My Life in Ruins

film út 2009 fan Donald Petrie

My Life in Ruins is in Amerikaansk-Gryksk-Spaanske romantyske komeedzje út 2009 ûnder rezjy fan Donald Petrie, mei yn 'e haadrollen Nia Vardalos en Richard Dreyfuss. De titel is in wurdboarterij en kin sawol "Myn Libben Ferrinnewearre" as "Myn Libben mank de Ruïnes" betsjutte. It ferhaal giet oer in Amerikaanse dy't nei Grikelân gie om oan in universiteit te wurkjen, mar ûntslein waard en oan 'e slach gien is as reisliedster. Se hat it idee dat har libben net djipper sinke kin, mar blykt dêrmei op ferskillende manear mis te wêzen. De filmkritisy moasten net folle fan My Life in Ruins hawwe, en yn 'e bioskopen die de film it likemin goed.

My Life in Ruins
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Donald Petrie
produsint Michelle Chydzik
Nathalie Marciano
senario Mike Reiss
Nia Vardalos
kamerarezjy José Luis Alcaine
muzyk David Newman
David Mullen
filmstudio 26 Films
Playtone
distribúsje Fox Searchlight Pictures
Echo Bridge Entertainment
spilers
haadrollen Nia Vardalos
Richard Dreyfuss
voice-over Nia Vardalos
byrollen Alexis Georgoulis
Alistair McGowan
Harland Williams
Rachel Dratch
María Botto
María Adánez
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Grikelân
Spanje
premiêre 7 maaie 2009
foarm langspylfilm
sjenre romantyske komeedzje
taal Ingelsk (ek wat Gryksk)
spyltiid 95 minuten
budget en resultaten
budget $17 miljoen
opbringst $20,5 miljoen

Plot bewurkje seksje

Georgia Ianokopoulos is in Amerikaanse fan etnysk Gryksk komôf dy't nei it lân fan har foarâlden gien is om les te jaan oan in universiteit. Koart nei't se arrivearre, waard fanwegen de gefolgen fan 'e Bankekrisis lykwols har baan fuortbesunige. Dêrop hat se wurk fûn as reisliedster, dêr't se eins net geskikt foar is om't se de toeristen behannelet as learlingen. Boppedat hatet se dat wurk, en is se fan tinken dat se net leger sakje kin. De toeristen hawwe mear belangstelling foar it keapjen fan sûvenirs en foar sinnebaaien op it strân as foar de skiednis fan Grikelân, dêr't sy harren wat oer bybringe wol.

Georgia har baas, Maria, wol eins wol fan har ôf om't de toeristen út har groep eltse kear tige ûntefreden oer har binne en har saai fine. Dêrom dielt se by Georgia har groep hieltyd de ferfelendste lju yn: de ûnfersteanbere Austraaljers, de ûnútsteanbere Ingelsen, de arrogante en ûnwittende Amerikanen, de yrritante grapjassen, de gleie skieden froulju en de krebintige âlderein. De 'bettere' toeristen, lykas de Kanadezen, fan wa't eltsenien wit dat it de meast beleefde minsken fan 'e wrâld binne, geane altyd nei Georgia har glûpske kollega Nico.

Foarôfgeande oan in nije toer slút Nico mei Maria in ûnderhânske oerienkomst dat er opslach krije sil as er derfoar soarget dat Georgia út eigen beweging ûntslach nimt. Georgia, dy't dêr neat fan wit, kriget te hearren dat har fêste bussjauffeur ferwûne rekke is by in ferkearsûngemak. Dêrom wiist Maria har in nije sjauffeur ta, Poupi Kakas, in grutte keardel mei lang hier en in grut burd, dy't (tinkt Georgia) net iens Ingelsk sprekt.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De nije toer begjint troch de net sa subtile sabotaazje fan Nico noch minder as Georgia har oare toers. De airconditioning yn 'e rynkranke touringcar wurket net, de toeristen hawwe gjin belangstelling foar wat Georgia harren fertelle wol en der is in allinnich reizgjende âldere Amerikaan, Irv Giddeon, dy't oan 'e rinnende bân flauwe grapkes makket en alles mei de gek beslacht. Under iten beklaget Georgia har oer har libben by Poupi, en om't dy har dochs net ferstiet, luchtet se har hert ek oer har sekslibben (of gebrek dêroan). Georgia skammet har dea as blykt dat Poupi wol deeglik Ingelsk sprekt en alles ferstien hat dat se sei. Neitiid lit er ferskate kearen in blomke foar har efter, mar Georgia mient mar dat dy blomkes komme fan Marc Mallard, ien fan 'e toeristen.

