Nederlânske Kustwacht

De Nederlânske Kustwacht (Nederlânsk: Nederlandse Kustwacht), almeast koartwei de Kustwacht neamd, en ek wol Kustwacht Nederlân, ta ûnderskie fan 'e Kustwacht Karibysk Gebiet, is de kustwacht fan it Jeropeeske diel fan it Keninkryk fan 'e Nederlannen. Dizze organisaasje is ferantwurdlik foar saken as kustbewekking, helpferliening by need op see, sykjen en rêden op see, tafersjoch op it neilibjen fan maritym rjocht, tafersjoch op 'e skipfeart, bestriding fan smokkeljen oer see en ynspeksje fan 'e fiskerij. De Kustwacht bestiet yn syn hjoeddeistige foarm sûnt 1987 en ressortearret ûnder de Keninklike Marine. Yn opdracht fan seis Nederlânske ministearjes fiert de Kustwacht út syn haadkertier yn De Helder wei taken út y.g.m. oare ûnderdielen fan 'e Nederlânske Striidkrêften, de Nasjonale Plysje en de Dûane.

Nederlânske Kustwacht
Nederlandse Kustwacht
flagge embleem
Servamus Servientes
("Wy weitsje yn tsjinstberens")
algemiene gegevens
lân Nederlân
soarte kustwacht
doel ● kustbewekking
● tafersjoch op neilibjen
   maritym rjocht
● help by need op see
sykjen en rêden op see
● tafersjoch op 'e skipfeart
● bestriding smokkeljen
● ynspeksje fan 'e fiskerij
bysûnderheden
namme folút Nederlandse Kustwacht
lokaasje haadkertier De Helder (Noard-Hollân)
oprjochte 1987
sterkte 22 skippen en boaten
2 fleantugen
falt ûnder Keninklike Marine
offisjele kleuren oranje, wyt en blau
              
webside www.kustwacht.nl

racestreken fan 'e Nederlânske Kustwacht

Sûnt 1883 hie Nederlân in soarte fan ûnoffisjele kustwacht, mei't de taken dy't ornaris troch in kustwacht útfierd wurde, doe tabetroud waarden oan 'e organisaasje dy't soarch droech foar de kustferljochting. Dat betsjutte dat it tafersjoch op 'e kustbewekking en it útsjen nei yn need ferkearende skippen benammentlik fan 'e fêstewâl ôf dien waard. It Loadswêzen krige de útfierende taken op see tawiisd.

Dizze regeling wie in reäksje op 'e publike ferûntweardiging oer in skipsramp yn 1882. Doe wie ntl. de kanonnearboat Zr.Ms. Adder foar de kust fan Skeveningen sonken mei it ferlies fan it libben fan 65 bemanningsleden ta gefolch. Hoewol't de skip op dat stuit dielnaam oan in floatoefening, waard it sinken pas opmurken doe't der trije dagen letter liken begûnen oan te spielen. Fan gefolgen waard besletten dat de fjoertuorren tenei better gearwurkje moasten mei de relevante oerheidsynstânsjes om skippen yn need foar de Nederlânske kust te help te kommen.

 
De Zeearend, ien fan 'e gruttere patrûljeboaten fan 'e Kustwacht.

Nei de Twadde Wrâldoarloch waard it ferrjochtsjen fan kustwachttaken makliker makke troch it yn gebrûk nimmen fan nije technologyen lykas radar en telekommunikaasje. Dêrmei koe boppedat in folle grutter gebiet bestrutsen wurde. Tagelyk krige it Nederlânske regear yn De Haach ek mear belangstelling foar it Nederlânske diel fan 'e Noardsee, dêr't grûnstoffen lykas ierdoalje en ierdgas yn 'e grûn blieken te sitten, en dêr't men ek sân en grint begûn te winnen.

Tsjin dy tiid wiene der mear as tweintich oerheidsynstânsjes belutsen by it kustwachtwurk, allegearre mei in eigen stikje foech. Dat de fjoertuorren en ljochtskippen om dy tiid hinne automatisearre waarden, wie in foarútgong foar de ûnderlinge gearwurking, mar likegoed bleau de sitewaasje fier fan optimaal. Om 'e fragmintaasje tsjin te gean, stelde minister fan Ferkear en Wettersteat Nelie Smit-Kroes yn 1984 in kommisje yn dy't ûndersykje moast hoe't de befeiliging fan 'e Nederlânske kust effisjinter en effektiver koe.

