastinen.
Estetyk
bewurkje seksjeYn guon lannen, lykas Súd-Koreä, dêr't it skientme-ideaal basearre is op Westerske, blanke froulju, is it yn 'e ienentweintichste iuw net ûngewoan om sûnder medyske reden nei de plastysk sjirurch te gean om in eachlidkorreksje útfiere te litten. Dêrby wurdt operatyf in diel fan it boppeste eachlid ferwidere om in rûnere, mear Westerske eachfoarm te krijen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|