Dy jûns blykt dat de groep fan Nico foar de nacht yn in nij hotel ûnderbrocht wurdt wylst Georgia mei har groep nei in suterich hoteltsje yn in sydstrjitte dirigearre wurdt. As Georgia har by de wurklikheid delleit en sels mar nei har hotelkeamer sil, blykt de lift stikken te wêzen, en de resepsjonist wegeret har te helpen om't er nei de tillefyzje sit te sjen. Tsjin 'e tiid dat se alle treppen beklommen hat, is sa des duvels dat se Poupi it mannewaar opseit oer alles dat der mis is mei Grikelân. Op har keamer skillet se Maria op om protest oan te tekenjen tsjin 'e gong fan saken. Har baas negearret har arguminten lykwols. Dêrop skriuwt Georgia foar it op bêd gean in brief wêryn't se ûntslach nimt sadree't dizze toer foarby is. De oare moarns freget se de resepsjonist om it brief foar har op 'e post te dwaan, mar de ûnhandige knoffel griemt der in kop kofje oerhinne ear't er dat docht.

Underwilens hat Poupi syn burd (ien fan Georgia har kritykpunten fan 'e foargeande jûns) ôfskeard. Georgia merkt it lykwols net iens, mei't se noch altyd baalt as in stekker. Dy deis ferliest se har selsbehearsking mei Irv Giddeon. As er it deroer hat dat er foarhinne altyd mei syn frou op fakânsje gie, seit se dat se wol begrypt dat syn frou net mear mei him op 'en paad wol. Sadree't de wurden har ta de mûle útkomme, beseft se dat Irv syn frou net mear meigiet om't er widner is. Georgia kin wol troch de grûn en ûntskuldiget har fuortendaliks. Dy middeis, yn Olympia, siket se Irv op as dy him stil yn in hoekje fan 'e ruïnes weromlutsen hat. Se ûntskuldiget har nochris en se lizze harren skeel by. Se reitsje oan 'e praat en hy leit har út wêrom't se gjin bân mei har toergroepen krije kin: om't se de toeristen ferfelende minsken fynt en in hekel oan har baan hat. Sokke gefoelens lekke troch yn har omgong mei de lju, dy't dêrtroch ôfheakje. Hy jout har rie oer hoe't se har ferhalen oer de Grykske Aldheid ynteressanter meitsje kin foar lju dy't gjin studinten oan in universiteit binne.

Dyselde deis ûntdekt Georgia dat ien fan har Britske toeristen op jierren, in frou Dorcas Wilmore, in kleptomaan is dy't by sûvenirwinkeltsjes allegeduerigen de boel byinoar stelt. Jûns yn in djoer restaurant set Nico syn kampanje fan sabotaazje fuort troch Georgia har froulike toeristen wiis te meitsjen dat se beslist nei it iten de boarden stikken smite moatte, om't dat in Gryksk gebrûk is. De restauranteigner is dêr fansels net botte bliid mei, mar Dorcas Wilmore, dy't ek in bûsehifker blykt te wêzen, ûntstelt Nico syn beurs en betellet de skea fan syn jild.

Nei't Marc Mallard (tinkt se) ferskate kearen blommen foar har efterlitten hat, tsjocht Georgia dy jûns de dryste skuon oan troch him te freegjen wat mei har te drinken. Dat bekomt har lykwols raar, mei't Mallard, dy't wurket foar it International House of Pancakes (in Amerikaanske keatling fan pankoekrestaurants), it inkeld hawwe wol oer syn samling sjerpen. Om 'e jûn draachlik te meitsjen drinkt Georgia tefolle, wat se de oare deis bekeapje moat mei in kater. Dêrtroch is se net sa wach as se wêze moatten hie en slagget it Nico om 'e goederleauske Amerikaanske toerist Gator Phillips, út Floarida, wiis te meitsjen dat er in fergees T-shirt foar de jonge hat mei in Grykske tekst dy't (neffens him) seit "Ik hâld fan Grikelân". As Nico neitiid yn in petear mei Georgia de leden fan har toergroep mislediget, rekket se, ta har eigen ferheardens, dêr lulk oer en ferdigenet se 'har' groep troch him it mannewaar op te sizzen.

As Georgia dy deis ien fan Irv syn advizen yn 'e praktyk bringt (troch mear ferhalen oer seks, dêr't de Grykske mytology fol mei sit, yn har kommentaar te ferwurkjen), rekket Poupi sa ôflaat dat er inkeld noch fia de efterútsjochspegel har yn 'e gaten hâldt en net mear op 'e dyk sjocht. Dat resultearret deryn dat er de bus op 'e bochtige wei de berm yn riidt dêr't er inkele meters fan in ôfgrûn ôf stykjen bliuwt. Neitiid rekket Georgia mei him oan 'e praat en dan komt út dat hy dejinge is dy't hieltyd blomkes foar har efterlitten hat.

