Noard-Nederlân
Noard-Nederlân is in Nederlânske regio (ek wol lânsdiel neamd) dy't de noardlike provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte omfiemet. Dit gebiet foarmet in statistyske NUTS 1-regio, en sûnt 1992 wurkje de trije provinsjes gear yn it Gearwurkingsferbân Noard-Nederlân (GNN).
It GNN
bewurkje seksjeIt doel fan it GNN is om 'e ekonomyske posysje fan Noard-Nederlân fuort te sterkjen. Dêrta wurdt besocht om it romtlike en ekonomyske belied fan 'e trije provinsjes opinoar ôf te stimmen. Yn 2013 waard in nije koerts foar Noar-Nederlân fêststeld yn 'e nota Noordervisie2040. Dêrnjonken fiert it GNN út namme fan 'e trije provinsjes ûnderhannelings mei it nasjonaal regear yn De Haach en de Jeropeeske Uny yn Brussel. In wichtige advysrol wurdt dêrby ferfolle troch de stêden Grins, Ljouwert, Assen en Emmen.
As basis foar de beslútfoarming oer de ynset fan ynvestearrings fan it ryk op romtlik-ekonomysk mêd fungearret de saneamde Gebiedsagenda Noord-Nederland, dy't datearret út 2009. Der wurdt wurke oan in nije "gebietsaginda", dy't nei ferwachting yn 2014 noch fêststeld wurde sil. Binnen it GNN is sûnt 2010 in iepentlik skeel ûntstien tusken Fryslân en Grinslân oer de allokaasje fan beskikbere middels en de fêstiging fan oerheidstsjinsten, dy't rjochtsom of loftsom allegear yn Grins lykje te bedarjen.
Grutste gemeenten
bewurkje seksjeGemeente | Ynwenners (1 jannewaris 2024) |
Provinsje |
---|---|---|
Grins | 243.366 | Grinslân |
Ljouwert | 128.867 | Fryslân |
Emmen | 109.372 | Drinte |
Súdwest-Fryslân | 90.436 | Fryslân |
Assen | 69.729 | Drinte |
Westerkertier | 64.806 | Grinslân |
Midden-Grinslân | 61.437 | Grinslân |
Smellingerlân | 56.626 | Fryslân |
Hoogeveen | 56.615 | Drinte |
De Fryske Marren | 51.938 | Fryslân |
It Hearrenfean | 51.812 | Fryslân |
It Hegelân | 48.231 | Grinslân |
De Waadhoeke | 46.894 | Fryslân |
Iemsdelta | 45.070 | Grinslân |
Noardeast-Fryslân | 45.884 | Fryslân |
Aldamt | 39.433 | Grinslân |
Coevorden | 35.712 | Drinte |
Meppel | 35.786 | Drinte |
Tynaarlo | 34.756 | Drinte |
Midden-Drinte | 34.073 | Drinte |
Boarne:CBS Statlline
Grutste plakken
bewurkje seksjeDe 10 grutste plakken yn Noard-Nederlân binne:
Plaatsnaam | 2018 | 2019 | 2020 | 2021 | 2022 | Provincie | |
---|---|---|---|---|---|---|---|
1 | Grins | 190.560 | 191.342 | 203.105 | 202.900 | 203.955 | Grinslân |
2 | Ljouwert | 92.235 | 92.000 | 93.395 | 93.680 | 94.650 | Fryslân |
3 | Assen | 66.525 | 67.963 | 67.760 | 68.005 | 68.250 | Drinte |
4 | Emmen | 56.490 | 56.545 | 56.560 | 56.640 | 57.395 | Drinte |
5 | Drachten | 45.080 | 45.170 | 45.534 | 45.345 | 45.212 | Fryslân |
6 | Hoogeveen | 40.260 | 39.445 | 40.130 | 39.932 | 40.174 | Drinte |
7 | Snits | 33.960 | 33.379 | 33.781 | 33.855 | 34.157 | Fryslân |
8 | It Hearrenfean | 29.115 | 29.984 | 30.368 | 30.655 | 31.099 | Fryslân |
9 | Meppel | 29.335 | 29.328 | 29.758 | 30.063 | 30.444 | Drinte |
10 | Hegesân | 21.805 | 21.850 | 21.915 | 21.870 | 21.965 | Grinslân |
Boarne: CBS Statline
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Externe link, op dizze side. |