Ministearje fan Bûtenlânske Saken (Nederlân)
It Nederlânske ministearje fan Bûtenlânske Saken, ôfkoarte ta BZ (Buitenlandse Zaken), is it ministearje dat him dwaande hâldt mei de bûtenlânske relaasjes fan it Keninkryk fan de Nederlannen, ynklusyf Jeropeeske Saken en Untwikkelingsgearwurking. Ek stipet it ministearje Nederlanners en Nederlânske bedriuwen om utens.
Ministearje fan Bûtenlânske Saken BZ | ||
It gebou fan it ministearje yn De Haach. | ||
algemien | ||
lân | Nederlân | |
adres | Rijnstraat 8 De Haach | |
skiednis | ||
oprjochting | 12 maart 1798 | |
funksjehâlders | ||
minister | Caspar Veldkamp Reinette Klever (BHU) | |
sekretaris-generaal | Paul Huijts | |
offisjele webside | ||
https://www.rijksoverheid.nl/ministeries/ministerie-van-buitenlandse-zaken |
Politike lieding
bewurkje seksjeYn it kabinet-Rutte III wiene de ministers fan Bûtenlânske Saken Halbe Zijlstra (VVD), Stef Blok (VVD) en Ben Knapen (CDA). De minister foar Bûtenlânske Hannel en Untwikkelingsgearwurking (BHU) wurket ek út it ministearje fan Bûtenlânske Saken wei; wiene Sigrid Kaag (D66) en Tom de Bruijn (D66).
Yn it kabinet-Rutte IV wie de minister fan Bûtenlânske Saken Hanke Bruins Slot fan it CDA (wie Wopke Hoekstra, CDA). De minister foar Bûtenlânske Hannel en Untwikkelingsgearwurking (BHU) wie Liesje Schreinemacher fan 'e VVD.
Yn it kabinet-Schoof is Caspar Veldkamp (NSC) de minister van Bûtenlânske Saken. Reinette Klever (PVV) is beneamd ta minister foar Bûtenlânske Hannel en Untwikkelingshelp. Beiden binne op 2 juli 2024 oansteld.
Taken
bewurkje seksje- De relaasjes fan it Keninkryk fan 'e Nederlannen mei it bûtenlân behertigje. It ministearje ûnderstipet bedriuwen dy't saken yn it bûtenlân dwaan wolle en nimt út namme fan Nederlân diel oan Jeropeeske besluten yn Brussel.
- Konsulêre tsjinstferliening oan Nederlanners yn it bûtenlân, lykas reisadvizen, help by it ferlies of stellen fan reisdokuminten en soarch foar detinearren yn it bûtenlân.
- Befoarderjen fa duorsume ekonomyske groei fan ûntwikkelingslannen en fia ûntwikkelingsgearwurkjen wrâldwiid wurkje oan tema's feiligens en rjochtsoarder, wetter, fiedselwissigens en seksuele en reproduktive sûnens en rjochten (SRGR).
- Ut namme fan Nederlân de ynternasjonale rjochtsoarder befoarderje, bygelyks troch it ûnderstipen fan it Ynternasjonaal Strafhôf en troch oparbeidzjen mei it ministearje fan Definsje fredesmisjes ta te rieden.
Organisaasje
bewurkje seksjeDer binne fjouwer direktoraten-generaal:
- Politike Saken: algemiene bûtenlânpolityk, ynklusyf it oanstjoeren fan de Nederlânske ambassaden yn it bûtenlân
- Jeropeesk Gearwurkjen: Nederlânske posysje yn de Jeropeeske Uny
- Bûtenlânske Ekonomyske Relaasjes
- Ynternasjonaal Gearwurkjen
By it ministearje fan Bûtenlânske saken yn De Haach wurkje likernôch 6200 minsken. Likernôch 3000 minsken wurkje op de likernôch 140 ambassaden en fertsjintwurdigings fan Nederlân yn it bûtenlân, dêr't der 700 útstjoerde BZ-amtners en 2300 pleastlike meiwurkers fan binne.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeNederlânske ministearjes | ||
---|---|---|
Algemiene Saken (AZ) ·
Ministearje fan Asyl en Migraasje (A&M) ·
Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (BZK) ·
Bûtenlânske Saken (BZ) ·
Definsje (Def) ·
Ekonomyske Saken (EZ) ·
Finânsjes (Fin) ·
Folkshúsfêsting en Romtlike Oardering (VRO) ·
Folkssûnens, Wolwêzen en Sport (VWS) ·
Ynfrastruktuer en Wettersteat (I&W) ·
Justysje en Feiligens (J&V) ·
Klimaat en Griene Groei (KGG)
Lânbou, Fiskerij, Itenswissigens en Natuer (LVVN) ·
Sosjale Saken en Wurkgelegenheid (SZW) ·
Underwiis, Kultuer en Wittenskip (OCW) | ||
· · |