Dy jûns yn in hotel rekket Gator Phillips oan it drinken mei in pear tige freonlike Grykske jonges. Troch oplettendheid fan Irv kin Georgia krekt op 'e tiid yngripe foar't dat ta problemen liedt, want de tekst op syn T-shirt seit net "Ik hâld fan Grikelân", mar "De yngong sit by my fan efteren". As Gator dat heart, siket er Nico op en jout er him in pak op 'e hûd. Underwilens jout Georgia har by Poupi, dy't by de haven sit te gitaarspyljen. Se somt foar him alle redens op wêrom't it neat wurde kin tusken harren, mar bedarret likegoed mei him op bêd. As se neitiid gestommel op gong hearre en poalshichte nimme, komme se Irv tsjin, dy't (mei tank oan Viagra) mei de beide tsjeppe skieden Spaanske toeristen Lala Cruz en Lena María Angustias Teresa Fernanda de la Vega Rodríguez op bêd rekke is. As ek Dorcas Wilmore op it leven ôfkomt, kriget Georgia in idee om wraak te nimmen op Nico, dy't noch altyd de wûnen fan syn gefjocht mei Gator sit te slikjen. Wylst Lena en Lala him ôfliede, stelt Dorcas de kaaien fan syn bus, wêrnei't Poupi de airconditioning-units fan 'e beide bussen omwikselet.

De oare deis, de foarlêste dei fan 'e reis, hat Georgia har toergroep foar it earst in noflike, koele bus, wylst de bedoarne Nico en syn groep noris yn 'e hjitte sitte. Om 'e sechstjinjierrige Ingelse Caitlyn Tullen te geriivjen, dy't oant no ta hielendal neat oan 'e fakânsje fynt, goait Georgia har reisskema om en giet se mei har groep nei it strân. Dêr treffe se (net tafallich) in kreaze neef fan Poupi, dy't ek sechstjin jier is en foar wa't Caitlyn falt as in blok. Ek de oare leden fan 'e groep hawwe in protte wille oan it strân. As it tsjuster wurden is, bouwe se dêr in kampfjoer en fertelle inoar ferhalen. Georgia sjongt in Grykske folksferske wylst se troch Poupi begelaat wurdt op syn gitaar. De dei einiget lykwols raar as Irv Giddeon in hertoanfal kriget en derhinne falt. Caitlyn har stive mem, dokter Elizabeth Tullen, wit syn libben te rêden, wêrnei't er ôffierd wurdt nei it sikehûs.

De lêste deis nimt Georgia har toergroep mei nei it Partenon, yn Atene. Tanksij Irv syn rie wit se no hoe't se oer it ferline fertelle moat sûnder as skoaljuffer te klinken, en boppedat is se de leden fan har groep aardich begûn te finen, wat in wrâld fan ferskil makket. De groep reägearret troch te harkjen nei wat se seit. By it Partenon komme se ek Nico en syn groep wer tsjin. Nico hat in pear minne dagen efter de rêch. Hy hat noch altyd lêst fan it wan bruien dat Gator him jûn hat, de airconditioning yn syn bus docht it net mear en hy kriget pineholle fan al it kleien fan 'e leden fan syn groep. As er dêroer sels by in gnyskjende Georgia syn beklach docht, fersint er him raar troch 'syn' toeristen Amerikanen te neamen ynstee fan Kanadezen. As de toeristen him dêroer ûndersteane, hâldt er út dat der gjin ferskil bestiet tusken Amerikanen en Kanadezen. Dêrmei hat er sa'n bytsje it iennichste fûn dat de manierlike, altyd fleurige Kanadezen ta razernij driuwt, sadat er nochris yninoar slein wurdt, no troch de leden fan syn toergroep.

Nei in besyk oan Irv yn it sikehûs om ôfskie fan him te nimmen, is der dy jûns in ôfskiedsfeest foar de leden fan Georgia har toergroep. Har baas Maria ferskynt dêr om har it leksum te lêzen oer it ferfalskjen fan 'e beoardielingsformulieren dy't de leden fan har groep yntsjinne hawwe oangeande de prestaasjes fan 'e reisliedster. Dêrop steane diskear nammentlik allegear loovjende dingen. Maria leaut der neat fan dat de toeristen dat skreaun hawwe, oant dy har persoanlik fertelle dat dat wol sa is. Dêrop begjint se mei oare eagen nei Georgia te sjen. Se fertelt dat Nico ûnderwilens ûntslach nommen hat en dat it (ûntslach)brief dat Georgia har stjoerd hie, ûnlêsber wie om't der kofje oerhinne griemd wie. Ek fertelt se dat der berjocht kommen is dat Georgia oan 'e Universiteit fan Michigan oan it wurk kin. Georgia beslút lykwols reisliedster te bliuwen, op betingst dat Poupi har fêste sjauffeur wurdt.

 
Nia Vardalos.
 