De resultaten fan dat ûndersyk, dy't yn 1986 publisearre waarden, laten op 26 febrewaris 1987 ta de oprjochting fan 'e Nederlânske Kustwacht. De nije organisaasje waard húsfêste yn IJmuiden. Yn 1995 waard de Kustwacht oerhevele fan it Ministearje fan Ferkear en Wettersteat nei it Ministearje fan Definsje en waard it in ûnderdiel fan 'e Keninklike Marine. It haadkertier waard op 23 novimber 2001 ferhuze nei it nije Kustwachtsintrum yn De Helder.

 
In Dornier 228-patrûljefleantúch fan 'e Nederlânske Kustwacht.

Aktiviteiten

bewurkje seksje

De taken fan 'e Kustwacht binne ûnder te ferdielen yn tsjinstferliening en wetshanthavening:

  • tsjinstferliening:
    • it bewekjen, ôfhanneljen en koördinearjen fan nasjonale en ynternasjonale needoproppen;
    • maritime bystân yn needsitewaasjes;
    • it sykjen en rêden op see yn it gefal fan fermissings, bgl. fan lju dy't oerboard slein binne of fan bemanningsleden fan sonken skippen;
    • it beheinen fan rampen;
    • it opfangen fan 'e neisleep fan sokke rampen;
    • it pleatsen en ûnderhâlden fan boeien;
    • it jaan fan ferkearsbegelieding en oare behelpsume ynstruksjes op see;
    • it ferrjochtsjen fan maritym ferkearsûndersyk;
    • it oprjomjen fan eksplosiven op see.
  • wetshanthavening:

Opdrachtjouwers

bewurkje seksje

Sûnt 2005 fiert de Kustwacht dy taken út foar seis gearwurkjende Nederlânske ministearjes:

 
In boat fan 'e Nederlânske Kustwacht mei dêrboppe ien fan 'e siik- en rêdings-helikopters.

Gearwurking mei oare ynstânsjes

bewurkje seksje

Om 'e taken sa goed mooglik út te fieren, wurket de Kustwacht nau gear mei:

Fierders wurdt yn Seelân troch it meigebrûk fan 'e tijmûning fan 'e Skelde tradisjoneel ek nau gearwurke de Belgyske autoriteiten, lykas it federale Maritym Rêdings- en Koördinaasjesintrum (MRCC) yn Oostende en it Agintskip Maritime Tsjinstferliening en Kust (AMDK) fan it Flaamske Gewest. Anno 2023 hat Belgje gjin organisaasje dy't alle taken fan in kustwacht útfiert, mar binne dy (krekt as yn Nederlân foàr 1987) ferdielt oer in stikmannich ferskillende ynstânsjes. Wol binne der plannen foar de oprjochting fan in Belgyske Kustwacht.

Der bestiet ek in beheinde gearwurking mei de Kustwacht Karibysk Gebiet, de kustwacht fan Karibysk Nederlân en de oare eardere Nederlânske Antillen. Dat is fierders lykwols in folslein selsstannige organisaasje.

Dêrnjonken is de Nederlânske Kustwacht lid fan twa ynternasjonale kustwachtkoepels:

Ynfrastruktuer en fasiliteiten

bewurkje seksje

It haadkertier fan 'e Nederlânske Kustwacht is it Kustwachtsintrum yn De Helder, dat ûnderdiel útmakket fan it Maritym Operaasje Sintrum fan 'e Keninklike Marine. Oan it haad fan 'e Kustwacht stiet in fise-admiraal. It budget fan 'e organisaasje bedroech yn 2020 64,3 miljoen. Anno 2023 beskikte de Kustwacht oer 22 skippen en boaten, wêrûnder 4 patrûljeboaten, 6 rêdingboaten, 2 sleepboaten, 7 betonningsfartugen, 1 ûndersyksskip, 1 multyfunksjoneel skip en 1 minefeier. Dêrnjonken beskikt de Kustwacht oer 2 eigen Dornier 228-patrûljefleantugen. Ek hat de organisaasje ferskate eigen helikopters foar it útfieren fan siik- en rêdingswurk. Dêrnjonken kin, as dat nedich is, in berop dien wurde op it Definsje Helikopter Kommando fan 'e Nederlânske Striidkrêften.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.