Mosquito, Grizzly Bear's Head en Lean Man Assiniboin Naasje
De Mosquito, Grizzly Bear's Head en Lean Man Assiniboin Naasje (Ingelsk: Mosquito, Grizzly Bear's Head en Lean Man Assiniboine Nation; Assiniboin: Capų́ga-Matópa-Hústaga Oyáde) is in Yndiaanske stamme-organisaasje yn Kanada, mei eigen reservaten yn it suden fan 'e provinsje Saskatchewan. Foarhinne (en no noch wol) waard dizze stamme oantsjut as de Mosquito, Grizzly Bear's Head en Lean Man Earste Naasje (Mosquito, Grizzly Bear's Head en Lean Man First Nation); "earste naasje" is in Kanadeeske oantsjutting foar in Yndianestam of -troep. De stamme is in gearfoeging fan trije oarspronklik selsstannige Yndianetroepen en bestiet yn syn hjoeddeistige foarm sûnt 1951. It haadkertier is fêstige yn Cando, yn Saskatchewan.
Mosquito, Grizzly Bear's Head en Lean Man Assiniboin Naasje | ||
Ingelsk | Mosquito, Grizzly Bear's Head and Lean Man First Nation | |
lânseigen | Capų́ga-Matópa-Hústaga Oyáde | |
flagge | ||
algemiene ynformaasje | ||
lân | Kanada | |
provinsje | Saskatchewan | |
haadkertier | Cando (Saskatchewan) | |
etnisiteit | Assiniboin, Kry | |
ledetal | 1.200 (2006) | |
oprjochting | 1951 | |
status | erkend | |
erkenning | Kanada | |
reservaat | ||
reservaat | Mosquito Reservaat 109 Grizzly Bear's Head en Lean Man Ferdrachslânrjochtereservaat Ferdrach Nû 4 Reservaatgrûnen | |
lokaasje | súdwestlik Saskatchewan | |
oerflak | 150,4 km² | |
ynwennertal | 543 (2011) | |
offisjele webside | ||
mosquitfn.ca | ||
kaart | ||
Lokaasje yn Saskatchewan.
|
Demografy
bewurkje seksjeNeffens gegegevens út 2006 hie de Mosquito, Grizzly Bear's Head en Lean Man Assiniboin Naasje doe 1.165 leden. Dat binne etnyske Assiniboin (Assiniboine), in folk dat nau besibbe is oan 'e Sû (Sioux), mei dêropta in minderheid fan Kry (Cree) fan 'e Flakte-Kry-substamme. It is wat dreech om 'e stamme neffens etnyske linen op te spjalten mei't der mar frijwat yninoar omtroud is, mar rûchwei is de yndieling sa: 900 Assiniboin en 300 Kry.
Reservaten
bewurkje seksjeDe Mosquito, Grizzly Bear's Head en Lean Man Assiniboin Naasje hat ferskate eigen reservaten.
- It grutste is it Mosquito Reservaat 109 (Mosquito 109 Reserve), dat 27 km besuden North Battleford leit. It is 93 km² grut, en yn 2011 wennen der 462 minsken. Op it mêd fan foarsjennings binne yn it reservaat û.m kantoaren fan 'e stamme-organisaasje, in gearkomsteseal, in skoalle, in klinyk, in multyfunksjoneel sintrum, in benzinepomp, in supermerk en in plysjekantoarke fan 'e RCMP fêstige.
- In stik lytser is it Grizzly Bear's Head Reservaat 110 en Lean Man Reservaat 111 (Grizzly Bear's Head 110 and Lean Man 111 Reserve), dat 24 km besuden North Battleford leit. Dat beslacht 34,8 km², en hie yn 2011 81 bewenners.
- In trêde reservaat is it Mosquito, Grizzly Bear's Head en Lean Man TLE Reservaat 1 (Mosquito, Grizzly Bear's Head and Lean Man TLE 1 Reserve), mei in grutte fan 22,6 km² en (noch) gjin bewenners. Dit waard oankocht mei in diel fan 'e 9,6 miljoen Kanadeeske dollar dy't de stamme yn 1992 ûntfong fan 'e Kanadeeske oerheid, by wize fan skikking oangeande de Treaty Land Entitlement ("Ferdrachslânrjochten").
- Fierders is de stamme ek eigner fan in 3,3 ha grut perseel binnen de beboude kom fan 'e stêd North Battleford, dêr't sûnt 1996 it Gold Eagle Casino fêstige is.
- Ta einbeslút dielt de Mosquito, Grizzly Bear's Head en Lean Man Assiniboin Naasje it Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen Yndianereservaat 77 (Treaty No. 4 Reserve Grounds 77 Indian Reserve) mei 34 oare stammen út súdlik Saskatchewan en Manitoba.
De stamme is lid fan 'e Federaasje fan Yndiaanske Naasjes fan Saskatchewan, in yntertribaal gearwurkingsferbân.
Skiednis
bewurkje seksjeDe trije oarspronklike Yndianetroepen fan 'e Mosquito, Grizzly Bear's Head en Lean Man Assiniboin Naasje waarden (troch de blanken) neamd nei harren respektivelike opperhaden, Misketo (dat yn it Ingelsk ferbastere waard ta Mosquito, "langpoat"), Grizzlybearekop en Meagere Man. De lieders fan 'e Lean Man-troep tekenen yn 1877 in ferdrach mei de Kanadeeske autoriteiten, en opperhaad Misketo fan 'e Mosquito-troep die itselde yn 1878. De Grizzly Bear's Head-troep wie ien 'e groepen Yndianen dy't allegeduerigen hinne en wer teagen oer de Kanadeesk-Amerikaanske grins (mei't dy arbitrêre line dwers troch harren nomadyske wengebiet hinne lutsen wie), wylst sawol de Kanadeeske as de Amerikaanske autoriteiten dêr it near op besochten te lizzen. Yn 1879 krigen se yn Kanada in jierjild útkeard, al bestiet der gjin bewiis dat se ek wier-wier in ferdrach mei de Kanadezen sleaten.
Yn 1879 waard der in reservaat foar de Mosquito- en de Grizzly Bear's Head-troepen stifte, en hoewol't de Lean Man-troep him yn 1882 nei dyselde krite bejoech, waard der foar harren pas yn 1884 reservaatlân ynromme. Sûnt dy tiid waard besocht om 'e nammen fan alle trije troepen yn ien gehiel wer te jaan, soms mei ynkonsekwint gebrûk fan komma's of keppelstreekjes. Alle trije troepen wiene behelle yn 'e Noardwestlike Opstân fan 1885, wêrnei't harren jierjilden foar straf ferskate jierren fersteld waarden. De Lean Man-troep belune meitiid oant der yn 1931 noch mar ien lid fan oer wie, dy't him doe by de oare beide troepen joech. De Mosquito- en Grizzly Bear's Head-troepen fúzjearren formeel yn 1951.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |