Oerwintering op Nova Sembla

(Trochferwiisd fan Oerwintering op Nova Zembla)

De Oerwintering op Nova Sembla wie in bar en twongen ferbliuw fan in groepke Nederlânske skipbreklingen op 'e Noardrussyske eilannegroep Nova Sembla, dêr't se de winter fan 1596 op 1597 trochbrochten nei't harren skip fernield wie troch it see-iis. De lieders fan 'e ekspedysje wiene de Skylger skipper Willem Barents en de Hollanner Jacob van Heemskerck. Fan 'e oarspronklike santjin man oerlibben mar tolve de winter. It oare jiers wisten de oerlibbenen mei in sloep it fêstelân fan Jeropeesk Ruslân te berikken, dêr't se oppikt waarden troch in Nederlânsk keapfardijskip. Troch it reisferslach dat ien fan 'e oerlibbenen, Gerrit de Veer, letter skreau, waard dit barren yn Nederlân tige ferneamd.

In tekening fan ’t Behouden Huys, nei in beskriuwing fan Gerrit de Veer.

Yn maaie 1596 fearen twa skippen dy't de flagge fan 'e Republyk fan 'e Feriene Nederlannen fierden, út fan 'e haven fan Amsterdam foar in ûntdekkingsreis yn it Noardpoalgebiet. It doel fan 'e ekspedysje wie om 'e saneamde Noardeastlike Trochfeart te finen, dy't by de noardkust fan Jeropeesk Ruslân en Sibearje lâns tagong jaan soe ta East-Aazje en dêrmei ta de lukrative hannelsbestimmings fan Sina en Japan. Geografen wiene der nammentlik fan oertsjûge dat der sa'n trochfeart bestean moast, en dêr hiene se yn prinsipe ek wol gelyk oan, mar troch de Lytse Iistiid wie de Noardeastlike Trochfeart yn 'e sechstjinde en santjinde iuw it hiele jier troch tichtferzen.

 
Willem Barents en Jacob van Heemskerck meitsje plannen foar de ekspedysje nei it poalgebiet, op in skilderij fan Christoffel Bisschop, út 1863.

Mei't men him dêrfan yn 'e Nederlannen ûnbewust wie, waarden yn 1594 en yn 1595 skippen útstjoerd ûnder lieding fan Jan Huyghen van Linschoten en Willem Barents om 'e Noardeastlike Trochfeart te sykjen, dêrby sûnder mis oanfitere troch de 25.000 gûne dy't de Steaten-Generaal foar de ûntdekking fan dy farrûte útlove hie. Beide ekspedysjes kearden lykwols werom sûnder wat bedijd te hawwen, en dêrnei draaiden de Steaten fan Hollân en de Steaten fan Seelân, dy't de beide ûntdekkingsreizen finansierd hiene, de jildkraan ticht. Allinnich de rike stêd Amsterdam woe it op oantrún fan predikant en kartograaf Petrus Plancius nochris op 'e nij besykje, en riste dêrta yn 1596 op eigen manneboet twa skippen út, dy't ûnder lieding stiene fan Jan Corneliszoon de Rijp en Willem Barents. Dy lêste sette doe foar it trêde jier op rige nei it noarden ta ôf. De bekende kaptein Jacob van Heemskerck fear as kommys mei op it skip fan Barents.

De ekspedysje

bewurkje seksje

Yn 'e Noardlike Iissee krigen De Rijp en Barents daliks al te meitsjen mei withoefolle see-iis, dêr't se de súdlike râne fan folgen. Op 5 juny 1596 ûntdieken se op dy manear it Beare-eilân, dat sa neamd waard nei in gefjocht mei in iisbear dy't de bemannings fan 'e skippen dêr oantroffen. Koarte tiid letter kamen se hast fêst te sitten yn it iis, wêrnei't se in ein tebek moasten en dêrby op 19 juny de arsjipel fan Spitsbergen ûntdieken, dy't ferneamd waard nei syn steile bergen dêre. De Rijp en Barents sylden oan 'e súdkant ûnder Spitsbergen troch en kamen sa wer út by it Beare-eilân, dêr't se it ûniens rekken oer de te folgjen koerts.

 
De mannen fan Barents yn gefjocht mei in iisbear. Tekene troch Gerrit de Veer, septimber 1596.

Tsjin 'e ynstruksjes yn sette Barents mei syn skip, De Windhond, ôf yn 'e rjochting fan Nova Sembla, wylst De Rijp nei noch wat omswalkings yn 'e omkriten fan Spitsbergen weromkearde nei Amsterdam. Om't syn besykjen yn 1594 en 1595 om Nova Sembla oan 'e súdkant te passearjen, fia de Karyske Poarte, mislearre wiene, besocht Barents yn july 1596 en far om 'e noardpunt fan 'e eilannegroep hinne nei it easten ta. Doe't dat fanwegen it see-iis net slagge, woed er by de westkust fan 'e arsjipel lâns nei it suden sile, mar ek dêrby waard him troch iis de trochgong behindere. Weromfarre nei it westen ta slagge ek net mear, en ein augustus kaam De Windhond alhiel fêst te sitten yn it iis, wêrby't it úteinlik kreake (fynknypt) waard.

De oerwintering

bewurkje seksje

De 17 opfarrenden brocht gau-gau al harren foarrieden op Nova Sembla oan lân, wêrby't se de oanlutsen iisbearen ferjagen mei it skâljen fan in trompet. Der waard in hutte timmere fan driuwhout en materiaal dat ôfkomstich wie fan harren skip. Yn dy hutte, dy't se 't Behouden Huys ("’t Beholden Hûs") neamden, brochten se de hiele winter troch. De earste fan 'e santjin, de skipstimmerman, kaam al te ferstjerren doe't de ’t Behouden Huys noch net iens klear wie, en trije oaren folgen letter. Fan ein novimber ôf brochten se twa moannen troch yn it tsjuster fan 'e poalnacht, oant se op 24 jannewaris 1597 foar it earst de sinne wer seagen. Op 'e jûn fan Trijekeningen bakten se pankoeken as spesjale traktaasje.

 
In romantisearre byld fan 'e dea fan Willem Barents, op in skilderij fan Christiaan Julius Lodewyck Portman út 1836.

Yn maaie begûnen de trettjin oerlibbenen de sloep fan De Windhond ree te meitsjen foar de ôfreis oer wat neitiid nei Willem Bartents bekend komme soe te stean as de Barentssee, en yn juny setten se fan Nova Sembla ôf. Seis dagen nei de ôfreis, op 20 juny, kaam de ûnfersetlike Willem Barents, dy't de moed der oant dy tiid hieltyd yn holden hie, oan board fan 'e sloep troch de trochstiene ûntbearings te ferstjerren. Dêrnei naam Jacob van Heemskerck de lieding oer. Nei in syl- en roeitocht fan 1.200 seemyl berikten de tolve oerlibbenen it fêstelân fan Ruslân op it Kola-skiereilân, dêr't se oppikt waarden troch in Nederlânsk keapfardijskip ûnder Jan de Rijp. Dat dy dêr kaam, wie poer tafal, want Barents, Van Heemskerck en harren mannen wiene thús yn 'e Republyk al lang deawaand. Op 30 oktober 1597 arrivearren de oerlibbenen úteinlik yn 'e haven fan Maasslûs.

Reisferslach en oare oerbliuwsels

bewurkje seksje

De Oerwintering op Nova Sembla waard sa ferneamd om't ien fan 'e oerlibbenen, Gerrit de Veer, in reisferslach makke dat grutte bekendheid krige. Hiel nijsgjirrich is dêrby dat er de earste sinne-opkomst nei de poalnacht beskreau op 24 jannewaris 1597. Lange tiid late dat ta ûnbegryp mank astronomen, dy't dy earste sinne-opkomst op grûn fan harren berekkenings pas twa wiken letter ferwachten. Pas yn 1998 waard der in ferklearring fûn: in arktyske loftspegeling, dy't nei de oerwintering ferneamd waard as it Nova Sembla-effekt. ’t Behouden Huys wie yn 'e njoggentjinde en iere tweintichste iuw noch foar in diel yntakt. Ek fan De Windhond, it skip fan Barents, binne troch Russyske argeologen noch stikken fan weromfûn. Op Skylge is it Museum 't Behouden Huys wijd oan Barents en de oerwintering.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Valken, Maarten (û. red. f.), Kroniek van Nederland, Amsterdam, 1987 (Agon), ISBN 9 05 15 70 848, s. 336.