Pheasant Rump Nakota Earste Naasje

(Trochferwiisd fan Pheasant Rump Reservaat 68)

De Pheasant Rump Nakota Earste Naasje (Ingelsk: Pheasant Rump First Nation; Assiniboin: Šiyónidè Oyáde) is in Yndiaanske stamme-organisaasje yn Kanada, mei in eigen reservaat yn it suden fan 'e provinsje Saskatchewan. De namme fan 'e stamme wurdt ek wol (yn 'e besitlike foarm) stavere as Pheasant's Rump Nakota Earste Naasje, wylst de foarm Pheasant Rump Nakota Earste Naasje (Pheasant Rump Nakota First Nation) ek foarkomt. ("Earste naasje" is in Kanadeeske oantsjutting foar in Yndianestam of -troep.) De stamme-organisaasje bestiet yn syn hjoeddeistige foarm sûnt 1990. It haadkertier is fêstige yn Kisbey, yn Saskatchewan.

Pheasant Rump Nakota Earste Naasje
Ingelsk Pheasant Rump Nakota
   First Nation
lânseigen Šiyónidè Oyáde
flagge
algemiene ynformaasje
lân Kanada
provinsje Saskatchewan
haadkertier Kisbey (Saskatchewan)
etnisiteit Assiniboin, Kry, Odjibwe
ledetal 340 (2006)
oprjochting 1990 (weroprjochte)
status erkend
erkenning Kanada
reservaat
reservaat Pheasant Rump Reservaat 68
Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen
lokaasje súdeastlik Saskatchewan
oerflak 79,7 km²
ynwennertal 150 (2006)
kaart
Pheasant Rump Nakota Earste Naasje (Saskatchewan)
Pheasant Rump Nakota Earste Naasje
Lokaasje yn Saskatchewan.

Neffens gegegevens út 2006 hie de Pheasant Rump Nakota Earste Naasje doe 343 leden. Dat binne etnyske Assiniboin (Assiniboine), Kry (Cree) fan 'e Flakte-Kry-substamme en Odjibwe (Ojibwe) fan 'e Flakte-Odjibwe-substamme. It is wat dreech om 'e stamme neffens etnyske linen op te spjalten mei't der mar frijwat yninoar omtroud is, mar rûchwei is de yndieling sa: 160 Assiniboin, 100 Kry en 80 Odjibwe.

De Pheasant Rump Nakota Earste Naasje hat in eigen reservaat, te witten: it Pheasant Rump Reservaat 68 (Pheasant Rump 68 Reserve), dat yn 1992 weroprjochte is. It leit 10 km noardwestlik fan Kisbey, en hat in oerflak fan 79,7 km² oan ikkers, gloaiend heuvellân, ravinen, strewelleguod en puollen. Fan 'e goed 340 stamleden wennen der yn 2006 149 yn it eigen reservaat. Mei 34 oare stammen út súdlik Saskatchewan en Manitoba dielt de Pheasant Rump Nakota Earste Naasje fierders it Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen Yndianereservaat 77 (Treaty No. 4 Reserve Grounds 77 Indian Reserve). De stamme is lid fan 'e Federaasje fan Yndiaanske Naasjes fan Saskatchewan, in yntertribaal gearwurkingsferbân.

Yn 1876 sleat opperhaad Fazantesturt (Ingelsk: Pheasant Rump) him oan by it Ferdrach Nû. 4 tusken de Yndiaanske folken fan súdlik Saskatchewan en it Britske koloniale regear fan Kanada. Yn 1881 waard der foar him en syn Yndianetroep benoarden Kisbey in reservaat oprjochte. De lânboukundige ûntwikkeling fan 'e troep waard dêr opholden troch in rige drûchten en iere froastperioades, mar yn 1887 wûn de troep mei syn bringst prizen op 'e boeremerken fan Cannington en Carlyle. Yn 'e 1890-er jierren follen de leden fan 'e Pheasant Rump-troep harren ynkomsten oan mei houthakjen, frachtferfier en deihierarbeid.

Yn 1898 krige ynspekteur Alec McGibbon fan it Kanadeeske regear opdracht om 'e Pheasant Rump-troep safier te krijen dat se harren reservaat ûnder kêst 39 fan 'e Yndiaanske Wet opjaan soene, en nei jierren fan oantrúnjen lieten de leden fan 'e troep harren dêr yn 1901 ek wier-wier ta oerhelje. De troep sette him doe nei wenjen yn it reservaat fan 'e White Bear Earste Naasjes. Hoewol't yn 't foar in fergrutting fan it White Bear Earste Naasjes Reservaat 70 ûnthjitten wie, barde dat pas yn 1903, neidat de stammen der $1,23 de acre foar delteld hiene.

Yn 'e santiger jierren fan 'e tweintichste iuw sleepten de ôfstammelingen fan 'e oarspronklike Pheasant Rump-troep it Kanadeeske regear foar de rjochter oer de ûntnadering fan harren foarâlderlik reservaat sûnder dat dêrfoar finansjele kompinsaasje ûntfongen wie. Uteinlik late dat yn 1990 ta de weroprjochting fan 'e Pheasant Rump Nakota Earste Naasje, en yn 1992 fan harren eigen reservaat.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.