Richard Dreyfuss.
 
María Adánez.

Rolferdieling bewurkje seksje

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Georgia Ianakopoulos Nia Vardalos
Irv Gideon Richard Dreyfuss


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Poupi Kakas Alexis Georgoulis
Nico Alistair McGowan
Big Al Sawchuck Harland Williams
Kim Sawchuck Rachel Dratch
Lala Cruz María Botto
Lena María Angustias Teresa
   Fernanda de la Vega Rodríguez
María Adánez
Marc Mallard Brian Palermo
Gator Phillips Jareb Dauplaise
dokter Elizabeth Tullen Caroline Goodall
Stewart Tullen Ian Ogilvy
Caitlin Tullen Sophie Stuckey
Dorcas Wilmore Sheila Bernette
Barnaby Wilmore Ralph Nossek
Ken Simon Gleeson
Sue Natalie O'Donnell
Maria Bernice Stegers
Elinor Giddeon Rita Wilson
resepsjonist yn hotel Ian Gomez

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Produksje bewurkje seksje

My Life in Ruins waard regissearre troch Donald Petrie, dy't earder súkses hân hie mei films as Mystic Pizza en Miss Congeniality. Hy wurke nei in senario fan Mike Reiss, dy't earder belutsen west hie by de tekenfilmsearje The Simpsons. It ferhaal wie basearre op 'e autobiografyske reisûnderfinings fan Reiss. Nei't Nia Vardalos, dy't earder súkses hân hie mei My Big Fat Greek Wedding, yn it filmprojekt behelle rekke, wurke se it senario nei eigen smaak om. Yn in fraachpetear fertelde Vardalos dat se der altyd fan dreamd hie om in film te meitsjen yn Grikelân, it heitelân fan har foarâlden.

As produsinten wiene Michelle Chydzik en Nathalie Marciano yn 'e film behelle foar de filmstudio's 26 Films en Playtone. Gary Goetzman, de produsint fan My Big Fat Greek Wedding, en Tom Hanks, de eigner fan Playtone, fungearren as ko-produsinten. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan José Luis Alcaine, en de filmmuzyk waard fersoarge troch David Newman en David Mullen. My Life in Ruins hie in budget fan $17 miljoen en waard opnommen op ferskate lokaasjes yn Grikelân, wêrûnder de Akropolis yn Atene, Olympia, Delfi en Epidauros, en yn it Spaanske Alicante.

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan My Life in Ruins waard yn 'e Feriene Steaten, Austraalje en Nij-Seelân fersoarge troch Fox Searchlight Pictures, en yn 'e rest fan 'e wrâld troch Echo Bridge Entertainment. De film gie op 7 maaie 2009 yn Grikelân yn premiêre en op 5 juny fan dat jier yn 'e Feriene Steaten. Yn it Feriene Keninkryk waard de film útbrocht ûnder de titel Driving Aphrodite. My Life in Ruins ferskynde op 6 april 2009 op dvd en blu-ray.

Untfangst bewurkje seksje

Fan 'e filmkritisy krige My Life in Ruins in kâld wolkom. Roger Ebert skreau yn 'e Chicago Sun-Times dat er it personaazje fan Nia Vardalos oerflakkich en ûnoertsjûgjend fûn. Yn The Village Voice ferliek Scott Foundas Vardalos en har karriêre fan (neffens him) in hichtepunt foar ien kear mei My Big Fat Greek Wedding, mei Paul Hogan en syn karriêre fan ien kear in hichtepunt mei Crocodile Dundee. Hy wie fierders net sjarmearre fan 'e toergroep dy't er omskreau as "in sûnder útsûndering ûnmanierlike, kultureel analfabete kloft" of de karakterisaasje fan Grikelân yn 'e film, dy't neffens him delkaam op "in fan minne riolearring foarsjoene Trêde-Wrâld-hel dy't eksploitearre wurdt troch loaie, Zorba-dûnsjende hufters." Lou Lumenick fan 'e New York Post neamde My Life in Ruins "in wanhopich, krú en wierskynlik sinleas besykjen" fan Vardalos "om har eardere tafalstreffer op it mêd fan filmsúkses te kopiëarjen."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie My Life in Ruins in leech goedkarringspersintaazje fan 9%, basearre op 125 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei stereotype personaazjes en in rûtinemjittige plot is [de film] in romantyske komeedzje sûnder sjarme." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle My Life in Ruins in goedkarringspersintaazje fan 34%, basearre op 25 resinsjes.

Resultaat bewurkje seksje

My Life in Ruins hie yn 'e bioskopen yn totaal in opbringst fan $20,5 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $17 miljoen kaam de film dêrmei mar kwealk út 'e kosten. My Life in Ruins waard yn 2010 nominearre foar in Teen Choice Award yn 'e kategory bêste simmerromânsefilm.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.